Springe nei ynhâld

Aart van der Leeuw

Ut Wikipedy
Aart van der Leeuw (1899)

Aart van der Leeuw (Delft, 23 juny 1876Foarburch, 17 april 1931) wie in Nederlânsk proazaskriuwer en dichter.

Syn oeuvre waard net sa grut, mar syn roman Ik en mijn speelman út 1927 en De kleine Rudolf út 1930 wurde sjoen as klassikers fan de 20e-iuwske Nederlânske letterkunde. Wat de poëzy oanbelanget hat er him talein op it proazagedicht. Syn letterkundich ynsjoch feroare yngreven. Fan in fûleindich folger fan de Tachtigers, dêr't er benammen de stimmingskeunst fan bewûndere hie, waard syn skriuwen mear in foarmjouwing fan besonken gefoelens. It brocht him úteinlik by De Beweging fan Albert Verwey, wêryn't er benammen publisearje soe.

Hy wie in soan fan Adriaan van der Leeuw, gruthanneler yn bûter, en Johanna Sophia Cornelia de Fremerij. Van der Leeuw folge it gymnasium yn Delft, dat er mei lijen en wereksamens yn 1898 wist te heljen. Doe gie er foar stúdzje Rjocht nei de Universiteit fan Amsterdam. De kar foar dy stúdzje hat er foaral makke fanwegen it maatskiplik foarútsjoch en om't it in betreklik koarte stúdzje wie. Nei in promoasje wurke er in skoftsje op it gemeente-argyf fan Delft, en doe as chef de bureau by de 'Libbensfersekeringsmaatskippij Dordrecht' (1903). Yn datselde jier boaske er op 1 oktober mei syn eardere skoalfreondinne Antonia Johanna Kipp. Sy krigen gjin bern.

Van der Leeuw mocht net oer it wurk by de Dordtske fersekeringsmaatskippij. De lange wurkdagen en in ferplichte jûnsstúdzje boekhâlden, lieten him net folle tiid en romte foar syn kreative driuw. Syn swakke sûnens joech er as motyf foar it ûntslach nimmen yn 1907. Troch it ferstjerren fan syn skoanâlden krige er yn beskieden erfenis, mar it wie krekt genôch om selsstannich troch de tiid te kommen. Dêrnei sette it pear har yn Foarburch ta wenjen, dêr't Aart him dwaande hâlde mei fioelespyljen en de skriuwerij. Yn 1928 waard him de Van der Hoogtpriis takend troch de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde te Leien.

Van der Leeuw waard pleage troch wurdblinens, en in stadichoan tanimmende dôvens. Beide oandwanings hawwe harres dien ta de swierrichheden dy't er ûnderfûn by syn oplieding en wurk.

  • Sint Veit (1908)
  • Liederen en balladen (1911)
  • Kinderland (1914)
  • Herscheppingen (1916)
  • Sint-Veit en andere vertellingen (1919)
  • De mythe van een jeugd (1921)
  • Opvluchten (1922)
  • De gezegenden (1923)
  • Vluchtige begroetingen (1925)
  • De zwerftochten van Odysseus (1926)
  • Het aardsche paradijs (1927)
  • Ik en mijn speelman (1927)
  • De kleine Rudolf (1930)
  • De opdracht (1930)
  • Verspreid proza neilitten troch Aart van der Leeuw (1932)
  • Die van hun leven vertelden (1934)
  • Vertellingen (1935)
  • Monumenten van schoonheid en bezinning (1947)
  • Verzamelde gedichten (1950)
  • De briefwisseling tussen P.N. van Eyck en Aart van der Leeuw, besoarge troch Piet Delen (1973)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: