Rick Hurst

Ut Wikipedy
Rick Hurst
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Douglas Hurst
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 jannewaris 1946
berteplak Houston (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1970 – no
offisjele webside
gjint

Rick Hurst (folút: Richard Douglas Hurst; Houston (Teksas), 1 jannewaris 1946), is in Amerikaansk akteur. Hy krige bekendheid doe't er yn 'e tillefyzjeseizoenen 1980 en 1981 de rol fan helpsheriff Cletus Hogg spile yn 'e populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard.

Dêrmei ferfong er Sonny Shroyer, dy't earder yn 'e rige deselde "ekologyske nys" ferfolle hie mei de rol fan helpsheriff Enos Strate, mar dy't yn 1980 syn eigen spin-off-searje krige, yn 'e foarm fan 'e detektiverige Enos. Doe't dat lykwols gjin grut súkses waard en dy rige al nei twa seizoenen opdoekt waard, kearde Sonny Shroyer as Enos Strate wer yn The Dukes of Hazzard werom, en waard Cletus Hogg ôftanke. Letter mocht Hurst dizze rol lykwols nochris op 'e nij ferfolje yn ferskate Dukes of Hazzard-reünyen, wêrûnder de tillefyzjefilms The Dukes of Hazzard: Reunion! (1997) en The Dukes of Hazzard: Hazzard in Hollywood! (2000). Fierders hied er lytse roltsjes yn in grut tal films, wêrfan't The Karate Kid Part III, út 1989, wierskynlik de bekendste is. Hurst spile dêryn de rol fan 'e oankundiger by de grutte wedstryd. Hurst syn soan Ryan Hurst is yn syn heite fuotstappen folge en ek akteur wurden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.