Springe nei ynhâld

Jan Akkerman

Ut Wikipedy
Jan Akkerman (1974)
Jan Akkerman yn 2005

Jan Akkerman (Amsterdam, 24 desimber 1946) is in Nederlânsk, ynternasjonaal ferneamd, gitarist. Hy hat op it konservatoarium sitten en spilet sawol elektryske as akoestyske gitaar en lúte. Doe't er in jier as sechstjin wie, spile er by de band Johnny and the Cellar Rockers en letter by The Hunters, dy’t in hit hienen meiThe Russian Spy and I. Op dy plaat foel Jan Akkerman al op om syn firtuoaze gitaarsolo.
Dêrnei spile er by de band Brainbox, mei Kaz Lux (sang), André Reijnen (bas) en drummer Pierre van der Linden. Dy band hie ûnder oaren hits mei Down Man, Dark Rose en Woman's Gone.

Yn 1970 stapte er oer nei de groep Focus, mei Thijs van Leer (jodeler/sjonger, oargel- en fluitspiler), bassist Bert Ruiter en op ‘e nij mei drummer Pierre van der Linden. Mei dy band kaam er ta wrâldfaam mei Hocus Pocus en House of the King. Hy waard yn 1973 troch it muzykfakblêd Melody Maker útroppen ta 'bêste elektrysk gitarist fan de wrâld'.

Yn 1976 stapte Jan Akkerman út Focus en gong alinne fierder, mei ferskate muzikanten en muzykstilen. Hy makke in soad albums. Akkerman wenne in skoft oan de Terhernsterdyk by Akkrum.

Prizen en ûnderskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2005 waard him in "Gouden Harpe" takend fanwegen syn fertsjinste foar de Nederlânske 'lichte' muzyk. Op 11 april 2009 wûn Akkerman de fjirde [ Eddy Christiani Award ] fanwegen syn ynspirearjende bydrage oan de ûntwikkeling fan de elektryske gitaarmuzyk. Op 28 desimber 2012 is er ta gelegenheid fan syn fyftichjierrige karriêre yn 'e muzyk beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy hat dat jubileum fierd mei twa konserten, yn De Melkweg yn Amsterdam en yn de Oosterpoort yn Grins. [1]

  • Talent for Sale - 1968
  • Profile - 1972
  • Guitar for Sale - 1973
  • Tabernakel - 1973
  • Eli (mei Kaz Lux) - 1976
  • Jan Akkerman - 1977
  • Meditation - 1977 (mei Tony Scott)
  • Aranjuez (mei Claus Ogerman) - 1978
  • Live - 1978
  • Jan Akkerman 3 - 1979
  • The Best of Jan Akkerman and Friends - 1979
  • Transparental (mei Kaz Lux) - 1980
  • Oil In The Family - 1980
  • Santa Barbara - Live in Kiel/Stuttgart (mei Joachim Kuhn) - 1981
  • Pleasure Point - 1982
  • Can't Stand Noise - 1983
  • From the Basement - 1984
  • It Could Happen To You - 1985
  • The Complete Guitarist - 1986
  • The Noise Of Art - 1990
  • Guitar Special - 1991
  • Puccini's Café - 1993
  • Blues Hearts - 1994
  • The Guitar Player - 1996
  • Focus in Time - 1996
  • 10,000 Clowns On A Rainy Day - 1997
  • Live at the Priory - 1998
  • Passion - 1998
  • Live at Alexander's - 1999
  • C.U. - 2003
  • C.U.2 Live in Tokyo - 2007
  • Live in Concert - The Hague 2007 - 2007
  • Vlatko Stefanovski - Thunder From the Blue Sky - 2008
  • Jazzah - 2009
  • Fromage a Trois - 2009
  • Minor Details - 2011
  • North Sea Jazz - 2013
  • Close Beauty (Music Theories, 2019)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: