Springe nei ynhâld

Auke Bijlsma

Ut Wikipedy

Auke Bijlsma (Seisbierrum, 5 septimber 1946 - Amsterdam, 26 maart 2012) wie fan 1994 oant 2006 lid fan de gemeenteried fan Amsterdam foar de PvdA.

Bijlsma studearre biology yn Amsterdam. Iere jierren santich fersette er him tsjin de ferkearsplannen foar de Nieuwmarktbuurt dêre.

Yn 1994 waard er lid fan de Amsterdamske gemeenterie. Yn dy funksje wie Bijlsma yngeand belutsen by de beslútfoarming oangeande de Noard/Súdline. Yn it boek Het wonder van de Noord/Zuidlijn fan sjoernalist Bas Soetenhorst spilet Bijlsma in promininte rol. Lang om let stimde er wol mei foar de oanlis fan de Noard/Súdline.

Auke Bijlsma rekke wei op 26 maart 2012. Hy wie doe mei tolve jier it langst sittende riedslid yn Amsterdam.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.trouw.nl/tr/nl/4492/Nederland/article/detail/3231894/2012/03/27/Langstzittende-raadslid-Amsterdam-Auke-Bijlsma-overleden.dhtml