Springe nei ynhâld

Zakia Meghji

Ut Wikipedy
Zakia Meghji
politikus
echte namme Zakia Hamdani Meghji
nasjonaliteit Tanzaniaansk
bertedatum 31 desimber 1946
berteplak Sansibar (Sansibar)
etnisiteit Swahily
partij Chama cha Mapinduzi (CCM)
lid fan it Tanzaniaanske Parlemint
amtsperioade 2005 – no
Tanzaniaansk minister fan Finânsjes
amtsperioade 20062008
foargonger Basil Mramba
opfolger Mustafa Mkulo
Tanzaniaansk minister fan Natuerlike Helpboarnen en Toerisme
amtsperioade 19972005
foargonger Juma Ngasongwa
opfolger Anthony Diallo
Tanzaniaansk minister fan Sûnens
amtsperioade 19941997
Tanzaniaansk ûnderminister fan Sûnens
amtsperioade 19921994

Zakia Meghji (folút: Zakia Hamdani Meghji; Sansibar, 31 desimber 1946) is in Tanzaniaansk politika fan etnysk Swahily-komôf út 'e autonome republyk Sansibar. Hja hat û.m. tsjinne as minister fan Toerisme en wie letter de earste froulike minister fan Finânsjes fan Tanzania.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meghji waard yn 1946 berne yn 'e stêd Sansibar, dat doe noch de haadstêd wie fan it Sultanaat Sansibar, in protektoraat ûnder Britsk bestjoer. Hja sette ein sechstiger jierren mei har karriêre útein, nei't sultanaat yn 1963 ûnôfhinklik wurden wie, de sultan yn 1964 ôfset wie en it lytse steatsje koart dêrnei gearfoege wie mei Tanganjika ta de Feriene Republyk Tanzania.

Meghji is in lid fan 'e Chama cha Mapinduzi (CCM), de politike partij dy't yn Tanzania al sûnt de 1960-er jierren oan 'e macht is. Hja krige lanlike bekendheid doe't se fan 1992 oant 1994 as ûnderminister fan Sûnens tsjinne yn it regear fan presidint Ali Hassan Mwinyi. Neitiid wie se fan 1994 oant 1997 minister fan Sûnens, earst ûnder Mwinyi, en fan 1995 ôf ûnder presidint Benjamin Mkapa. Dyselde beneamde har yn 1997 ta minister fan Natuerlike Helpboarnen en Toerisme, in amt dat Meghji oant 2005 beklaaide. As minister fan Toerisme wie hja ferantwurdlik foar in grut tal ferbetterings op it mêd fan belied en útfiering.

Under it regear fan presidint Jakaya Kikwete wie Meghji fan 2006 oant 2008 de earste froulike minister fan Finânsjes fan Tanzania. Dêrnjonken hat se fan 2005 ôf ek in sit yn it Tanzaniaanske parlemint, as in beneamd (en dus net keazen) folksfertsjintwurdiger. Sûnt novimber 2012 is Meghji de siktaris foar Ekonomyske Saken en Finânsjes fan har partij, de CCM.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.