Springe nei ynhâld

Oerlis:Jack Talstra

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De Ingelsktalige Wikipedy hat it artikel skrast.

No, en? Dat hat mei de Frysk Wikipedy neat út te stean. Ieneach fan 'e Esk (talk) 21 feb 2015, 22.18 (CET)[beäntwurdzje]
It soe kinne dat it stik net doogde. Spitigernôch hawwe sy it net motivearre. Mar jo hingje noch al oer nei de Ingelsktalige W., dat sadwaande.... Drewes (talk) 21 feb 2015, 22.31 (CET)[beäntwurdzje]
Okee, dat is wier, ik stypje frij swier op 'e Ingelske W., mar it is dêr de lêste jierren wol wat in burokratyske beweging wurden, hear Drewes. Se hawwe no regels opsteld dêr't in artikel oan foldwaan moat om "Wikipedia-weardich" te wêzen. Dat it docht my alhiel gjin nij dat se Talstra der dêr útsmiten hawwe. Foar harren is it ek neat mear as in boargemaster fan in lyts plakje, lykas safolle oaren. Mar foar de Fryske Wikipedy komt dêrby dat er in Fries om utens is. Ik bin al siden tsjinkommen fan Friezen dy't as iennichste claim to fame hawwe dat se 25 jier dirigint by in pleatslik koar west hawwe, dat dan kin dizze der ek wol by, tinkt my. Hoe dan ek, de ynhâld doocht yn elts gefal, want dy haw ik ein desimber hielendal redigearre oan 'e hân fan it deaberjocht fan Talstra. (It kin fansels dat dy boarne net doogde, mar dat kin ik net beoardielje; we sille der mar fan útgean dat dat wol goed wie). Ieneach fan 'e Esk (talk) 21 feb 2015, 22.45 (CET)[beäntwurdzje]