Howard Hughes

Ut Wikipedy
Howard Hughes foar in militêr fleantúch fan Boeing, Inglewood (Kalifornje), jierren fjirtich.

Howard Robard Hughes, meast Howard Hughes, (Humble / Houston (Teksas), 24 desimber 1905 – dêre, 5 april 1976) wie in Amerikaansk piloat, fleantúchbouwer en - ûntwerper, filmprodusint, filmregisseur, playboy, eksintrikeling en klûzener.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hughes krige bekendheid troch syn ferhâldingen mei bekende aktrises en syn eksintrike hâlden en dragen op lettere jierren, wat destiids in soad omtinken yn de parse krige. Dêrneist bruts hy meardere rekords foar fleantugen en boude hy Trans World Airlines út ta ien fan de gruttere Amerikaanske loftfeartmaatskippijen. Hy wie ien fan de rykste minsken op de wrâld.

It feit dat hy him sa fier ûntwikkelje kind hat kaam foar in part ek troch syn heit "Big Howard" (as ûnderskied fan "Little Howard" of "Sonny"), dy't in handige útfiner fan ark wie, mei úttochte patinten op bysûndere boaren fia de Hughes Tools Company, dat foar in hast net leech te krijen jildboarne soarge. Op syn 18e wie Howard wees en naam hy -nei wat juridyske skermutselingen- de Hughes Tool Company oer.

Yn de tweintiger jierren krige hy ynteresse yn de filmyndustry en benammen yn moaie, jonge aktrises. Hy regissearre twa films: Hell's Angels (1930) en The Outlaw (1943), mar wie benammen aktyf as filmprodusint. Fia syn films kaam er yn oanrekking mei de fleanderij. Benammen troch Hell's Angels, in film dy’t troch it hommelsk útstjerren fan de stomme film yn 1929 yn sân hasten fan lûd foarsjoen wurde moast, sadat teminsten echte fleantugen te hearren wiene. Earst helle er syn brevet en geandewei ferdjippe er him mear yn it ûntwerpen en bouwen fan fleantugen. Yn de tritiger jierren liet hy fan beide kanten in pear sterke staaltsjes sjen. Mei syn eigen H-1 ferbettere Hughes op 13 septimber 1935 it wrâldsnelheidsrekord. Syn 352,39 myl yn it oere (± 530 km/h) wie hast 40 myl hurder as it âlde rekord fan Raymond Delmotte. En noch mannich oar rekord sneuvele troch syn tadwaan.

Der binne talleaze boeken oer Hughes skreaun. Yn Nederlân wijde Willem Frederik Hermans in essay oan him. Oer it libben fan Hughes binne ek trije films makke:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]