Skoatterlân
Skoatterlân | |
---|---|
De Drie Pilaren (rj.) yn Aldskoat: it âlde gritenijhûs fan Skoatterlân. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Aldskoat |
grutste plak | It Hearrenfean |
ynwennertal | 17.379 (1930) |
befolkingstichtens | 113,9 / km² |
oerflak | 152,50 km² |
tal doarpen | 19 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Skoatterlân |
opheft | 1934 |
opgien yn | It Hearrenfean Haskerlân Lemsterlân |
no part fan | It Hearrenfean De Fryske Marren |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Skoatterlân (Nederlânsk en offisjeel: Schoterland) wie in eardere gritenij en gemeente yn it súd-easten fan Fryslân by de Tsjonger lâns, mei in gebiet fan 152,50 km² en ûnderdiel fan de Sânwâlden. Op 31 desimber 1930 hie Skoatterlân 17.379 ynwenners.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoatterlân ûntstie yn 'e 14e iuw en hiet eartiids Skoatterwerf. Fan 1550 oant 1581 wie Skoatterlân opdield yn tertieren (ek tuych); in eastertertier, in middeltertier en in westertertier. De warkeamer (of de werf) foar it rjocht wie yn "De Drie Pilaren” yn Aldskoat en fan 1828 wie Oenemastate it gritenij- / gemeentehûs. De gritenij Skoattelân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is it grutste part fan Skoatterlân in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei. In part yn it súdwesten mei Dolsterhuzen, Reahel, Rotsterhaule, Rottum, Sint-Jânsgea en Rotstergaast waard tafoege oan Haskerlân. Skoatter Uterdiken en Skoattersyl waard tafoege oan Lemsterlân.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadplak wie Aldskoat, en de oare doarpen yn de gemeente wiene: Aldhoarne, Bontebok, Dolsterhuzen, It Hearrenfean (foar it oergrutte part), Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe (oarspronklik ferdield yn Under-Knipe en Boppe-Knipe), Nijhoarne, Nijskoat, Mildaam, It Oranjewâld, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum, Sint-Jânsgea en Skoatter Uterdiken.
Fierders leine yn 'e gemeente de buorskippen Annebuorren, Brongergea, Fjouwerhûs, Jobbegea-Skuorregea, It Mar, Sânbuert, Sechtjinroeden, Skoattersyl, Unlân en Westergaast.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|