Adriaen Block

Ut Wikipedy
De kaart fan Adriaen Block fan 1614 mei Long Island. Ek de earste kaart mei de namme "Nieuw-Nederland"

Adriaen Courtsen Block (om 1567Amsterdam, 27 april 1627) is in Nederlânske ûntdekkingsreizger, dy't yn 1613 troch Amsterdamske keaplju útstjoerd waard om te hanneljen yn it gebiet dat troch Henry Hudson ûntdutsen wie. It gie har om it bûnt fan de Noard-Amerikaanske pelsdieren.

Omdat syn skip yn de brân rekke wie, boude er in nijenien. Nei in oerwintering yn de kontreien fan it hjoeddeiske Albany, sylde Block de rivier de Konnetikut op. Hy wie de earste Europeaan dy't it Lange Eiland (Long Island) en Manhattan as aparte eilannen tekene. Dy kaart is bewarre bleaun. Block brûkte ek de term Nij-Nederlân foar it earst op in kaart.

Block Island, in eilân foar de kust fan de steat Rhode Island, is nei Adriaen Block ferneamd. Hy besocht it eilân yn 1614. Block bleau oant syn dea yn 1627 farren. Hy is begroeven in de Alde Tsjerke yn Amsterdam.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]