Hans Man in ’t Veld
Hans Man in ’t Veld (1945) is in Nederlânsk regisseur.
Hy rjochte yn 1969 de Toneelschuur yn Haarlim op. Yn 1970 wie In 't Veld ien fan de oprjochters fan it fernijende teäterkollektyf Het Werkteater en bleau oant 1987 oan dat selskip ferbûn. Dêrnei wie hy direkteur fan de Amsterdamske teäters de Brakke Grond en Frascati en fan 1990 - 1995 wie hy intendant fan de Hamburchske Kampnagel Internationale Kultur Fabrik GMBH. Yn dy perioade wie hy ûnder oare inisjatyfnimmer fan it Junge Hunde Festival en de Internationale Tanz Theater Woche.
Fan 1995 - 2003 wie er artistyk lieder fan de Regyoplieding fan de Amsterdamske Hegeskoalle fan de Keunsten en yn dy perioade ek tydlik waarnimmend artistyk lieder fan de Amsterdamske Toanielskoalle.
Fan 1 septimber 2003 oant 2007 wie er artistyk lieder, regisseur en direkteur fan Tryater. Dêrneist wurke er as dosint foar ferskate regy- en dramadosint-opliedingen en as akteur in films en teater.