Springe nei ynhâld

Grauman's Chinese Theatre

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan TCL Chinese Theatre)
Grauman's Chinese Theatre
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
plak Los Angeles
adres 6925 Hollywood Boulevard
koördinaten 34°06′07″ N 118°20′28″ W
bysûnderheden
type bouwurk bioskoop
keatling Chinese Theatres, LLC
boujier 1926-1927
arsjitekt Raymond M. Kennedy
Donald Wilkinson
boustyl exotic revival
monumintale status Histoarysk-Kultureel
   Monumint fan
   Los Angeles
monumintnûmer 55
oare ynformaasje
kapasiteit 932 minsken (2013)
kosten $2,1 miljoen (1926)
offisjele webside
www.tclchinesetheatres.com
kaart
Grauman's Chinese Theatre (Hollywood)
Grauman's Chinese Theatre
Lokaasje yn Hollywood.

Grauman's Chinese Theatre (letterlik: "Grauman syn Sineeske Bioskoop") is in ferneamde bioskoop yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles. It gebou waard yn 1926 yn sabeare Sineeske styl set en hiet fan 1973 oant 2001 Mann's Chinese Threatre. Sûnt 2013 wurdt it om sponsoringredens oantsjut as it TCL Chinese Theatre. De bioskoop stiet yn 'e wyk Hollywood oan 'e strjitte Hollywood Boulevard en de ferneamde Hollywood Walk of Fame. Yn it pân hawwe in protte wrâldpremiêres fan films fan 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood plakfûn, lykas dy fan Star Wars yn 1977. Teffens is der trije kear de útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars holden. Grauman's Chinese Theatre is ien fan 'e wichtichste besjensweardichheden fan Hollywood. Ynteressant binne njonken it gebou sels de betonplaten yn it foarhôf, dêr't de hantekenings, hânprinten en fuotleasten yn fêstlein binne fan populêre filmstjerren fan 'e 1920-er jierren oant hjoed de dei.

Grauman's Chinese Theatre wie it geastesbern fan 'e Amerikaanske bioskoopútbater Sid Grauman. De bou fan in bioskoop yn neibearde Sineeske styl waard ynjûn troch it súkses dat er hân hie mei Grauman's Egyptian Theatre, in bioskoop yn neibearde Aldegyptyske styl, dy't yn 1922 iepengie, ek yn Hollywood. Grauman wist mei help fan projektûntwikkeler Charles E. Toberman in langjierrige pacht te bemachtigjen fan it perseel op Hollywood Boulevard 6925, dêr't oant doe ta de filla fan Francis X. Bushman stie. As teken fan wurdearring waard letter in plakkette yn 'e bioskoop opnommen dy't dúdlik makket dat it gebou opdroegen is oan Bushman.

Grauman's Chinese Theater yn 1964.

De bioskoop waard ûntwurpen troch arsjitekt Raymond M. Kennedy mei help fan Donald Wilkinson, beiden fan it arsjitekteburo Meyer & Holler, dat earder ek it Egyptian Theatre foar Grauman ûntwurpen hie. De kosten fan 'e bou, dy't $2,1 miljoen bedroegen (in wier fermogen yn jild út 'e 1920-er jierren), finansierde Grauman troch in partnerskip oan te gean mei de tige súksesfolle (en smoarrike) filmstjerren Mary Pickford en Douglas Fairbanks. Grauman wie eigner fan it trêdepart fan 'e bioskoop, en Pickford, Fairbanks en in fjirde partner, Howard Schenck, hiene de restearjende twatrêdepart yn besit. De bou sette op 9 jannewaris 1926 útein en duorre krapoan oardel jier. Op 18 maaie 1927 waard Grauman's Chinese Theatre feestlik iepene mei de wrâldpremiêre fan 'e bibelske film The King of Kings fan Cecil B. DeMille.

Grauman besleat yn 1929 om op te hâlden mei wurkjen en fan syn pinsjoen te genietsjen. Hy risselwearre om syn oandiel yn 'e bioskoop te ferkeapjen oan 'e bioskoopkeatling Fox Theatres fan William Fox. In pear moanne letter waard er lykwols troch miljardêr Howard Hughes oerhelle om werom te kommen, om't Hughes woe dat Grauman de lieding hawwe soe oer de wrâldpremiêre fan syn filmepos Hell's Angels. Grauman kearde sadwaande werom yn 'e bioskoop foar salang't dy film der draaide, wêrnei't er wer mei pinsjoen gie. Dat befoel lykwols sa min, dat er mei de kryst fan 1931 fannijs weromkearde om 'e lieding wer oer te nimmen. Hy behold neitiid syn posysje oant syn dea yn 1950.

Yn 1944, 1945 en 1946 wie Grauman's Chinese Theatre it plak dêr't de útrikkingsseremoanje foar de Oscars, wrâlds wichtichste filmprizen, holden waard. (Tsjintwurdich wurde se holden yn it oanbuorjende Dolby Theatre, foarhinne bekend as it Kodak Theatre.) Grauman's Chinese Theatre waard op 5 juny 1968 útroppen ta in Historysk-Kultureel Monumint fan Los Angeles. Fan dy tiid ôf waard it gebou geregeldwei restaurearre.

Yn 1973 waard de bioskoop oankocht troch Ted Mann, de eigner fan 'e bioskoopkeatling Mann Theatres, dy't de namme feroare yn Mann's Chinese Theatre. Mann Theatres groeide út ta de grutste bioskoopkeatling fan 'e Feriene Steaten dy't net yn 'e hannen wie fan ien fan 'e grutte filmstudio's fan Hollywood. Yn 1977 fûn yn Mann's Chinese Theatre de wrâldpremiêre plak fan 'e film Star Wars fan George Lucas. Mei't 20th Century Fox, dy't de distribúsje fan 'e film fersoarge, der net folle fan ferwachte, wie de bioskoop mar foar twa wiken reservearre. Doe't Star Wars in gigantysk kommersjeel súkses bliek te wêzen, moast Mann Theatres de film omreden fan kontraktuele ferplichtings oan 'e film Sorcerer, fan William Friedkin, ferpleatse nei in minder prestizjeuze, yn tûzen hasten opkallefatere lokaasje. Nei de flop fan Sorcerer gie Star Wars foar de twadde kear yn premiêre yn Mann's Chinese Theatre, eat dat noch nea earder foarkommen wie.

It plafon fan 'e bioskoopseal.

Yn 1986 die Ted Mann syn bioskoopkeatling oer oan 'e grutte korporaasje Gulf+Western. Yn 1988 kocht Warner Communications, de rjochtsfoargonger fan mediaconcern Time Warner, foar $150 miljoen in belang fan 50% yn Mann Theatres. Uteinlik waard de bioskoopkeatling yn 1997 ferkocht oan WestStar Holdings, wêrnei't er yn 2000 oernommen waard troch in partnerskip besteande út 'e grutte filmstudio's Warner Bros. en Paramount Pictures.

Yn 2000 begûn ek de meast yngeande restauraasje dy't Mann's Chinese Theatre oant doe ta ûndergien hie. Yn it ramt dêrfan krige de bioskoop yn 2001 syn histoaryske namme Grauman's Chinese Theatre werom. Underwilens wie it perseel dêr't de bioskoop op stiet fan 'e erven Bushman oergien op 'e Damon Runyon Stifting foar Kankerûndersyk (DRCRF) út New York en it Barlow Luchtwegesikehûs (BRH) út Los Angeles. Yn 2007 ferkochten dy de grûn oan 'e CIM Group, dy't ek eigner is fan it Hollywood and Highland-winkelsintrum en withoefolle oare gebouwen en perselen yn Hollywood. De bioskoop sels waard yn maaie 2011 losweakke fan 'e keatling Mann Theatres en oernommen troch Chinese Theatres LLC, in bedriuw dat eigendom wie fan sakelju Elie Samaha en Donald Kushner. Op 11 jannewaris 2013 kocht de TCL Corporation, in Sineeske elektroanikafabrikant, troch it sluten fan in sponsoringkontrakt mei Chinese Theatres LLC, it rjocht om Grauman's Chinese Theatre yn 'e media it TCL Chinese Theatre neame te litten.

Grauman's Chinese Theatre is in gebou yn in sabeare Sineeske styl, dy't ta de exotic revival-arsjitektuer heart. It uterlik moat in grutte Sineeske pagoade neibeare en de foargevel omfiemet de ôfbylding fan in Sineeske wjukleaze draak en twa autentike stânbylden fan beskermliuwen út 'e Ming-dynasty dy't de haadyngong bewekje. It frijsteande kaartsjeferkeaphokje, dat yn 'e 1930-er jierren by de haadyngong tafoege waard, is letter wer ferwidere, en itselde jildt foar de neönkleurige luifen rjochts en lofts dêrfan. Yn 'e sydkanten fan it koperen dak binne de silhûeten fan petiterige draakjes ferwurke. It oarspronklike idee oangeande it uterlik fan 'e bioskoop wie om it Amerikaanske filmpublyk in Sineeske sfear ûnderfine te litten, mei't der yn 'e 1920-er jierren frijwol gjin Amerikaan wie dy't wat fan Sina ôfwist.

It ynterieur fan 'e bioskoopseal.

Ek it ynterieur fan it gebou is neibeard Sineesk. Sa hat de bioskoopseal út Sina ymportearre pylders by de sydmoarren, dy't poer dekoratyf binne. De Katalaansk-Kubaanske muzikant en dirigint Xavier Cugat beskildere de wanden tusken de pylders mei beammen en blêdte. De Sineeske wandskilderings yn 'e lobby fan 'e bioskoop binne it wurk fan 'e Sineesk-Amerikaanske akteur Keye Luke. It oarspronklike ynterieur omfette in Wurlitzer-oargel yn 'e romte boppe de bioskoopseal, wêrfan't it lûd de seal yn laat waard troch gatten yn it plafon.

De hân- en fuotprinten fan akteur Anthony Quinn.

Spoaren yn it beton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan 'e wichtichste besjensweardichheden fan Grauman's Chinese Theatre wurdt foarme troch de betonplaten yn it foarhôf, dêr't de hantekenings, hânprinten en fuotleasten yn fêstlein binne fan populêre filmstjerren fan 'e 1920-er jierren oant hjoed de dei. Der besteane in protte ferhalen oer hoe't dat sa kommen is. De offisjele ferklearring fan 'e bioskoop sels is dat aktrise Norma Talmadge by fersin mei de tradysje úteinsette doe't se net goed útseach en yn wiet beton stapte. Yn in fraachpetear foar de Amerikaanske radio op 13 septimber 1937 fertelde Sid Grauman lykwols in oar ferhaal oer hoe't er op it idee kommen wie. Hy lei út dat it "poer by fersin [gie]. Ik rûn der lyk yn. Doe't we de bioskoop oan it bouwen wiene, stoep ik by fersin yn wat wiet beton. En dêr hiest it. Dat, ik gie fuortendaliks nei Mary Pickford ta. Mary stiek de foet deryn."

Yn elts gefal wiene de earste akteurs dy't harren hantekening, hân- en fuotprinten yn it beton efterlieten Grauman syn sakepartners Mary Pickford en Douglas Fairbanks op 30 april 1927. Behalven hantekenings en hân- en fuotprinten befetsje in protte fan 'e âldere ôfdrukken ek persoanlike boadskippen oan Sid Grauman, lykas it gefal is mei dy fan aktrise Myrna Loy út 1936. Sy sette derby: "Oan Sid, dy't my myn earste baan joech." (Har earste baan yn Hollywood wie as dûnseresse yn Grauman's Chinese Theatre yn 'e 1920-er jierren.) Fierders binne der ek ôfdrukken fan oare karakteristike attributen, lykas de bril fan Harold Lloyd, de sigaar fan Groucho Marx, de revolver fan westernfilmstjer Roy Rogers, de dreadlocks fan Whoopi Goldberg en de toverstokjes út 'e Harry Potter-films fan Daniel Radcliffe, Rupert Grint en Emma Watson. Ek net-minsklike stjerren lieten ôfdrukken nei, lykas hoefôfdrukken fan 'e hynders fan westernfilmakteurs Gene Autry en Roy Rogers en in bânôfdruk fan Herbie de Folkswein-Kever.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.