Springe nei ynhâld

Tollenspriis

Ut Wikipedy

De Tollenspriis is in fiifjierlikse priis bedoeld om in foaroansteand letterkundige te earjen. De priis wurdt takend foar in oeuvre dat neffens de sjury yn de fiif lêste jierren de heechste literêre wearde hie.

De priis, yn 1902 ynsteld troch it bestjoer fan it Tollensfûns, waard yn it earstoan 'gratifikaasje' neamd en hjit sûnt 1925 de Tollenspriis. De priis is ferneamd nei de dichter Hendrik Tollens (1780-1856).