De Teäterskoalle (Amsterdam)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amsterdamske Toanielskoalle)
De Teäterskoalle

De Teäterskoalle (De Theaterschool) is in fakulteit fan de Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten (AHK) en is fêstige oan de Jodenbreestraat 3 yn Amsterdam. De skoalle hat tolve bacheloropliedingen en trije masteropliedingen op it mêd fan teäter en dûns.

De Amsterdamske Toanielskoalle&Lytsekeunstakademy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amsterdamse Toneelschool&Kleinkunstacademie is jannewaris 2001 ûntstien út it byinoar gean fan de Amsterdamse Toneelschool (oprjochte 1874) en de Akademie voor Kleinkunst (oprjochte 1960). De skoalle is part fan de Teäterskoalle, teäterfakulteit fan de Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten. De skoalle is in fan it ministearje dan OC&W stipe, fjouwerjierrige bacheloroplieding yn it keunstfakûnderwiis (hbo). Studinten wurde oplaat ta akteur foar klassyk en modern toaniel, foar muzyk- en lytsekeunstteäter, foar film en telefyzje en performer fan eigen drama oant kabaret.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amsterdamske Toanielskoalle waard 1874 oprjochte troch it 'Nederlands Toneelverbond'. De earste direkteur wie J.H. Rennefeld. Yn 1968 ûntstie, laat fan de doetiidske direkteur Jan Kassies, de Teäterskoalle, in gearwurkingsferbân fan it tal Amsterdamske teäter- en dûnsskoalle, wêr't de Toanielskoalle, de Akademy foar Lytsekeunst, de Skapino Dûnsakademy en de Nel Roos Akademy foar ballet by wiene.
Om 1958 waard de Werkgroep Nederlands Cabaret oprjochte en waard út ein set mei in oplieding "De Cabaretschool". Bob Bouber wie de inisjatyfnimmer, in telch út in ferneamde toanielfamylje. Yn 1960 waard de namme fan de oplieding feroare yn ‘Stichting Akademie voor Kleinkunst’. Yn 1963 namen Johan Verdoner en Jo Gütlich it roer fan Bouber oer.

Yn 1968 kaam de Akademie voor Kleinkunst oan de Teäterskoalle. Sûnt 1988 is de Teäterskkoalle as teäterfakulteit ûnderdiel fan de Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten.

Alumny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tal alumny fan de eardere Toanielskoalle, de eardere Akademie voor Kleinkunst en de Amsterdamske Toanielskoalle&Lytsekeunstakademy fan no binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: