Charles (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamgebiet fan de Charles

De rivier de Charles (Ingelsk: Charles River), is in relatyf koarte rivier yn de steat Massachusetts yn de Feriene Steaten fan Amearika, dy't Boston fan Cambridge en Charlestown skiedt.

De rivier wurdt fuorre troch likernôch tachtich beekjes en ferskate boarnen ûnder de grûn. De Charles meänderet mei grutte bochten troch it lânskip oer in lingte fan sa'n 130 km fan Echo Lake yn Hopkinton ôf. Hy rint troch 58 stêden en doarpen yn it easten fan Massachusetts, eardat er yn de haven fan Boston mûnet. Yn ferhâlding ta de lingte fan de rivier en it relatyf grutte ôfwetteringsgebiet fan sa'n 750 km², leit de boarne himelsbreed tichtby, mar 42 km fan de mûning fan de rivier; en it ferfal is mar 105 m. It is it meast tichtbefolke rivierbekken fan New England.

De Harvard-universiteit, de Universiteit fan Boston en it Technologysk Ynstitút fan Massachusetts lizze allegeare oan de Charles; yn Boston seld ferbredet de rivier him ta in mar dat omjûn is fan parken, sa as de Charles River Esplanade. De rivier wurdt brûkt foar wettersport, fral roeie en silen. Elts jier yn oktober wurdt de roeiwedstriid de Head of the Charles dêr holden.

De Charles yn de populêre kultuer[bewurkje seksje | edit source]

De rivier Charles komt foar yn de popsong "Dirty Water" fan de groep The Standells.

Down by the River...
Down by the banks of the River Charles
(Oh, that's what's happenin' baby)
That's where you'll find me
Along with lovers, muggers, and thieves.
(Ahh, but they're cool people)

It nûmer giet oer Boston, en wurdt soms as Boston syn offisieuze folksliet beskôge. It waard skreaun doe't Boston swierrichheden mei wetterfersmoarging hie ("I love your dirty water, Boston you're my town").