Springe nei ynhâld

Peter te Nuyl

Ut Wikipedy
Peter te Nuyl, foto: Ko Oosterwijk

Peter te Nuyl (Hilfertsom, 1955) is in Nederlânsk regisseur, skriuwer fan toaniel, opera en harkspullen.

As jonkje rekke hy fassinearre troch Bibelferhalen en it teatrale fan tsjerkerituelen, al groeide er net tsjerksk op. Studearre Toanielregy oan de Amster­damske Teater­skoalle en rûn operastaazjes by û.m. Harry Kupfer.

Fan 1990 oant 1993 wie hy artistyk lieder by Tryater. Foar it toaniel skreau en montearre hy stikken foar radio en teater op basis fan wurk en biografysk materiaal fan û.m. Frederik van Eeden, Dylan Thomas, Ivan Toergenjev en Kleist. Yn 1991 skreau hy, basearre op 15e-iuwske Fryske kroniken 'De Undergong fan Fryslân'. Foar Theater Cosmic skreau hy yn 2000 de ienakter Toetoep. Foar it muzykteater regissearre Te Nuyl wurk fan Luciano Berio, Simeon ten Holt en de opera 'Erendira' fan Klaas de Vries, dêr't er ek it libretto foar skreau. Dêrneist regissearre en skreau hy libretto’s foar ferskate opera’s yn Nederlân en Dútslân, foar selskippen lykas de Nederlânske Opera en de Nasjonale Reisopera.

Sûnt 1979 regissearre Te Nuyl by de NOS, KRO en NPS radiofoanyske stikken, mingfoarmen fan drama, dokumintêre, opera en eksperimintele radiofo­ny. Makke harkspulproduksjes as Het Bureau fan J.J. Voskuil en Bommel fan Marten Toonder. Neist syn eigen wurk docht Te Nuyl graach jonge skriuwers, regisseurs en ûntwerpers yn teater en radio.

Sette yn 2011 útein mei it regissearjen fan de 77 bibelferhalen ta audiofilm: De Bijbel Tapes. In produksje dy't 145 oere audiofilm beslacht en dêr't 40 Nederlânske topakteurs oan meiwurkje. It wurdt de langste harkspulrige út de Nederlânske skiednis. It earste diel mei de boeken Ester, Markus en Heechliet ferskynt yn maart 2012.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]