Liza Minnelli

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Liza Minnelli
Filmklapper.png akteur
Liza Minnelli yn 1972
Liza Minnelli yn 1972
persoanlike bysûnderheden
echte namme Liza May Minnelli
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 12 maart 1946
berteplak Los Angeles
jierren aktyf 1949 - No
Liza Minnelli

Liza May Minnelli (Los Angeles, Kalifornje, 12 maart 1946) is in Amerikaansk aktrise en sjongster. Sy krige in Oscar foar har rol yn de film Cabaret (1972).

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Liza Minelli makke op twa jierrige leeftiid har debút as aktrise yn de film In the Good Old Summertime dêr't har mem in haadrol yn spile. Yn 1965 spile ze yn de musical Flora, the Red Menace Se krige hjirfoar in Tony Award, mei har njoggentjin jier de jongste aktrise ea dy't dizze priis ûntfange mocht.
Yn 1969 spile se yn de film The Sterile Cuckoo har earste haadrol yn in film. Se krige hjirfoar har earste Oscarnominaasje. Yn 1973 krige se in Oscar foar Bêste Aktrise foar har optreden as Sally Bowles yn de filmmusical Cabaret fan Bob Fosse. Har grutste filmsukses nei Cabaret helle se yn 1981, neist Dudley Moore yn de komeedzje Arthur.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minelli waard berne yn Los Angeles, Kalifornje, Feriene Steaten, as dochter fan aktrise Judy Garland en filmregisseur Vincente Minnelli. Liza har âlden gongen útinoar doe't se fiif jier âld wie. Se groeide letterlik op yn de showbusiness, mei't har âlden har oeral mei hinne namen yn harren hektyske libben. Yn har jeugd gong se geregeld op wrâldtoernee mei har mem of wie se mei har heit yn de filmstudio. sjongeres Lorna Luft is in healsuster fan Minelli.

Minnelli hat fjouwer kear boaske west, mei sjonger Peter Allen (3 maart 1967 - 24 juny 1974), filmprodusint Jack Haley jr (15 septimber 1974 - 1979), keunstner Mark Gero (4 desimber 1979 - 1992) en konsertpromoter David Gest (16 maart 2002 - 24 july 2003).

Filmografy (Kar út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1949 In the Good Old Summertime It bêrn
1968 Charlie Bubbles Eliza
The Odd Couple Go-go Dancer
1969 The Sterile Cuckoo Mary Ann "Pookie" Adams Nominaasje foar in Oscar foar Bêste Aktrise
1970 Tell Me That You Love Me, Junie Moon Junie Moon
1972 Cabaret Sally Bowles Wûn in Oscar foar Bêste Aktrise
1974 That's Entertainment! Host
1975 Lucky Lady Claire
1976 A Matter of Time Nina
1977 New York, New York Francine Evans
1981 Arthur Linda Marolla
1988 Rent-a-Cop Della Roberts
Arthur 2: On the Rocks Linda Marolla Bach
1991 Stepping Out Mavis Turner
2006 The Oh in Ohio Alyssa Donahue

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Liza! Liza! 12 oktober 1964 Capitol
It Amazes Me 10 maaie 1965
There Is a Time 21 novimber 1966 I Who Have Nothing,
Middle of the Street
Liza Minnelli 26 febrewaris 1968 A&M Married
Come Saturday Morning 26 jannewaris 1969 Love Story
New Feelin' 19 oktober 1970 (I Wonder Where My) Easy Rider's Gone
The Singer 1 maart 1973 Columbia The Singer,
Don't Let Me Be Lonely Tonight,
Dancing in the Moonlight,
I Believe in Music
Tropical Nights 15 augustus 1977
Results 12 septimber 1989 Epic Losing My Mind,
Don't Drop Bombs,
So Sorry, I Said,
Love Pains
Gently 19 maart 1996 Does He Love You?
Confessions 21 septimber 2010 Decca

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
"Live" at the London Palladium 2 augustus 1965 Capitol
Live at the Olympia in Paris 15 maaie 1972 A&M
Live at the Winter Garden 22 maaie 1974 Columbia
Live at Carnegie Hall augustus 1981 Altel
At Carnegie Hall 21 oktober 1987 Telarc
Live from Radio City Music Hall 10 novimber 1992 Columbia
Paris — Palais des Congrès 18 july 1995 EMI
Minnelli on Minnelli: Live at the Palace 29 febrewaris 2000 Angel
Liza's Back 29 oktober 2002 J Records
Liza's at The Palace.... 3 febrewaris 2009 Hybrid

Soundtrack-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film Nûmmer(s) Utbrocht op Label
Cabaret Mein Herr,
Maybe This Time,
Cabaret
1972 ABC
Lucky Lady (Get) While the Getting is Good,
Lucky Lady Montage,
Lucky Lady (reprise)
1975 Columbia
New York, New York You Brought a New Kind of Love to Me,
Once in a While,
You Are My Lucky Star,
The Man I Love,
Just You, Just Me,
There Goes the Ball Game,
Happy Endings,
But the World Goes 'Round,
Theme from New York, New York
juny 1977 Liberty
Sex and the City 2 Single Ladies (Put a Ring on It) 25 maaie 2010 WaterTower Music