Grauman's Egyptian Theatre

Ut Wikipedy
Grauman's Egyptian Theatre
bouwurk
It binnenplak.
It binnenplak.
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
plak Los Angeles
adres 6706–6712
   Hollywood Boulevard
koördinaten 34°06′03″ N 118°20′11″ W
bysûnderheden
type bouwurk bioskoop
boujier 19211922
arsjitekt Meyer & Holler
boustyl Egyptian revival
monumintale status Histoarysk-Kultureel
   Monumint fan
   Los Angeles
monumintnûmer 584
oare ynformaasje
kapasiteit 1.760 (1922–1998)
694 (sûnt 1998)
kosten $800.000 (bou 1922)
$12,8 miljoen (renovaasje
   1995–1998)
offisjele webside
americancinematheque.com/egyptian-theatre
kaart
Grauman's Egyptian Theatre (Hollywood)
Grauman's Egyptian Theatre
Lokaasje yn Hollywood

Grauman's Egyptian Theatre (letterlik: "Grauman syn Egyptyske Bioskoop") is in histoaryske bioskoop yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles oan 'e ferneamde strjitte Hollywood Boulevard. It lúksueus tariste gebou waard yn 1922 yn sabeare Aldegyptyske styl set en is in ier foarbyld fan wat wol in 'filmpaleis' neamd wurdt. It wie it plak dêr't de alderearste premiêre plakfûn fan 'e filmyndustry fan Hollywood. Letter kaam it Egyptian lykwols yn it skaad te stean fan Grauman's Chinese Theatre, in oare bioskoop fan deselde eigner yn sabeare Sineeske styl. By in folsleine renovaasje yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren waard it tal sitplakken rigoereus werombrocht. Yn maaie 2020 waard Grauman's Egyptian Theatre oankocht troch streamingtsjinst Netflix, dy't der yn 'e wykeinen eveneminten organisearret.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grauman's Egyptian Theatre waard boud yn opdracht fan 'e Amerikaanske bioskoopútbater Sid Grauman en projektûntwikkeler Charles E. Toberman, dy't ek ferantwurdlik wiene foar de bou fan twa lettere, bekendere bioskopen yn Los Angeles: Grauman's Chinese Theatre en it El Capitan Theatre. Alle trije bioskopen steane oan 'e bekende trochgeande strjitte Hollywood Boulevard. Grauman's Egyptian Theatre waard ûntwurpen troch arsjitekteburo Meyer & Holler en de eigentlike bou, dy't $800.000 yn doetiidsk jild koste, waard oer in perioade fan oardel jier yn 1921 en 1922 útfierd troch The Milwaukee Building Company.

De haadyngong.

Grauman's Egyptian Theatre gie yn 1922 iepen. Foar tagong ta in filmfertoaning betelle men doe 75¢, $1 of $1,50, ôfhinklik fan 'e lokaasje fan it sitplak. Grauman's Egyptian Theatre wie de lokaasje fan 'e alderearste feestlike premiêre mei in reade loper fan in film dy't produsearre wie troch de filmyndustry fan Hollywood, te witten: Robin Hood, mei Douglas Fairbanks yn 'e titelrol. Dat barren fûn plak op woansdei 18 oktober 1922, en kaartsjes dêrfoar waarden ferkocht foar $5 it stik, wat doedestiden in hiele priis wie. Yn 1923 waard ek de premiêre fan The Ten Commandments fan regisseur Cecil B. DeMille yn Grauman's Egyptian Theatre holden.

Doe't yn 1927 fierderop oan Hollywood Boulevard Grauman's Chinese Theatre iepene waard, stribbe dat it Egyptian al rillegau yn populariteit foarby. Neitiid waarden premiêres en oare grutte eveneminten ornaris yn it Chinese holden, wylst it Egyptian in 'gewoane', sij it tige lúksueuze en winstjaande, bioskoop waard.

Lang om let waard Grauman's Egyptian Theatre yn 1992 sletten, wêrnei't it gebou yn ferfal rekke. Yn 1996 waard it troch it Agintskip foar Mienskipswerûntwikkeling fan 'e Gemeente Los Angeles foar de symboalyske priis fan $1 ferkocht oan 'e kulturele organisaasje American Cinematheque. Dêrby waard as betingst steld dat it yn syn âlde swidens renovearre wurde moast en wer as bioskoop yn gebrûk kommen soe. Yn 1993 waard it dêrom útroppen ta in Histoarysk-Kultureel Monumint fan Los Angeles.

Nei't American Cinematheque it jild foar de renovaasje gearskrabe hie, dy't úteinlik $12,8 miljoen kostje soe, koe it gebou yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ûnder hannen nommen wurde. Op 4 desimber 1998 waard Grauman's Egyptian Theatre feestlik weriepene. Dêrnei waard de bioskoop rom 21 jier lang eksploitearre troch American Cinematheque. Yn april 2019 waard bekendmakke dat streamingtsjinst Netflix belangstelling hie om Grauman's Egyptian Theatre oer te nimmen. It bedriuw woe de bioskoop brûke foar 'spesjale eveneminten'. Der waard spekulearre dat sokke spesjale eveneminten delkomme soene op eksklusive bioskoopfertoanings fan 'e troch Netflix produsearre films, sadat dy yn oanmerking komme koene foar de Oscars. Der wie gâns wjerstân tsjin 'e ferkeap, mar op 29 maaie 2020 waard dy dochs in feit.

De grutte filmseal fan Grauman's Egyptian Theatre by de iepening yn 1922.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ekterieur fan 'e bioskoop is makke yn in arsjitektoanyske styl dy't Egyptian revival hjit en de boukeunst fan it Alde Egypte neibeart. Om dat tema fuort te sterkjen binne sawol de bûten- as de binnenmuorren oerdutsen mei muorreskilderings sa't men dy yn grêftombes fan 'e farao's oantreft en mei Egyptyske hieroglifen. It dak boppe de haadyngong is net yn 'e Egyptyske styl, mar is ynstee in oerbliuwsel fan 'e oarspronklike plannen foar de bioskoop. Earst soe it ntl. in bioskoop yn 'e neibeard Latynsk-Amerikaanske Hispanic revival-styl wurde.

Fan 'e strjitte ôf komt men earst yn in binnenplak dat tarist is mei palmbeammen en in fontein. It is 14 m breed en 46 m lang en hat in oerflak fan 644 . It binnenplak fungearre foarhinne teffens as de lobby fan 'e bioskoop, mei't de haadyngong oant de renovaasje fan 'e 1990-er jierren streekrjocht tagong joech ta de filmseal. It binnenplak wie spesifyk ûntwurpen foar seremoanjes mei in reade loper. Der waard gebrûk makke fan it ferneamde mylde klimaat fan Súdlik Kalifornje om dy yn 'e iepen loft te hâlden. De haadyngong wurdt ûnderstipe troch fjouwer massive pylders mei in diameter fan 1.40 m en in hichte fan 6 m.

By de renovaasje dy't foarôf gie oan 'e weriepening fan Grauman's Egyptian Theatre yn 1998 waard it eksterieur folslein restaurearre yn 'e oarspronklike steat, mar oan it ynterieur waarden ferskate grutte feroarings oanbrocht. Sa waard in (twadde) lobby yn it eigentlike gebou tafoege. Wichtiger wie dat de inkele oarspronklike filmseal, mei 1.760 sitten, opdield waard yn twa lytsere sealen, ien mei 616 sitten ferneamd nei filantroop Lloyd E. Rigler, en ien mei 78 sitten ferneamd nei filmmaker Steven Spielberg. Fierders waarden projeksje, lûd, sitromte, meganyk en luchtsirkulaasje by de tiid brocht, sadat se oan ienentweintichste-iuwske easken foldiene. It hiele renovaasjeprojekt waard yn 2000 bekroane mei de Preservation Award fan 'e Amerikaanske Nasjonale Trust foar Histoaryske Preservearring.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.