Springe nei ynhâld

Charles Dance

Ut Wikipedy
Charles Dance
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWalter Charles Dance
nasjonaliteit Britsk
berne10 oktober 1946
berteplakRednal (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Waalsk
jierren aktyf1971 – no
prizen2 × SAG Award
offisjele webside
Charles Dance yn 'e IMDb

Charles Dance (folút: Walter Charles Dance; Rednal, 10 oktober 1946) is in Ingelsk akteur, senarioskriuwer en regisseur. As akteur wurdt er benammen cast yn 'e rol fan smjunten. Hy is it bekendst wurden as Jonathan Clemens yn Alien 3, Benedict yn Last Action Hero, Lord Havelock Vetinari yn Terry Pratchett's Going Postal, Tywin Lannister yn Game of Thrones, kening Karel II fan Ingelân yn 'e Nederlânske histoaryske film Michiel de Ruyter en lord Mountbatten yn 'e dramasearje The Crown.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dance waard yn 1946 berne yn Rednal, yn it Ingelske greefskip West-Midlannen, as de soan fan Walter Dance (1874-1949), in elektrisiên dy't ûnder de Twadde Boere-oarloch yn Súd-Afrika tsjin 'e Afrikaners fochten hie, en dy syn frou Eleanor Marion Perks, in kokkinne. Dance groeide op yn Plymouth, oan 'e Ingelske súdkust, en genoat middelber ûnderwiis yn Crownhill oan 'e jongesskoalle Widey Technical School for Boys (dy't by de sluting yn 1988 de Widey High School hiet). Neitiid learde er troch oan it Leicester College of Arts (no de De Montfort Universiteit) yn Leicester, dêr't er grafysk ûntwerpen en fotografy studearre.

Dance syn heit kaam te ferstjerren doe't er sels noch mar trije jier âld wie. Hy hie altyd miend dat syn heit doe fyftich jier of justjes âlder west hie, mar yn 2016, doe't er mei die oan it geneälogysk tillefyzjeprogramma fan 'e BBC Who Do You Think You Are?, ûntdiek er dat syn heit eins berne wie yn 1874. De man wie dus 72 jier doe't Dance berne waard en 75 doe't er stoar. Dance kaam doe ek te witten dat syn heit in earder gesin hân hie, en dat er yn Súd-Afrika noch omkesizzers hie. Fierders krige er te hearren dat er fia syn mem Waalske foarâlden hat, dy't oarspronklik út Spa kamen. Syn foarfaar Charles François Futvoye (1777-1847) wie nei Ingelân ta emigrearre, dêr't er him yn 'e iere njoggentjinde iuw ûntjoech ta in pionier op it mêd fan japannisearjen, in Jeropeeske imitaasje fan Eastaziatysk lakwurk.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn stúdzje yn Leicester ôfrûne hie, sette Dance útein mei in wurkpaad as akteur, wêrby't er yn 't earstoan benammen op 'e planken stie. Fan 'e midden oant de ein fan 'e 1970-er jierren wied er lid fan 'e Royal Shakespeare Company (RSC), ien fan 'e meast foaroansteande toanielselskippen fan it Feriene Keninkryk. Hy wie yn dy snuorje belutsen by in grut tal produksjes fan 'e RSC yn sawol Londen as Stratford-upon-Avon, it berteplak fan Shakespeare. Dêrby spile er û.m. Fortinbras yn Hamlet, Catesby yn Richard III, kening Hindrik V fan Ingelân yn Hindrik V, prins Jan fan Lancaster yn Hindrik IV, Diel 1 en Hindrik IV, Diel 2, en Oliver yn Nei Jim Beleavjen.

Ein 1980-er jierren kearde Dance werom nei de RSC om yn in produksje fan it stik Koriolanus de titelrol te fertolkjen by optredens yn Londen, Stratford-upon-Avon en Newcastle-upon-Tyne. Yn 2007 spile Dance fierders yn in revival fan it stik Shadowlands, fan William Nicholson, de rol fan 'e skriuwer C.S. Lewis. Dêrfoar waard him fan alle kanten ôf lof taswaaid, en hy ûntfong der de Critic's Circle Theatre Award foar yn 'e kategory bêste akteur.

Yn 1974 wie Dance foar it earst op 'e tillefyzje te sjen, yn 'e ôflevering The Secret Garden fan 'e searje Father Brown, yn 'e rol fan kommandant Neil O'Brien. In jier letter wied er yn 'e dramasearje Edward the Seventh te sjen as prins Albert Fiktor, hartoch fan Clarence en Avondale, de slampamperjende soan fan kening Edwert VII. By it Britske tillefyzjepublyk waard Dance lykwols pas bekend doe't er yn 1984 de haadrol fan Guy Perron krige yn 'e searje The Jewel in the Crown, in adaptaasje fan 'e romanrige fan Paul Scott, dêr't ek Geraldine James en Art Malik bekend troch waarden. Yn 1989 spile Dance Ian Fleming, de geastlike heit fan geheim agint James Bond, yn 'e dramatisearre twadielige biografyske minysearje Goldeneye, dy't ferneamd wie nei Fleming syn lângoed op Jamaika (letter ek de namme fan in James Bond-film).

Op 'e tillefyzje spile Dance fierders yn searjes as Murder Rooms, Randall and Hopkirk (Deceased), Rebecca en Fingersmith. Yn 1990 hied er de titelrol yn in tillefyzje-adaptaasje fan 'e musical The Phantom of the Opera, en yn 2000 spile er de Britske steatsman Winston Churchill yn The History of Britain. Ek fertolke er de rol fan 'e nazy-propagandist Guy Spencer yn in ôflevering fan 'e searje Foyle's War, yn 2002, en de hartoch fan Buckingham yn 'e tillefyzjefilm Henry VIII, yn 2003. Foar syn rol yn 'e dramarige Bleak House, út 2005, waard er nominearre foar in Amerikaanske Emmy Award yn 'e kategory bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm.

Yn 2009 hie Dance in weromkearende rol as dokter Edmund Maltraver yn acht ôfleverings fan 'e ITV-rige Trinity, en yn it jiers dêrop spile er Lord Havelock Vetinari yn twa ôfleverings fan 'e tillefyzjeferfilming fan 'e komyske fantasyroman Going Postal, fan Terry Pratchett. Fan 2011 oant en mei 2015 wie Dance fierders te sjen yn 'e populêre Amerikaanske fantasysearje Game of Thrones, nei de ferneamde romanrige fan George R.R. Martin. Hy spile dêryn de ûnmeilydsume ealman Tywin Lannister, in rol dy't treflik by Dance paste, mei't er sa stadichoan benammen frege waard foar de rol fan antagonisten. As Tywin Lannister krige er foar it earst ek bûten it Feriene Keninkryk bekendheid.

Yn 2012 hie Dance de rol fan 'e wichtichste antagonist, Conrad Knox, yn 'e aksjesearje Strike Back: Vengeance. Yn 2014 wie Dance te sjen as Lord Denton yn 'e minysearje The Great Fire, oer de Grutte Brân fan Londen yn 1666, en yn 2015 as generaal Ian Standish Monteith Hamilton yn Deadline Gallipoli, oer de tige bloedige Slach om Gallipoli, yn 'e Earste Wrâldoarloch. Ek yn 2015 spile er rjochter Lawrence Wargrave yn 'e minysearje And Then There Were None, basearre op in roman fan Agatha Christie. Dance fertolke yn it trêde en fjirde seizoen (2019-2020) fan 'e dramarige The Crown, oer de Britske monargy, de rol fan lord Louis Mountbatten, 1e greve Mountbatten fan Birma, in neef fan keninginne Elizabeth II en de lêste ûnderkening fan Britsk-Ynje. Foar dy rol waard er nominearre foar de Emmy Award foar bêste gastrol yn in dramasearje.

Op it wite doek makke Dance syn debút yn 1981 yn 'e James Bond-film For Your Eyes Only, as de boasaardige trewant Claus. Yn 1987 spile er yn it filmdrama White Mischief, oer it koloniale ferline fan 'e Britten yn Kenia, en yn 1992 hied er de rol fan 'e finzenisdokter Jonathan Clemens yn 'e Amerikaanske science fiction-film Alien 3, mei Sigourney Weaver yn 'e haadrol. It jiers dêrop hied er op 'e nij in smjunterol as de snoade hiermoardner Benedict, yn Last Action Hero, mei Arnold Schwarzenegger yn 'e haadrol. Dance spile yn 'e 1990-er jierren fierders yn films as de science fictionkomeedzje Space Truckers (1996), de biografyske film Michael Collins (1996), it eroatysk drama The Blood Oranges (1997) en it leafdesdrama Don't Go Breaking My Heart (1998).

Nei de iuwwiksel wied er te sjen yn films as Gosford Park (2001), The Life and Adventures of Nicholas Nickleby (2001), Ali G Indahouse (2002), Swimming Pool (2003), Scoop (2006) en de ridderfilm Ironclad (2011). Hy spile kening Tallious yn Your Highness (2011), William Methwold yn Midnight's Children (2012) en Thomas yn 'e fampierefilm Underworld: Awakening (2012). As stimakteur wie Dance belutsen by de tekenfilm Justin and the Knights of Valour (2013). Datselde jiers spile er Lord Dudley yn 'e Russyske film Vij, fan regisseur Oleg Steptsjenko. Ek wied er te sjen as in masterfampier yn Dracula Untold (2014), as kaptein-luitenant-op-see Alastair Denniston yn The Imitation Game (2014) en yn 'e titelrol yn Victor Frankenstein (2015).

Yn 2015 hie Dance wer de rol fan 'e antagonist doe't er kening Karel II fan Ingelân spile yn 'e Nederlânske histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de 17e-iuwske seeheld mei deselde namme (spile troch Frank Lammers). Regisseur Roel Reiné en filmprodusint Klaas de Jong hiene Dance foar dy rol cast om't se foar harren film in akteur fan ynternasjonale alluere sochten. Yn 2016 wie Dance te sjen yn films as it bizarre komeedzjehorror-kostúmdrama Pride and Prejudice and Zombies, de romantyske dramafilm Me Before You, de remake fan Ghostbusters, de spionaazjeskriller Despite the Falling Snow en de fampierefilm Underworld: Blood Wars.

Yn 2018 spile Dance nochris Lord Dudley yn 'e Russyske film Vij 2: Journey to China. Datselde jiers hied er in cameo yn 'e spionaazjekomeedzje Johnny English Strikes Again. Yn 2019 wied er te sjen yn 'e meunsterfilm Godzilla: King of Monsters. Dance spile yn 2020 yn 'e film Mank de Amerikaanske krantemagnaat William Randolph Hearst, wêrby't er Gary Oldman en Amanda Seyfried as tsjinspilers hie. It jiers dêrop fertolke er de rol fan 'e Britske generaal en minister Herbert Kitchener, 1e greve Kitchener yn 'e histoaryske spionaazjefilm The King's Man.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 regissearre Dance foar it earst sels in film, te witten: Ladies in Lavender, mei yn 'e haadrollen Judi Dench en Maggie Smith. Hy hie foar dy film ek sels it senario skreaun. Yn 2009 regisearre er, op 'e nij op basis fan in eigen senario, The Inn at the Edge of the World, nei de roman mei deselde namme fan Alice Thomas Ellis.

Dance troude yn 1970 mei Joanna Haythorn, mei wa't er twa bern krige. Harren houlik einige yn 2004 yn in skieding. Neitiid hied er in skoft in relaasje mei Eleanor Boorman, mei wa't er in dochter krige. Op 17 juny 2006 waard Dance beneamd ta ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE).

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1974Father Brownkommandant Neil O'Briengastrol; ôfl. The Secret Garden
1974The InheritorsSimon Leadbettergastrol; ôfl. Fathers and Sons
1975Edward the Seventhprins Albert Fiktor, hartoch fan Clarence en Avondaleweromkearende rol; 2 ôfl.
1977RafflesTeddy Garlandgastrol; ôfl. Mr. Justice Raffles
1980Play for TodayColingastrol; ôfl. Dreams of Leaving
1982Nancy AstorEdward Hartford-Jonesgastrol; ôfl. Guest for the Weekend
1983The ProfessionalsParkergastrol; ôfl. The Ojuka Situation
1983The Last DayAlantillefyzjefilm
1984Play for Todaykaptein John Trumangastrol; ôfl. Rainy Day Women
1984The Jewel in the CrownGuy Perronweromkearende rol; 5 ôfl.
nom. BAFTA TV Award foar bêste akteur
1984The Secret ServantHarry Maximminysearje
1985Time for MurderJames Latimergastrol; ôfl. This Lightning Always Strikes Twice
1987Out on a Limbkaptein Trumanweromkearende rol; 2 ôfl.
1987Tales of the UnexpectedRobert Smythegastrol; ôfl. Skeleton in the Cupboard
1988First BornEdward Foresterweromkearende rol; 3 ôfl.
1988Out of the ShadowsMichael Haydentillefyzjefilm
1989Goldeneye: The Secret Life of Ian FlemingIan Fleminghaadrol; 2 ôfl.
1989Mission: Impossiblepremier fan it Feriene Keninkrykgastrol; ôfl. Command Performance
1990The Phantom of the OperaErik / it spûkminysearje
1996UndertowLyle Yatestillefyzjefilm
1997RebeccaMaxim de Winterweromkearende rol; 2 ôfl.
1997In the Presence of Mine Enemieskaptein Richtertillefyzjefilm
1999Chrono-PerambulatorJames "Dougie" Douglastillefyzjespecial
2000The Real Spartacusfertellerdokumintêre
2000Mysteries of the Real Sherlock Holmessir Henry Carlylegastrol; ôfl. The Dark Beginnings of Sherlock Holmes
2000A History of Britainpremier Winston Churchillas stimakteur; gastrol; ôfl. The Two Winstons
2000Randall & Hopkirk (Deceased)Kenneth Crisbygastrol; ôfl. Drop Dead
2001The Life and Adventures of Nicholas Nickleby  Ralph Nicklebytillefyzjefilm
2002Foyle's WarGuy Spencergastrol; ôfl. The White Feather
2002Dan Dare: Pilot of the Futurekolonel Simon Laskeras stimakteur; gastrol; ôfl. Pilot of the Future
2003Henry VIIIEdwert Stafford, 3e hartoch fan Buckinghamtillefyzjefilm
2003Trial and RetributionGreg Harwoodtillefyzjefilm
2003Looking for VictoriaCharles Grevilletillefyzjefilm
2004When Hitler Invaded Britainfertellerdokumintêre
2004Saint John Bosco: Mission to Lovemarkys Clementitillefyzjefilm
2005Fingersmithdhr. Lillyweromkearende rol; 2 ôfl.
2005Bleak HouseTulkinghornweromkearende rol; 12 ôfl.
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2005To the Ends of the Earthsir Henry Somersetgastrol; ôfl. Close Quarters
2005Last RightsRichard Wheelerweromkearende rol; 3 ôfl.
2005Titanic: Birth of a Legendfertellerdokumintêre
2006Marple: By the Pricking of My ThumbsSeptimus Blighgastrol; ôfl. By the Pricking of My Thumbs
2007Fallen AngelDavid Byfieldweromkearende rol; 3 ôfl.
2007Consenting AdultsJohn Wolfendentillefyzjefilm
2009MerlinArediangastrol; ôfl. The Witchfinder
2009Trinitydokter Edmund Maltraversweromkearende rol; 8 ôfl.
2010Going PostalHavelock Vetinariweromkearende rol; 2 ôfl.
2010–2011Rosamunde Pilcher's Shades of LoveEdmund Airdweromkearende rol; 4 ôfl.
2011Neverlanddr. Richard Fluddgastrol; ôfl. Part 1
2011–2015Game of ThronesTywin Lannisterfêste rol; 27 ôfl.
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2014 en 2015)
2012Secret StateJohn Hodderweromkearende rol; 4 ôfl.
2012Strike Back: VengeanceConrad Knoxweromkearende rol; 10 ôfl.
2013Bones of the Buddhafertellerdokumintêre
2014The Great Firelord Dentonweromkearende rol; 4 ôfl.
2015Childhood's EndKarellenweromkearende rol; 3 ôfl.
2015Deadline Gallipoligeneraal Ian Standish Monteith Hamiltonweromkearende rol; 2 ôfl.
