Springe nei ynhâld

Ruth Fuchs

Ut Wikipedy
Ruth Fuchs
sporter
Ruth Fuchs (1980)
Ruth Fuchs (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ruth Fuchs
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 14 desimber 1946
berteplak Egeln
stjerdatum 20 septimber 2023
stjerplak Jena
lingte 1.69 m
gewicht 71 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Spearwerpen
O.S. München 1972
Montreal 1976
Moskou 1980
debút 1967
karriêre-ein 1980
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 1972, 1976
2x goud EK 1974, 1978
1x brûns EK 1971
Ruth Fuchs
politikus
Ruth Fuchs (1990)
Ruth Fuchs (1990)
partij Partei des Demokratischen Sozialismus

Ruth Fuchs (Egeln, 14 desimber 1946 - Jena, 20 septimber 2023) wie in Dútsk atlete en politika, dy't wilens har sportkarriêre útkaam foar it doetiidske East-Dútslân.

Fuchs die trije kear mei oan de Europeeske kampioenskippen, en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1972, 1976 en 1980). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioene, en Olympysk kampioene. Nei de Olympyske Simmerspullen fan 1980 beëinige Fuchs har karriêre as atlete. Yn 1994 joech se ta by har karriêre doping brûkt te hawwen.

Ofstân (m) Datum Plak
65,06 11 juny 1972 Potsdam
66,11 7 septimber 1973 Edinburgh
67,22 3 oktober 1974 Rome
69,12 10 july 1976 Berlyn
69,52 13 juny 1979 Dresden
69,96 29 april 1980 Split

Nei har sportkarriêre gie Ruth Fuchs yn de polityk. Fan 18 maart 1990 oant de Dútske wereniging op 3 oktober 1990 wie hja lid fan it parlemint de Volkskammer foar de Partei des Demokratischen Sozialismus (PDS), de fuortsetting fan de kommunistyske partij fan de DDR, de SED. Nei de Dútske wereniging wie se lid fan de Bundestag, ek foar de PDS en lid fan it Thüringer Landtags yn Tueringen. Yn 2009 stelde sy har net mear kandidaat foar de Landtags ferkiezingen.

Ruth Fuchs ferstoar op 20 septimber 2023, yn 'e âldens fan 76 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE