Alexander Curly
Alexander Curly | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Alexander Curly yn 1981 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Harm Douwe Breemer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 augustus 1946 | |
berteplak | Haarlim | |
stoarn | 4 juny 2012 (65 jier) | |
stjerplak | Drachten | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk | |
grutste hit(s) | I'll Never Drink Again, Guus | |
jierren aktyf | oant 1990 |
Alexander Curly, pseudonym fan Harm Douwe Breemer (Haarlim, 14 augustus 1946 - Drachten, 4 juny 2012) wie in Nederlânske sjonger.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat er mei syn muzikale karriêre útein sette, wie Breemer steward by de KLM. Hy spile yn de jierren sechtich yn de Maestro's. Letter foarme er mei de gitarist fan dy band it duo Budhi. Yn 1972 gie er solo en bruts er troch mei de nûmer 1 - hit I'll Never Drink Again, nei 't er ûntdutsen waard troch Chiel Montagne yn dy syn telefyzjeprogramma Op losse groeven fan de TROS.
Surly's begeliedingsbân wie Unit Gloria. De plaat helle de nûmer 1-posysje fan sawol de Veronica Top 40 as de Hilversum 3 Top 30. Yn 1999 waard dit nûmer brûkt yn in kampanje tsjin drankmisbrûk.
Yn 1975 stie er opnij boppe-oan de hitlisten mei Guus (Guus, kom naar huus, want de koeien staan op springen). It Aggesus (wanneer ga je naar huus?) oer in messelûkende Turk, skoarde sa heech net en berikte in 12e plak. Yn 1976 ûntfong er de Sulveren Harp. Yn 1977 brocht er de plaat Zilverdael út, oer trollen, dwergen, elfen en Vendor, ynspirearre troch J.R.R. Tolkiens roman Master fan Alle Ringen.
Mei de plaat Hollanders skoarde er begjin 1981 syn lêste hit yn sawol de Nederlânske Top 40, de Nationale Hitparade as de TROS Top 50. Hoewol 't de plaat net in plak yn de top tsien helle, waard mei it Nederlânsk alvetal ek De Voetbalhit opnommen [1], in fuotbalferzje fan Hollanders, dy 't útwoeks ta ien fan syn bekendste platen. Ek wurke er begjin jierren tachtich mei oan it satiryske Veronica telefyzjeprogramma Hollanders en yn 1985 oan AVRO's Sterrenslag. Mids jierren 80, wilens yn it Drintske doarp Ruinerwold wenjend, luts Curly him werom út de muzyk. Wol brocht er yn 1990 noch in studio-album út mei de titel Aan U Het Oordeel.
Alexander Curly ferstoar op 4 juny 2012 oan de gefolgen fan prostaatkanker.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|