2015And Then There Were Nonerjochter Lawrence Wargraveminysearje
2018The Woman in WhiteFredrick Fairlieweromkearende rol; 4 ôfl.
2918Hang UpsJeremy Pittweromkearende rol; 4 ôfl.
2018The Little Drummer Girlluitenant-kolonel Pictonweromkearende rol; 2 ôfl.
2019The WidowMartin Bensonweromkearende rol; 7 ôfl.
2019–2020The Crownlord Louis Mountbatten, 1e greve Mountbatten fan Birma  weromkearende rol; (seizoen 3–4); 5 ôfl.
Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje
nom. Emmy Award foar bêste gastrol yn in dramasearje
2020The Singapore GripWebbgastrol; ôfl. Singapore for Beginners
2020–2022Rise of Empires: Ottomanfertellerdokumintêre; 12 ôfl.
2022The SandmanRoderick Burgessgastrol; 1 ôfl.
2022The Serpent Queenpaus Klemins VIIweromkearende rol; 2 ôfl.
2022This EnglandMax Hastingsgastrol; 1 ôfl.
films
1981For Your Eyes OnlyClaus
1985PlentyRaymond Brock
1986The Golden ChildSardo Numspa
1987White MischiefJosslyn Hay
1987Good Morning, BabylonD.W. Griffith
1987Hidden CityJames Richards
1988Pascali's IslandAnthony Bowles
1992Alien 3Clemens
1992Kalksteinlânmjitter
1993Last Action HeroBenedict
1993Centuryprofessor Mandry
1994China MoonRupert Munro
1994KabloonakRobert J. Flaherty
1994Shortcut to ParadiseQuinn
1995The Surgeondokter Ed Mittlesbay
1996Space TruckersNabel / Macanudo
1996Michael CollinsSoames
1997The Blood OrangesCyril
1998What Rats Won't DoGerald
1998Hilary and JackieDerek Du Pré
1999Don't Go Breaking My HeartFrank
2001Gosford ParkRaymond StockbridgeScreen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
Critics' Choice Award foar bêste cast
2001Jurijheit fan Jurij
2001 Dark Blue Worldluitenant-kolonel Bentley
2002Black and WhiteRoderic Chamberlain
2002Ali G IndahouseDavid Carlton
2003Swimming PoolJohn Bosload
2003LabyrinthCharles Lushington
2003City and CrimesCox William
2003Ladies in Lavendern.f.t.regisseur, senarioskriuwer en útfierend produsint
2006Dollsvoice-overkoarte film
2006ScoopMalcolm
2006Twice Upon a Timeseremoanjemaster
2006Starter for 10Michael Harbinson
2007The Contractorresjersjeur Andrew Windsordirekt-op-fideo útbrocht
2007Interventionprivee-detektive
2010Paris ConnectionsAleksandr Borinski
2010The Commuteroerstekhelpkoarte film
2011Ironcladaartsbiskop Stephen Langton
2011Your Highnesskening Tallious
2011There Be Dragonsmonsênjeur Solano
2012Midnight's ChildrenWilliam Methwold
2012Underworld: AwakeningThomas
2012St George's DayTrenchard
2013Patrickdokter Roget
2013Justin and the Knights of ValourLegantiras stimakteur
2014Vij lord Dudley
2014Dracula Untoldmasterfampier
2014The Imitation Gamekaptein-luitenant-op-see Alastair Dennistonnom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
2015Victor FrankensteinVictor Frankenstein
2015Michiel de Ruyterkening Karel II fan Ingelân
2015Woman in GoldSherman
2015Child 44majoar Gratsjev
2016Pride and Prejudice and ZombiesBennet
2016Me Before YouStephen Traynor
2016Ghostbustersdr. Harold Filmore
2016Despite the Falling Snowde âlde Alexander
2016Underworld: Blood WarsThomas
2017EuphoriaDaren
2017That Good Nightde Besiker
2018Johnny English Strikes Againgeheim agint 7cameo
2018Happy New Year, Colin BursteadBertie
2019Godzilla: King of the MonstersAlan Jonah
2019Vij 2 lord Dudley
2019Fanny Lye Deliver'dJohn Lye
2020The Book of VisionJohan Anmuth
2020MankWilliam Randolph Hearst
2021The King's ManHerbert Kitchener, 1e greve Kitchener
2022Against the IceNiels Neergaard
2022Lancasterferteller
2022The Hanging SunJacob
fideospultsjes
2015The Witcher 3: Wild Huntkeizer Emhyr var Emreisas stimakteur yn 'e Ingelsktalige neisyngronisearring
2018Call of Duty: Black Ops 4Godfrey de butleras stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.