Springe nei ynhâld

Meindert Fennema

Ut Wikipedy
Meindert Fennema
Meindert Fennema (2015)
Meindert Fennema (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meindert Fennema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 maaie 1946
berteplak Ljouwert
stoarn 12 juny 2023
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
aktyf as heechlearaar yn de Politikology

Meindert Fennema (Ljouwert, 21 maaie 1946 - Amsterdam, 12 juny 2023) wie in Frysk politikolooch. Hy wie as heechlearaar oan de ôfdieling politikology en it Ynstitút foar Migraasje en Etnyske Stúdzjes fan de Universiteit fan Amsterdam ferbûn, dêr't er de learstoel politike teory fan etnyske ferhâldingen besette.

Fennema waard grutbrocht yn Zeist yn in Fryske húshâlding dêr't Frysk praat waard. Syn heit wie karmaster fan it iepenbier slachthûs yn Zeist. Pake Gerrit Fennema wie slachter yn Winaam, sosjalist, anargist en hielûnthâlder. [1]

Fennema studearre nei it gymnasium sosjology oan de Universiteit fan Utert en politikology oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr't er fan 1975 ôf as meiwurker oan ferbûn wie. Hy wie aktyf yn de studintebewging en wie belutsen by de 'affêre-Daudt' - heechlearaar Hans Daudt moast fuort nei in protte krityk fan studinten (dy't mear 'maatskippijkrityske' kolleezjes woene). Yn syn plak waard in tal oare dosinten oannaam, ûnder oaren Fennema sels.
Yn 1971 waard er lid fan de Kommunistyske Partij fan Nederlân (CPN), wat er oant de opheffing fan dy partij yn 1989 bleau. Letter waard er kritikus fan de 'linkse elite', benammen fan de oanfierders fan de Partij fan de Arbeid. Allinne GroenLinks koe genede fine yn sy eagen.

Yn 1981 promovearre Fennema mei it proefskrift International Networks of Banks and Industry. Hy hat in protte publikaasjes op it mêd fan anti-ymmigraasje partijen, etnyske organisaasjse en de ekonomyske elite op syn namme brocht. Teffens bejout Fennema him yn it publike debat mei bydragen op de opinysiden fan lanlike kranten. Yn 2010 liet er in biografy fan Geert Wilders mei de titel Geert Wilders. Tovenaarsleerling it ljocht sjen.

Op 11 maaie 2012 hold Fennema syn ôskiedskolleezje, ûnder de titel: Help! De elite verdwijnt!. Fan augustus 2012 ôf skriuwt er alle wiken in kollumn op De Volkskrant.nl. Op 27 augustus 2013 pesentearre er syn earste roman 'Het slachthuis' yn De Balie yn Amsterdam. By dy gelegenheid trede de Blue Diamond Riem de Wolff op, ien fan de personaazjes yn it boek.

Fennema behearde it argyf fan Hans Janmaat. Hy wie jierrenlang ien fan mar in pear minsken dy't it iepenlik opnamen foar it rjocht fan Janmaat op frijheid fan mieningútering. Fennema wie duo-gemeenteriedslid foar GrienLinks yn Bloemendaal.

Meindert Fennema ferstoar op 12 juny 2023, yn 'e âldens fan 77 jier, nei in lang siikwêzen.

  • De Multinationale Onderneming en de Nationale Staat. SUA, Amsterdam, 1975. s 102.
  • International Networks of Banks and Industry. Martinus Nijhoff, The Hague/Boston, 1982. s. 202.
  • [mei Ries van der Wouden (red.) Het Politicologendebat: wat is politiek? Van Gennep, Amsterdam, 1982. s. 162.
  • [mei H. Baudet e.o.] Het Nederlands Belang bij Indië. Het Spectrum, Utert/Antwerpen. 1983. s. 256.
  • [mei Gerda Dinkelman e.o.] Gemeentelijk energiebeleid. Bestuurlijke belemmeringen bij de invoering van duurzame energie en kleinschalige warmte-kracht koppeling. Vereniging Milieudefensie/ FSW-A, Amsterdam, 1984. s. 150.
  • [mei Kees van der Pijl] El Triunfo del Neoliberalismo. Taller, Santo Domingo, 1987. s.102
  • [met Troetje Loewenthal] La construccion de Raza y Nación en República Dominicana. UASD, Santo Domingo, 1987. s.67.
  • Condorcet, Beschouwingen over de Negerslavernij. Fert. M. Fennema en G. Karsten-van der Giesen. Mei ynlieding fan M. Fennema. Heureka, Weesp, 1989 s. 150. (tredde druk 1997)
  • [mei Michael Waller] (ed.), Communist Parties in Western Europe. Decline or adaptation?. Basil Blackwell, Oxford, 1988. s. 284. (Twadde druk 1991, Sineeske oersetting, 1993).
  • Dominicaanse Republiek/Haïti, KIT/Novib/NCOS, Amsterdam, 1992. s.75
  • [mei Frank Elbers], Racistische Partijen in West-Europa. Tussen nationale traditie en internationale samenwerking. Stichting Burgerschapskunde. Leien, 1993. s.175.
  • [mei Frank Elbers en Leo Balai] Politiek Racisme. Oorzaken, denkbeelden en bestrijding. AFS/ LBR/SBK. Leien, 1994. s.52.
  • 2001. De Moderne Democratie. Geschiedenis van een Politieke Theorie. Fannijs besjoene en útwreide druk. Amsterdam: Het Spinhuis
  • 2001. [mei Madelon de Keizer; Mariska Heijmans-van Bruggen; Erik Somers & Cees Maris] (ed.) Onrecht. Oorlog en rechtvaardigheid in de twintigste eeuw. Walburg Pers, Zutphen, s. 256.
  • 2003. Over de kwaliteit van politieke elites. Vossiuspers, Amsterdam, s. 48.
  • 2004. [mei Huibert Schijf] (ed.) Nederlandse Elites in de twintigste eeuw. Continuïteit en verandering. Amsterdam University Press, Amsterdam, s. 128.
  • 2007. Dr. Hans Max Hirschfeld. Man van het Grote Geld. Mei John Rhijnsburger. Amsterdam: Bert Bakker
  • 2009. Geldt de vrijheid van meningsuiting ook voor racisten? Elsevier, Amsterdam, s. 29.
  • 2010. Geert Wilders. Tovenaarsleerling. Amsterdam: Bert Bakker
  • 2012. Van Thomas Jefferson tot Pim Fortuyn. Balans van de Democratie, Apeldoarn, Spinhuis
  • 2012. Help, de elite verdwijnt!, Amsterdam, Bert Bakker
  • 2013. Het slachthuis, roman. Prometheus
  • 2015. Goed fout, herinnering van een meeloper. Amsterdam, Prometheus
  • 2015. De succesvolle mislukking van Europa, ko-redakteur mei Frits Bolkestein en Paul Cliteur, Houtekiet
  • 2018. Dorpspolitiek. Waar is het lokale gezag?, mei Martijn Bolkestein. Amsterdam, Prometheus, febrewaris 2018
  • Sofie Cerutti, De oude elite, die was zo slecht nog niet, yn: Trouw, 12 maaie 2012
  • Thierry Baudet & Geerten Walin, Jarenlang was Fennema de enige die het openlijk opnam voor het recht van Janmaat om vrijuit te spreken, yn: De Volkskrant, 14 maaie 2012

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd 27 novimber 2013, s. 36. Ynterview fan Abe de Vries mei Fennema