Willem Witsen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Willem Witsen, selsportret (1893)

Willem Arnoldus Witsen (Amsterdam, 13 augustus 1860 - dêre, 13 april 1923) wie in Nederlânske keunstskilder, fotograaf en etser. Hy kaam út in begoedige famylje, dêr't ek de 17e iuwske reginten Cornelis Jan Witsen en syn soan Nicolaes Witsen ta hearden.

Witsen, dy't beynfloede waard troch de Amerikaanske skilder James MacNeill Whistler, portrettearre faak sawol rêstige stedsgesichten as agraryske taferelen. Hy makke ek portretten en foto's fan foaroansteande figueren út de Amsterdamske keunstwrâld. Hy wurdt rekkene ta de Amsterdamske ympresjonisten.

Witsen studearre oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en yn Antwerpen.

Famyljedrama[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1889 die Willem Witsen syn suster, de sjongster Anna Witsen, har tekoart. Sy fersûpte yn de fiver fan de bûtenpleats fan de famylje, de Ewijckshoeve. Herman Gorter hellet dat barren oan yn syn gedicht in de zwarte nacht is een mensch aangetreden dat opnaam is yn syn bondel 'Verzen' (1890).

Fotografy en brieven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Witsen syn orizjinele foto's litte syn ûnderfining as etser sjen troch syn omtinken foar perspektyf, komposysje en yt wurkjen yn nuânses fan swart en wyt.
  • Witsens korrespondinsje dy't sawol fan literêr as keunsthistoarysk belang is, is te lêzen op de side fan de DBNL.[1].

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: