Konnetikut

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Connecticut
Vlag van Connecticut Gjin wapen
Map of USA highlighting Connecticut.png
Ofkoarting CT
Haadstêd Hartford
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 14.371
Befolking 3.503.604
Oare ynformaasje
Tatreden 9 jannewaris 1788
Oantal countys 8

Konnetikut is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. Haadstêd is Hartford.

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

De namme komt fan it wurd Quinnehtukcut, dat yn de taal van de Algonkwin-Yndianen "lâns de lange tijenrivier" betsjut en dat neat te krijen hat mei it Ingelske tiidwurd "to connect" (ferbine).

De earste Jeropeeske ûntdekker dy't dêr foet oan wâl sette wie de Nederlânske ûntdekkingsreizger Adriaen Block. Hy makke yn 1614 in reis troch it gebiet. De pelshannelers dy't er by him hie joegen de 'Konnetikut River' de namme Versche Rivier. Sy bouden in fort 'Dutch Point' tichtby it tsjintwurdige Hartford, en neamden dizze delsetting 'Hûs fan Hoop' (House of Hope).

Al gau festigden harren ek oare Jeropeanen yn it gebiet. Yn 1633, kamen út Massachusetts de Puriteinen oer.

Konnetikut hearde by de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin it Ingelske gesach (sjoch: Amerikaanske Revolúsje). Op 9 jannewaris 1788 ratifisearre it as 5e steat de Amerikaanse grûnwet. Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch stie de steat oan de side fan de Uny.

Geografy [bewurkje seksje]

Konnetikut is 14.371 km² grut en ien fan de lytsere steaten. It gebiet grinzet yn it westen oan de steat New York, yn it noarden oan Massachusetts en yn it easten oan Rhode Island. It suden fan de steat leit oan de Atlantyske Oseaan.

It noarden is foaral berch- en heuveleftich mei it heechste punt op 725 meter hichte, it suden is frij flak. Fierders binne der in soad marren en rivieren, wêrfan de wichtichste de Konnetikut rivier is, dy't fanút Massachusetts lâns Hartford súdwaarts nei de oseaan streamd.

New Haven

Nijsgjirrichheden [bewurkje seksje]

De wichtichste stêden binne de haadstêd Hartford, Stamford, Bridgeport, New Haven en Windsor. Yn New Haven befynt him de prestisjeuze Yale-universiteit.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]