Springe nei ynhâld

Ghostbusters (film út 2016)

Ut Wikipedy
Ghostbusters
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Feig
produsint Ivan Reitman
Amy Pascal
senario Katie Dippold
Paul Feig
basearre op de film út 1984
kamerarezjy Robert Yeoman
muzyk Theodore Shapiro
filmstudio Columbia Pictures
Village Roadshow Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Kristen Wiig
Melissa McCarthy
Kate McKinnon
byrollen Leslie Jones
Chris Hemsworth
Neil Casey
Andy Garcia
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 july 2016
foarm langspylfilm
sjenre horrorkomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $144 miljoen
opbringst $229,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Ghostbusters
● foarich diel Ghostbusters II
● folgjend diel Ghostbusters: Afterlife

Ghostbusters, letter op thúsmedia útbrocht as Ghostbusters: Answer the Call, is in Amerikaanske horror- of fantasykomeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Paul Feig, mei yn 'e haadrollen Kristen Wiig, Melissa McCarthy en Kate McKinnon. De titel betsjut "Spûkefangers". It is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1984, mar dan mei froulju yn 'e haadrollen ynstee fan manlju. Ghostbusters wie bedoeld as in reboot fan 'e Ghostbusters-franchise. It ferhaal giet oer inkele froulike wittenskippers, dy't ûntdekke dat yn New York de ferskining fan spûken keunstmjittich opwekke wurdt troch in psychopaat dy't in trochgong forsearje wol tusken de geaste- en de minskewrâld.

Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters oer it algemien positive resinsjes, mar de fans fan 'e oarspronklike film moasten der neat fan hawwe. Yn it ramt fan 'e oangeande kultueroarloggen yn 'e Feriene Steaten waard it feroarjen fan it geslacht fan 'e haadpersoanen troch in protte lju beskôge as in soarte fan links komplot, wat foar grutte kontroverse op 'e sosjale media soarge. Yn 'e bioskopen die Ghostbusters it mei in opbringst fan $229 miljoen hiel ridlik, mar omreden fan 'e ûnbidige marketingkosten kamen de belutsen filmstudio's net út 'e kosten en moat de film as in flop beskôge wurde. De plande ferfolchfilms kamen der dan ek net. Yn 2021 waard as folgjende film út 'e franchise Ghostbusters: Afterlife útbrocht, in direkt ferfolch op Ghostbusters út 1984 en Ghostbusters II út 1989. Dêrmei waard de nije Ghostbusters fan 2016 retcond.

Erin Gilbert en Abby Yates binne natuerkundigen dy't opgroeid binne as inoars bêste freondinnen. Se hawwe tegearre it non-fiksjeboek Ghosts from Our Past skreaun, wêryn't se ôfrekkenen mei net inkeld figuerlike, mar ek mei echte geasten út harren ferline. It boek is nea útjûn, en Erin, dy't in karriêre as dosinte oan 'e Columbia Universiteit yn New York neistribbet, hat der letter ôfstân fan nommen om't it troch serieuze wittenskippers net akseptearre wurde soe. Abby set har ûndersyk nei it boppenatuerlike lykwols fuort oan it suterige Kenneth P. Higgins Institute of Science mei in nije partner, natuerkundich yngenieur Jillian Holtzmann.

Erin en Abby komme foar it earst yn jierren wer byinoar as Erin op har wurk besite kriget fan Ed Mulgrave jr., de konservator fan 'e Aldridge Mansion, in filla dy't foarhinne de residinsje wie fan 'e smoarrike famylje Aldridge en no in museum is. De man seit dat it dêr spûket, en freget Erin om help. As sy witte wol hoe't er derby komt dat sy helpe kin, lit er har in eksimplaar fan Ghosts from Our Past sjen, dat Abby efter Erin har rêch om dochs útjûn hat. Poerlulk spoart Erin Abby op om ferhaal te heljen, mar Abby is sels ek lulk op Erin om't dy har, foar har gefoel, yn 'e steek litten hat. Uteinlik seit Abby ta om tydlik de ferkeap fan it boek stil te lizzen oant de Columbia Universiteit in beslút nommen hat oer de fraach oft Erin dêr in fêste oanstelling krije sil of net.

As Erin yn it petear Ed Mulgrave en de Aldridge Mansion neamt, sette Abby en Jillian dêr daliks hinne. Se nimme Erin op sleeptou om't se ferlet fan har hawwe om harren te yntrodusearjen by Mulgrave. As it trio de Aldridge Mansion yn giet, treffe se dêr yndie in boasaardich spûk dat Erin ûnder it ektoplasma koarret foar't it ûntsnapt. It barren soarget dat Erin wer yn it boppenatuerlike begjin te leauwen en dat it op it persoanlike flak tusken Erin en Abby wer goedkomt. Jillian hat de hiele konfrontaasje filme en upload it resultaat nei it ynternet. As de fideo viral giet, komt dy ek dr. Harold Filmore ûnder eagen, de dekaan fan 'e Columbia Universiteit. It gefolch is dat Erin net inkeld fluitsje kin nei har fêste oanstelling, mar sels ûntslein wurdt, om't de universiteit neat te krijen hawwe wol mei sjarlatans dy't it boppenatuerlike ûndersykje.

Erin jout har by Abby en Jillian, mar as dy beiden de dekaan fan it Higgins Ynstitút freegje om Erin as fersterking foar harren ôfdieling oan te nimmen, antwurdet dyselde dat er eins fergetten wie dat harren ôfdieling noch bestie. Ek it Higgins Ynstitút wol net mei ûndersyk nei it boppenatuerlike assosjearre wurde, dat by einbeslút krije Abby en Jillian ek dien. De froulju stelle de apparatuer dy't se ûntwikkele hawwe en sykje in nij ûnderkommen. Om't de leechsteande brânwachtkazerne, dy't de makelster harren earst sjen lit, mei in hier fan $21.000 yn 'e moanne ûnbetelber is, fêstigje se harren boppe in Sineesk restaurant. Se rjochtsje in eigen bedriuw op foar paranormaal ûndersyk, dat se Conductors of Metaphysical Examination neame, "Utfierders fan Metafysysk Undersyk". Se nimme de knappe mar domme Kevin Beckman oan as harren resepsjonist.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Patty Tolan, in swarte lokettiste foar it iepenbier ferfiersbedriuw MTA, treft in spûk yn in metrotunnel dy't boud is ûnder in âld tichthûs dat derom bekend stiet dat it der spûket. Hja freget Erin, Abby en Jillian om help. By ûndersyk op dat plak fine se it spûk en teste se in nij apparaat dat Jillian ûntwurpen hat, in protoanewapen, dêr't spûken mei fongen wurde kinne. It spûk blykt lykwols te sterk te wêzen en ûntkomt yn in passearjende metro, wylst Erin mar nauwerneed it faaie libben derôf rêdt. Neitiid advertearje de froulju mei in "gjin spûken tastien"-logo dat Jillian makke hat op basis fan in wandtekening fan in graffityfandaal. As de fideo dy't Jillian fan 'e konfrontaasje mei it spûk yn 'e metrotunnel makke hat, op it ynternet buorkundich wurdt, ferienfâldigje de media de namme dy't de froulju foar harrensels keazen hawwe ta "Ghostbusters" ("Spûkefangers"). Patty nûget harsels út om it fjirde lid fan 'e groep te wurden, en de oaren akseptearje har om't se ferfier regelje kin: yn in lykwein dy't eigendom is fan har omke, in begraffenisûndernimmer.

