Arthur van Schendel
Arthur van Schendel | ||
skriuwer | ||
Dûbeltpertret, 1899 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 maart 1874 | |
berteplak | Batavia | |
stoarn | 11 septimber 1946 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
streaming | neoromantyk (iere perioade), realisme | |
bekendste wurk(en) |
Het fregatschip Johanna Maria | |
jierren aktyf | 1896-1946 |
Arthur François Emile van Schendel (Batavia (Nederlânsk-Ynje), 5 maart 1874 - Amsterdam, 11 septimber 1946) wie in Nederlânsk skriuwer. Ta syn ferneamdste wurken hearre Een zwerver verliefd, Het fregatschip Johanna Maria, Een Hollands drama en De wereld een dansfeest.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Schendel ferlear syn heit, luitenant-kolonel yn it Yndyske leger Charles George Henri François van Schendel, al op jonge jierren. Nei de hbs yn Amsterdam waard er ynearsten oplaat foar it toaniel, dêrnei foar it ûnderwiis. Hy wie dêrnei in skoft dosint yn Ingelân en learaar Ingelsk yn Nederlân. Nei in houlik fan trije jier ferlear Van Schendel syn earste frou; hy troude op 'en nij yn 1908, festige him as literator earst yn Ede en letter yn Sestri Levante, Italië, oant 1945.
Van Schendel bewûndere Gorter. Hy hie in protte freonen yn de literêre wrâld: njonken Gorter wiene dat ûnder oare Willem Witsen, Willem Kloos en Albert Verwey. Letter krige er kunde oan Jan Toorop en Aart van der Leeuw (mei wa't er wiidweiich briefke oer stylkwestjes), Henriette Roland Holst en har man Richard Roland Holst.
It falt op dat Van Schendel syn yn Italië spyljende romans yn Nederlân skreau en de harren yn Nederlân ôfspyljende romans yn Italië .
Yn 1938 waard Van Schendel troch trije heechleararen Nederlânske letterkunde - N.A. Donkersloot, P.N. van Eyck en C.G.N. de Vooys - offisjeel foardroegen foar de Nobelpriis foar de Literatuer.
Nei de befrijing fan Italië gong Van Schendel de strjitte op en krige dêr in harsensblieding. Fan dat stuit ôf wie er foar in part ferlamme. Hy waard nei Nederlân ferfierd, mar bleau omkwakkeljen mei syn sûnens en hy stoar yn 1946 yn Amsterdam.
Arthur van Schendel krige postúm de earste P.C. Hooftpriis (1947) takend foar syn proaza.
Syn soan, ek Arthur F.E. fan Schendel (1910-1979) hjitten, wie haaddirekteur fan it Ryksmuseum Amsterdam; syn pakesizzer, ek in Arthur fan Schendel, wie jierren oanien direkteur fan it Amsterdamske UitBuro en haad Kommunikaasje fan de gemeente Amsterdam.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1931 - C.W. van der Hoogtpriis foar Het fregatschip Johanna Maria
- 1933 - Tollenspriis foar it hiele oeuvre
- 1947 - P.C. Hooftpriis foar Het oude huis
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1896 - Drogon
- 1904 - Een zwerver verliefd
- 1907 - Een zwerver verdwaald
- 1908 - De schoone jacht
- 1910 - Shakespeare
- 1913 - De berg van droomen
- 1916 - De mensch van Nazareth
- 1919 - Pandorra
- 1921 - Der liefde bloesems
- 1922 - Rose Angélique, de droomers van de liefde
- 1923 - Angiolino en de lente
- 1923 - Blanke gestalten
- 1924 - Oude Italiaansche steden
- 1925 - Verdichtsel van zomerdagen
- 1926 - Verlaine
- 1927 - Maneschijn
- 1927 - Merona, een edelman
- 1928 - Fratilamur
- 1929 - Florentijnsche verhalen
- 1930 - Het fregatschip Johanna Maria (roman)
- 1931 - Een eiland in de Zuidzee
- 1932 - Jan Compagnie
- 1933 - De waterman
- 1934 - Herinneringen van een dommen jongen
- 1935 - Een Hollandsch drama
- 1936 - De rijke man
- 1936 - Avonturiers (ferhalebondel)
- 1937 - De grauwe vogels
- 1938 - De wereld een dansfeest
- 1938 - Nachtgedaanten
- 1939 - Anders en eender
- 1939 - De zeven tuinen (roman)
- 1940 - Mijnheer Oberon en Mevrouw
- 1941 - De menschenhater (roman)
- 1941 - De fat, de nimf en de nuf (ferhalebondel)
- 1942 - Een spel der natuur
- 1942 - De wedergeboorte van Bedelman (ferhalebondel)
- 1946 - De Nederlanden (gedicht)
- 1946 - Het oude huis (roman)
- 1948 - Voorbijgaande schaduwen
- 1976 - Verzameld werk (1976-1978, 1983)
Oer Arthur van Schendel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hans Anten, Wilbert Smulders, Joke van der Wiel, Nawoord. Yn: Hans Anten, Wilbert Smulders, Joke van der Wiel (ed.), Arthur van Schendel, Drie Hollandse romans. De waterman, Een Hollands drama, De grauwe vogels. Amsterdam, 2010, s. 495-552.
- Beschouwingen over Arthur van Schendel, Amsterdam, 1976 ISBN 90-290-0803-2
- Henk Buurman, Over Een Hollands drama van Arthur van Schendel, Amsterdam, 1979 ISBN 90-6287-874-1
- Henricus Petrus Antonius van Eijk, Mededelingsvormen bij Arthur van Schendel. Een stilistisch onderzoek, Assen, 1965 (proefskrift)
- G.H. 's-Gravesande, Arthur van Schendel. Zijn leven en werk, Amsterdam, 1949
- Jan Greshoff, Arthur van Schendel. Amsterdam, [1934]
- F.W. van Heerikhuizen, Arthur van Schendel. Pessimist tegen wil en dank, Leien, 1969
- Frederik Wilhelm van Heerikhuizen, Het werk van Arthur van Schendel. Achtergronden, karakter en ontwikkeling, Amsterdam, 1961 (proefskrift)
- R. Pulinckx, Arthur van Schendel. Zijn werk en zijn beteekenis, Diest, 1944
- L. Turksma, Het goede leven. Het werk van Arthur van Schendel. Een nieuwe analyse met samenvattingen van de inhoud en commentaren, Amersfoart, 1987
- Sonja Vanderlinden, De dansende burger. A. van Schendels sociale visie, Louvain-la-Neuve, 1980 (proefskrift)
- Charles Vergeer, Arthur van Schendel, De Haach, 1983 ISBN 90-6291-144-7
- Charles Vergeer, Gewezen en gemaskerd. Over de jonge Arthur van Schendel, Leien, 1988 ISBN 90-6412-071-4