Springe nei ynhâld

Della Warrior

Ut Wikipedy
Della Warrior
politikus
echte namme Della Cheryl Hopper Warrior
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 1946
berteplak Pawnee (Oklahoma)
etnisiteit Oto
foarsitter fan de Oto-Missoeria Stamme
amtsperioade 19891992

Della Warrior (folút: Della Cheryl Hopper Warrior; Pawnee (Oklahoma), 1946) is in Amerikaansk aktiviste en politika fan etnysk Oto-komôf. Hja wie de earste (en oant no ta iennichste) froulike foarsitter fan 'e federaal erkende Oto-Missoeria Stamme. Letter wie Warrior foarsitster fan it Ynstitút foar Amerikaanske Yndiaanske Keunsten (IAIA) en lid fan 'e ried fan bestjoer fan it Museum fan de Amerikaanske Yndiaan en it Smithsonian Ynstitút. Yn 2007 waard se opnommen yn 'e Oklahoma Women's Hall of Fame.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warrior waard yn 1946 as Della Cheryl Hopper berne yn Pawnee, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Hja brocht har iere jonkheid troch yn Red Rock mei har mem en styfheit, mar it gesin ferhuze noch alris, en sadwaande groeide Warrior op yn Shawnee, Tulsa, Oklahoma City, Enid, Ponca City, Dallas, Wichita en Los Angeles. Se begûn de middelbere skoalle yn Pawnee en feroare dêrnei elts jier trochinoar twa kear fan skoalle.

Nei't se slagge wie foar har eksamens, skreau Warrior har yn oan 'e Noardeastlike Steatsuniversiteit yn Tahlequah, mei de bedoeling om genêskunde te studearjen. De simmer foar't se oan har stúdzje begjinne soe, folge se lykwols in workshop oan 'e Universiteit fan Kolorado dy't yn har grutskens op en belangstelling foar har Yndiaansk komôf wekker makke. Dêrfandinne stapte se al rillegau oer nei in stúdzje sosjology.

Yn 1961 wie Warrior yn Gallup, yn Nij-Meksiko, ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC), in organisaasje dy't as doel hie om it aktivisme ûnder de Yndiaanske jongerein foarm te jaan en oan te fiterjen. Troch de NIYC kaam Warrior yn 'e kunde mei Clyde Warrior, ien fan 'e oare oprjochters, dat in lid fan 'e Ponka Stamme fan Oklahoma wie. Yn 1962 trouden se, en út harren houlik waarden twa dochters berne. Della Warrior studearre yn 1966 ôf mei in bachelortitel yn sosjology, en behelle yn 1971 dêropta noch in mastergraad yn 'e ûnderwiiskunde oan 'e Universiteit fan Harvard. Tsjin dy tiid wie hja al widdo, mei't Clyde Warrior yn 1968, doe't er noch mar 28 jier wie, kommen wie te ferstjerren.

Fuort nei't se yn 1971 har stúdzje ôfrûne hie, waard Warrior oansteld as direktrise fan it saneamde Head Start-programma fan 'e mienskiplike sosjale tsjinst fan seis countys yn Kansas. Dat wurk die se in stikmannich moannen, oant se ein 1971 direktrise fan 'e ôfdieling Yndiaansk Underwiis waard fan it skoaldistrikt fan Albuquerque, yn Nij-Meksiko. (Dat skoaldistrikt omfieme 117 ûnderskate skoallen mei rûchwei 3.300 Yndiaanske skoalbern.) Dy post behold se oant 1987, wêrnei't se weromkearde nei Oklahoma.

Fan 1989 oant 1992 wie Warrior de earste (en anno 2017 de iennichste) froulike foarsitter fan 'e federaal erkende Oto-Missoeria Stamme. Yn dy hoedanichheid hie se te krijen mei ynfrastruktuer, ferfier, miljeusaken, sûnenssoarch en iepenbiere feilichheid. Fan 1993 oant 1998 wie Warrior ôfdielingshaad by it Ynstitút fan Amerikaanske Yndiaanske Keunsten (IAIA), dêr't se fan 1998 oant 2006 de direktrise fan wie. Under har bestjoer waard der in permanint fêstigingsplak foar de ynstelling fûn nei't it IAIA him 38 jier lang behelpe moatten hie mei tydlike akkomodaasjes. Dêropta woeks yn har tiid de finansiering oan mei 300%. Warrior hat sûnt 2006 noch ferskate oare bestjoersfunksjes ferfolle; sa siet yn 'e ried fan bestjoer fan it Museum fan de Amerikaanske Yndiaan en it Smithsonian Ynstitút. Yn 2007 waard se opnommen yn 'e Oklahoma Women's Hall of Fame.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.