Springe nei ynhâld

Jack Talstra

Ut Wikipedy
Jacob Talstra
politikus
echte nammeJack Talstra
nasjonaliteit Kanadeesk
bertedatum10 maart 1946)
berteplakPeazens (Fryslân)
stjerdatum5 desimber 2014
stjerplakTerrace
etnisiteit Frysk
Boargemaster fan Terrace
amtsperioade19852008
foargonger?
opfolgerDave Pernarowski
Gemeenteriedslid fan Terrace
amtsperioade19761981

Jack Talstra (eins: Jacob Talstra; Peazens, 10 maart 1946Terrace, 5 desimber 2014) wie boargemaster fan Terrace, yn Britsk-Kolumbia. Hy kaam yn desimber 1985 ta syn amt. Nei de ferkiezings fan 2008 moast er novimber fan dat jier it fjild romje foar Dave Pernarowski. Yn 'e 23 jier dat er boargemaster fan Terrace wie, late er it plak út in djippen ekonomyske krisis nei nije woltier ta. Yn 2009 waard er ûnderskieden mei de Order of Terrace foar syn bydragen oan de pleatslike mienskip.

Talstra, dy't foar syn boargemasterskip fan 1976 oant 1981 ek al as gemeenteriedslid yn Terrace tsjinne, wie in soan fan Douwe (Donald) en Wietske (Winnie) Talstra. De húshâlding emigrearre juny 1949 nei Kanada, wêrnei't se har yn Houston en doe yn Telkwa nei wenjen setten, foar't se har úteinlik yn 1953 op in boerespultsje te Terrace fêstigen. Jack Talstra ferstoar op 5 desimber 2014, yn 'e âlderdom fan 68 jier.[1] Hy wie sûnt 1975 troud mei Hilda Talstra, en hie by syn ferstjerren fiif bern en acht pakesizzers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Former Terrace mayor Jack Talstra passes away