Gerlof Smit
Gerlof Smit (Haarlim, 30 desimber 1946 - Skingen, 13 febrewaris 2014)[1]wie in byldzjend keunstner út Skingen. Hy jout ek kursussen en ferkeapet materialen foar papierknippen. Syn oare wurk is designer foar bedriuwen en magazines.
Hy hat him talein op it fyn en ambachtlik knippen fan papier. Dêrby siket er altyd
nei nije mooglikheden. Net allinnich yn it platte flak mar ek trije diminsjonaal.
Hy begûn al hiel jong mei knippen. It knippen docht er sûnder detaillearre foartekeningen. Smit lit him ynspirearje troch wat er sjocht, waaiende wylgen, waskguod oan de line, kij, hynders en gers. Hy knipt net allinnich yn swart en wyt mar brûkt ek Euro's, Dollarbiljetten en bedrukt papier. Der binne frije opdrachten by, mar ek lânskippen en silhûetten. Sa hat Gerlof ris as in projekt alle ynwenners fan Skingen útknipt.
Meardere eksposysjes hied er al yn Fryslân, (Dekemastate) mar ek yn New York.
Mei N.C.R. Bogaart makke er it boek Het paard in vertellingen en knipsels, in blomlêzing fan Nederlânske en Flaamske mearkes, sêgen en legindes dêr't hynders in haadrol yn spylje.(Amsterdam, Ploegsma (1982)
-
Iedereen uit Schingen
-
The Dike
-
Earth
-
Pink
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |