Mystic (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamgebiet fan de Mystic


De rivier Mystic (Ingelsk: Mystic River) is in rivier yn de Feriene Steaten yn de steat Massachusetts. De rivier is 10 km lang en rint foar in part parallel oan de ûnderrin fan de rivier de Charles. It streamgebiet beslacht 197 km².

De naam is ôflaat fan it Wampanoagwurd "muhs-uhtuq", dat "grutte rivier" betsjut. De rivier steamt fan it Lower Mystic Lake troch de regio Boston en de mienskippen Arlington, Medford, Somerville, Everett, Charlestown, Chelsea en East-Boston. De Mystic mûnet yn de haven fan Boston.