De spûkferskinings binne beävensearre troch Rowan North, de konsjerzje fan in hotel dy't yn syn frije tiid amateur-natuerkundige is mei okkulte ideeën en in godkompleks. Hy hat ionisearjende apparaten ûntwikkele dy't er op útsochte plakken yn Manhattan brûkt om spûken oan te lûken. Dêrmei ferswakket er de skieding tusken de wrâld fan 'e geasten en dy fan 'e libbenen, mei as doel om dêr in gat yn te slaan en in apokalyps te feroarsaakjen om wraak te nimmen op 'e wrâld dy't him altyd bespot en fersmade hat. As North ien fan syn apparaten by in metalkonsert pleatst, wurde de Ghostbusters oproppen om't der yn 'e klaaikeamers in spûk sjoen wurdt. Se efterfolgje in draakeftich spûk nei de konsertseal, dêr't se it foar it each fan hiel it publyk fange. Dêrtroch wurde se de sensaasje fan 'e stêd en begjint North harren as syn wichtichste fijannen te sjen.

Dr. Martin Heiss, in ûntkrêfter fan boppenatuerlike foarfallen, komt yn it haadkertier fan 'e Ghostbusters del en daget harren út om te bewizen dat it spûk dat se fongen hawwe, echt is. Abby wiist him it gat fan 'e doar, mar Erin kriget sa'n argewaasje fan syn praat dat se it spûk frijlit; dat smyt Heiss dêrop út it finster en naait út. Nei dat foarfal wurde de Ghostbusters by boargemaster Bradley en syn parsesekretaresse Jennifer Lynch brocht, dy't harren fertelle dat it stedsbestjoer op 'e hichte is fan it bestean fan spûken en dat spesjaal aginten fan it Amerikaansk Ministearje fan Thúslânbefeiliging de saak ûndersykje. Hoewol't se de Ghostbusters temûk foar harren tsjinsten betankje, skilderje se harren yn 'e media ôf as oplichters.

De Ghostbusters ûntdekke dat North syn apparaten by twa leylinen lâns oanbringt, dy't inoar kruse ûnder it Mercado Hotel oan Times Square, dêr't North wurket. Dat is it plak fan in lange rige gewelddiedige foarfallen, dy't weromgeane oant de prekoloniale tiid. It hotel is sadwaande wêr't North trochbrekke wol nei de geastewrâld. De Ghostbusters skilje Thúslânbefeiliging om harren ûntdekking troch te jaan, en sette dan sels ôf nei it hotel. Yn it laboratoarium dat er dêr yn 'e kelder boud hat, folget in konfrontaasje mei North, dy't op it punt stiet om syn trochbraak te meitsjen. Ynstee fan him oer te jaan, kiest er derfoar om himsels te elektrokutearjen dat er it bestjert. As de minsken fan Thúslânbefeiliging arrivearje, drage de Ghostbusters de hiele brot oan harren oer.

Jillian nimt in eksimplaar fan Ghosts from Our Past mei nei hûs dat se yn North syn laboratoarium fûn hat. As se it ynsjocht, blykt it fol te stean mei syn oantekenings. Dêrút makket se op dat it altyd al North syn plan wie om selsmoard te dwaan, sadat er sels ek in spûk wurde koe. Underwilens keart North yndie werom as spûk, en mei oansjenlik gruttere krêften as er by it libben hie. Hy beset Abby en besiket har, Jillian en Patty te fermoardzjen, wat mar nauwerneed foarkomd wurde kin. As er op 'e flecht jage wurdt, beset er Kevin en flechtet er nei it Mercado Hotel, dêr't er yn syn laboratoarium yn 'e kelder dochs noch in gat slacht tusken de minske- en de geastewrâld. Dêrop streame tsientûzenen wraaksuchtige spûken de minskewrâld binnen. De tastreamde autoriteiten wurde troch North sûnder swierrichheden útskeakele, mar de Ghostbusters ferslane syn spûkeftige leger om it hotel te berikken.

Nei't de Ghostbusters him twinge en ferlit it lichem fan Kevin, nimt North de foarm oan fan it spûk út it logo fan 'e Ghostbusters, mar dan fan ûnbidige grutte. Dêrby ferneatiget er it Mercado Hotel, dat feroaret yn in grutte draaistream fan spûkige enerzjy. Neitiid tsjocht North de stêd yn, wylst er rjochts en lofts gebouwen fernielt. De Ghostbusters komme op it idee om 'e nukleêre reäktor yn harren lykwein, dêr't se harren protoanewapens mei oandriuwe, te brûken om 'e bres yn 'e skieding tusken de geaste- en minskewrâld te tichtsjen. Dat dogge se troch it spûk Slimer te manipulearjen om 'e auto yn 'e draaistream te riden. It gefolch is dat alle spûken wer weromsûgd wurde nei harren eigen wrâld, in lot dat ek North sels treft. Om wraak te nimmen skuort er Abby mei nei de geastewrâld, mar Erin springt har oan 'e keabel fan in lier efternei en rêdt har libben.

De Ghostbusters wurde neitiid rûnom sjoen as de heldinnen dy't New York fan 'e ferneatiging rêden hawwe. It stedsbestjoer hâldt oan mei harren yn 'e media as oplichters del te setten, wylst it harren oan 'e oare kant temûk finansearring jout om harren wurk fuort te setten. Mei dat jild kinne de Ghostbusters einlings in better ûnderkommen sykje, en dat wurdt de brânwachtkazerne wêrfan't de hier earder net op te bringen wie.

Kristen Wiig.
Melissa McCarthy.
Kate McKinnon.
haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
dr. Erin Gilbert Kristen Wiig
dr. Abby Yates Melissa McCarthy
dr. Jillian Holtzmann Kate McKinnon


byrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
Patty Tolan Leslie Jones
Kevin Beckman Chris Hemsworth
Rowan North Neil Casey
boargemaster Bradley Andy Garcia
Jennifer Lynch Cecily Strong
spesjaal agint Hawkins Michael K. Williams
spesjaal agint Rourke Matt Walsh
Garrett, toergids yn Aldridge Mansion Zach Woods
dr. Martin Heiss Bill Murray (cameo)
dr. Harold Filmore Charles Dance
Ed Mulgrave jr. Ed Begley jr.
Benny de besoarger Karan Soni
de geast fan Gertrude Aldridge Bess Rous
Slimer Adam Ray (allinne stim)
makelster Kate Dippold (cameo)
taksysjauffeur Dan Aykroyd (cameo)
Patty har omke Ernie Hudson (cameo)
dr. Rebecca Gorin Sigourney Weaver (cameo)
Vanessa de hotelresepsjoniste Annie Potts (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Ghostbusters-film yn 1984 wie oarspronklik bedoeld as in op himsels steande film. Doe't er útdraaide op in reuseftich kommersjeel súkses, woe filmstudio Columbia Pictures lykwols ynkassearje troch in ferfolch meitsjen. Om 'e cast en crew, dy't ûnderwilens mei oare dingen dwaande wiene, hoegde dat net sa nedich, en Ghostbusters II, út 1989, kaam der pas nei't Columbia druk útoefene hie. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en hoewol't er kommersjeel súksesfol wie yn 'e bioskopen, hie men der op basis fan it súkses fan 'e oarspronklike film in stik mear fan ferwachte. Dat, yn dy sin waard Ghostbusters II sjoen as in mislearring.

Neitiid waard de produksje fan fierdere ferfolchfilms tsjinkeard troch de wegering fan haadrolspiler Bill Murray om deroan mei te wurkjen. Yn in fraachpetear wiisde er derop dat de redens dêrfoar neat te krijen hiene mei de oare haadrolspilers, mar mei syn brekme oan fertrouwen yn ferfolchfilms en syn minne relaasje mei Columbia. Nettsjinsteande dat passearren ferskate senario's foar in trêde film út 'e Ghostbusters-franchise de revu, wêrûnder Ghostbusters 3: Hellbent, dat skreaun wie troch Murray syn tsjinspiler Dan Aykroyd. Dêryn loek Peter Venkman, it personaazje fan Murray, him út 'e Ghostbusters werom en waard ferfongen troch in nij, jonger lid fan 'e groep. Columbia wie lykwols bang in ferfolchfilm sûnder Murray op in flop útdraaie soe, dat Ghostbusters 3: Hellbent waard nea makke.

Uteinlik waard omreden fan 'e wegering fan Murray om yn in nije ferfolchtilm te spyljen, besletten ta it meitsjen fan in reboot fan 'e mediafranchise, mei in folslein nije cast. Ivan Reitman, de regisseur fan 'e oarspronklike film, suggerearre yn septimber 2012 om dêrfan fan mei-iens mar in remake fan 'e earste film te meitsjen. Kevin Feig, dy't as regisseur oanlutsen waard, befêstige yn oktober 2014 dat de rollen fan 'e fjouwer Ghostbusters yn 'e remake troch froulju spile wurde soene. It senario foar de nije film waard skreaun troch Feig sels en Katie Dippold. Reitman en Amy Pascal wiene as produsinten by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures en Village Roadshow Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $144 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Yeoman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Theodore Shapiro.

De opnamen foar Ghostbusters setten op 17 juny 2015 útein en duorren oant en mei 19 septimber fan dat jier, wêrnei't yn maaie 2016 noch guon reshoots plakfûnen. Der waard op lokaasje filme yn Chinatown yn Boston, Waltham (Massachusetts), it âlde Marineloftfeartstasjon South Weymouth by Weymouth (Massachusetts) en de buert Tribeca yn 'e New Yorkske borough Manhattan. Binnendoarsênes, de sênes yn it metrostasjon ynbegrepen, waarden yn in soundstage fan 'e Sony Pictures Studios yn Culver City by Los Angeles opnommen.

De akteurs dy't de Ghostbusters yn 'e oarspronklike film spilen, hiene allegearre in cameo yn 'e nije film, útsein Harold Ramis, dy't yn 2014 ferstoarn wie. Bill Murray spile de ûntkrêfter fan boppenatuerlike foarfallen dr. Martin Heiss, Dan Aykroyd in taksysjauffeur mei fiersten tefolle kennis fan it boppenatuerlike, en Ernie Hudson Patty har omke, de begraffenisûndernimmer. De resepsjoniste fan 'e Ghostbusters út 'e earste beide films, Annie Potts, wie yn 'e nije film te sjen as de ûnfatsoenlike hotelresepsjoniste Vanessa, wylst Sigourney Weaver, dy't yn 'e earste beide films Dana Barrett spile, hiel koart opdoek as dr. Rebecca Gorin, de mentor fan Jillian Holtzmann. Murray oerwûn, nei eigen sizzen, syn wjersin om yn in nije ferfolchfilm fan Ghostbusters te spyljen, om't er it wichtich fûn om Melissa McCarthy en Kate McKinnon te stypjen, mei wa't er befreone rekke wie doe't hja allegearre diel útmakken fan 'e cast fan it satirysk tillefyzjeprogramma Saturday Night Live.

De distribúsje fan Ghostbusters waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjedifyzje fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan filmstudio Columbia Pictures. De film gie op 9 july 2016 yn it TCL Chinese Theatre yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Sony Classical Records. Ghostbusters waard op 11 oktober 2016 útbrocht op dvd en blu-ray.

Troch filmkritisy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters oer it algemien positive resinsjes. Yn The New York Times priizge Manohla Dargis de film as "dat seldsumste produkt fan in grutte studio: in film dy't in protte fermaaklike, konsumearbere wille is." Mike Ryan fan Uproxx hie fral lof foar it aktearjen fan 'e cast, mar fûn dat der tefolle special effects brûkt wiene. Yn 'e Britske krante The Observer parte Mark Kermode oan Ghostbusters 3 fan 5 stjerren ta. Hy skreau: "It soe prachtich west hawwe om der tynge fan dwaan te kinnen dat de foltôge film goed genôch is om alle diskriminearjende neeskodders foargoed de mûle te snuorjen […]. De hurde wierheid is dat dat net sa is." Hy omskreau de film as "oer it algemien ynnimlik, mar hobbelich."

De foaroansteande Amerikaanske ynternetfilmkritikus James Berardinelli fûn Ghostbusters in midsmjittige film en, "lykas in protte resinte komeedzjefilms, te lang en net grappich genôch." Yn US Weekly joech Mara Reinstein de film 21/2 fan 4 stjerren. Se priizge de akteurs, mar hie krityk op it "loaie skript dat in ivichheid nimt om op te starten" en op aksjesênes "sûnder ynspiraasje". Fan Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times krige de film mar 1 fan 4 stjerren. Hy mocht net oer it aktearjen, it senario of de "flauwe" special effects. Yn syn radiorubryk stelde er dat it ien fan 'e minste films fan it jier wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ghostbusters in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 390 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is yndrukwekkend as in […] op himsels steande boppenatuerlike komeedzjefilm mei in treflike cast – ek al kin it net oars dat it wat bleek ôfstekt tsjin it klassike orizjineel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ghostbusters in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 52 resinsjes.

Troch fans fan 'e oarspronklike Ghostbusters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al foar't de film yn premiêre gien wie, waard Ghostbusters op 'e sosjale media oerladen mei krityk troch fans fan 'e oarspronklike film. Dy wiene der dochs al min oer te sprekken dat der in remake makke waard fan in dierbere klassiker, mar it ferfangen fan 'e oarspronklike manlike haadpersoanen troch froulike wjergaders foel by in protte lju alhiel ferkeard. It waard beskôge as in gimmick dy't sjoen wurde moast yn it ljocht fan 'e oangeande kultueroarloggen yn 'e Feriene Steaten tusken progressiven en konservativen.

Doe't de earste trailer fan Ghostbusters op YouTube útbrocht waard, krige dy op 'e earste dei fan sjoggers al 12.000 likes ("mei 'k wol oer") en 13.800 dislikes ("mei 'k net oer"). Dêrmei wie it neffens kommentator David Griner fan Ad Week ien fan 'e meast polarisearjende fideo's sûnt jierren. Tsjin maaie 2016 wie de filmtrailer op YouTube mei de measte dislikes wurden en de fideo mei de op acht nei measte dislikes fan it hiele platfoarm. Op basis fan 'e kommentaren by de dislikes wiene der in protte frouljushaters ûnder de ôfkarders. Oare redens foar de oerweldigjend negative respons wiene gebrek oan belangstelling foar reboots en remakes, nostalgyske gefoelens foar de oarspronklike film en in gebrek oan humor yn 'e trailer. Sadwaande wie Ghostbusters tsjin 'e tiid fan 'e premiêre ûnderwerp fan in kontroverse wurden.

Ghostbusters brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $128,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $100,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $229,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $144 miljoen betsjut dat in winst fan $85,1 miljoen. Mei't der lykwols in fermogen útjûn wie oan marketingkosten, dat dêr noch ôflutsen wurde moat, draaide Ghostbusters lykwols eins ferlies. Neffens it tydskrift Variety ferlear Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia, likernôch $50 miljoen oan 'e film, wylst lju mei kennis fan hoe't it by Sony riidt en fart it ferlies op likernôch $25 miljoen rûze.

Ghostbusters wûn de People's Choice Award foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Melissa McCarthy) en trije Kids' Choice Awards, foar favorite film, favorite filmakteur (Chris Hemsworth) en favorite filmaktrise (Melissa McCarthy). Ghostbusters waard fierders nominearre foar twa Saturn Awards, in Empire Award, in Critics' Choice Award, noch trije bykommende People's Choice Awards, in Annie Award, fjouwer Teen Choice Awards, noch twa oare Kids' Choice Awards en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Ghostbusters (filmsearje)
Ghostbusters (1984) • Ghostbusters II (1989) • Ghostbusters (2016) • Ghostbusters: Afterlife (2021)