Klaasje Postma
Klaasje Postma (Grou, 10 febrewaris 1946) is in aktrise en toanielskriuwster út Britswert dy't wurke by Tryater.
Waard berne oan de Riedhûsstrjitte yn Grou en groeide op as dochter fan Jaap Postma en Tryntsje de Groot en hie twa suskes. Gie nei de Mulo en hie har earste baan as beukerliedster yn Ynskedee, letter yn Ljouwert. Fan 1978 oant 2006 wurke hja as fêste aktrise by it profesjonele toanielselskip Tryater yn Ljouwert.
Regisseurs dy't mei har wurken wiene Thom van der Goot, Guido Wevers, Peter Tuinman, Peter te Nuyl, Jos Thie en Hans Man in ’t Veld. De grutste part fan de foarstellingen spile se yn Fryslân. Ek spile se yn films fan Pieter Verhoeff as De Dream, Nynke en de De Fjoertoer''.
Rollen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nora, fan Henrik Ibsen
- De Feint (fan twa masters), fan Carlo Goldoni
- It Kersehôf, fan Anton Tsjechov
- Kening Lear, fan William Shakespeare
- Richard III, fan Shakespeare
- Romeo en Julia, fan Shakespeare
- In Midsimmernachtdream fan Shakespeare
Ien fan de lêste stikken dy ‘t se by Tryater spile wie Rolling Home, in stik oer har mem. Dit hat se sels skreaun en mear as 150 kear spile, wêrfan ek in oantal foarstellingen yn Kanada. It ferfolch Ameimy, dat se spilet mei Freark Smink, giet oer it ferstjerren fan har mem.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|