Springe nei ynhâld

Inglourious Basterds

Ut Wikipedy
Inglourious Basterds
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Lawrence Bender
senario Quintin Tarantino
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk gearstald tr. Quentin Tarantino
filmstudio A Band Apart
Studio Babelsberg
Visiona Romantica
distribúsje The Weinstein Company (F.S.)
Universal Pictures (ynternasj.)
spilers
haadrollen Brad Pitt
Christoph Waltz
voice-over Samuel L. Jackson
byrollen Mélanie Laurent
Diane Kruger
Daniel Brühl
Michael Fassbender
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 19 augustus 2009
foarm langspylfilm
sjenre alternate history-oarlochsfilm
taal Ingelsk, Dútsk, Frânsk
(ek in bytsje Italjaansk)
spyltiid 153 minuten
budget en resultaten
budget $70 miljoen
opbringst $321,4 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × Golden Globe
2 × SAG Award
1 × BAFTA
1 × David di Donatello
1 × Saturn Award
1 × Satellite Award

Inglourious Basterds is in Amerikaansk-Dútske satiryske oarlochsfilm út 2009 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, dy't ta it fantasy-subsjenre fan alternate history rekkene wurde moat. De haadrollen waarden fertolken troch Brad Pitt en Christoph Waltz, mei Mélanie Laurent, Diane Kruger, Daniel Brühl en Michael Fassbender yn 'e wichtichste byrollen. De titel fan 'e film betsjut "Romleaze Smearlappen", en befettet twa opsetlike skriuwflaters (de korrekte Ingelske stavering soe Inglorious Bastards wêze moatte).

It ferhaal folget twa paralelle gearspannings om Adolf Hitler en de politike en militêre top fan nazy-Dútslân út 'e wei te romjen en dêrmei de Twadde Wrâldoarloch ta in foartidige ein te bringen. Ien plan dêrfoar komt út 'e koker fan 'e op wraak sinnende jonge Joadsk-Frânske bioskoopeigneresse Shosanna Dreyfus, wylst it oare bewurkmastere wurdt troch de Alliëarde geheime tsjinsten, mei de Amerikaanske luitenant Aldo Raine en syn mannen as úteinlike útfierders. Underwilens beleit de opportunistyske en folslein ûnmeilydsume SS-kolonel Hans Landa syn eigen plannen om 'e oansteande fal fan it nazy-rezjym te oerlibjen.

Inglourious Basterds waard foar it earst fertoand yn augustus 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. Fral de Eastenrykske akteur Christoph Waltz waard priizge foar syn fertolking fan 'e rol fan kolonel Landa. Hy wûn foar syn aktearprestaasjes in Oscar, in Golden Globe, in Screen Actors Guild Award, in BAFTA, in Satellite Award en de priis foar bêste akteur op it Filmfestival fan Cannes. Inglourious Basterds sels waard nominearre foar û.o. de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama, en wûn in Saturn Award en de Italjaanske David di Donatello foar bêste bûtenlânske film.

Yn beset Frankryk ûnderfreget kolonel Hans Landa fan 'e SS yn 1941 boer Perrier LaPadite, dy't er derfan fertinkt beskûl te bieden oan Joadske ûnderdûkers. Ynstee fan 'e wyn dy't de boer him oanbiedt, freget Landa om in glês molke. Yndie sit de út fiif leden besteande Joadske húshâlding Dreyfus ferburgen yn 'e krûpromte ûnder de flier. Landa makket oan LaPadite dúdlik dat er it skûlplak al útfigelearre hat en stelt de man foar de kar om syn eigen gesin te rêden of it lot fan 'e famylje Dreyfus te dielen. In gûlende LaPadite kiest derfoar om syn trije dochters te rêden en wiist it krekte skûlplak fan 'e Joaden oan. Landa lit syn mannen mei mitrailleurs troch de flier hinne sjitte, wêrby't Jakob en Miriam Dreyfus en harren beide soannen de dea fine. Inkeld harren dochter, de achttjinjierrige Shosanna, oerlibbet en naait út as sit de duvel har op 'e hakken. Hja wit te ûntkommen om't Landa dat tastiet. Hy ropt har efternei: "Oant sjen, Shosanna!"

Trije jier letter, yn 1944, stalt luitenant Aldo Raine fan it Amerikaanske Leger yn opdracht fan it Office of Strategic Services (OSS, de foarrinner fan 'e CIA), in lytse kommando-ienheid gear dy't, útsein wat himsels oangiet, folslein opmakke is út Joadske Amerikanen. De út njoggen man besteande ienheid wurdt foarôfgeande oan D-Day efter de nazy-Dútske linys dropt om dêr safolle mooglik gaos te kreëarjen. Under de leden binne sersjant Donny Donowitz, dy't al rillegau de bynamme "de Bearejoad" kriget om't er kriichsfinzen nommen Dútske militêren deaslacht mei in honkbalkneppel, en korporaal Wilhelm Wicki, in Joad út München dy't foàr de oarloch de wyk nommen hat nei de Feriene Steaten en dy't de iennichste fan 'e groep is dy't Dútsk sprekt.

De mannen neame harsels de "Basterds". Ien fan harren earste dieden is om 'e Dútske soldaat Hugo Stiglitz te befrijen, dy't op 'e deastraf wachtet om't er trettjin ofsieren fan 'e Gestapo fermoarde hat. Stiglitz jout him neitiid by harren. De Basterds deadzje safolle mooglik Dútske soldaten, dy't se dêrnei skalpearje, mar fan eltse groep litte se hieltyd ien yn libben om 'e eangst foar harren dieden te fersprieden. By eltse oerlibbene wurdt lykwols troch Raine mei syn Bowiemês in heakkekrús yn 'e foarholle kurven.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Parys hat Shosanna Dreyfus ûnderwilens in nije identiteit oannommen as Emmanuelle Mimieux, de eigneresse fan in lytse bioskoop. Hja wurdt lestich fallen troch in Dútske soldaat dy't Fredrick Zoller hjit en dy't nei't it skynt fereale op har rekke is. It docht bliken dat Zoller mank de Wehrmacht, SS en Gestapo ferneamd is om't er yn Itaalje as slûpskutter oer in perioade fan trije dagen út in tsjerketoer wei 250 Amerikaanske soldaten deasketten hat. Dêroer is yn opdracht fan 'e Dútske minister fan propaganda Joseph Goebbels in propagandafilm makke, dy't de titel Stolz der Nation ("Grutskens fan 'e Naasje") krigen hat. Zoller hat dêryn himsels spile.

Shosanna makket ferskate kearen dúdlik dat se neat mei Zoller te krijen hawwe wol, mar hy nimt gjin nee foar antwurd oan. Ynstee bepraat er Goebbels om 'e premiêre fan Stolz der Nation, dy't eins yn it Ritzhotel yn Parys holden wurde soe, te ferpleatsen nei de bioskoop fan Shosanna. Sy hat dêr sels neat oer te sizzen, mar wurdt troch de Gestapo ûntfierd foar in moeting yn in sjyk restaurant mei Goebbels en Zoller. Neitiid moat se oer de befeiliging fan 'e premiêre oerlizze mei nimmen oars as kolonel Landa, de moardner fan har famylje. Dyselde suggerearret (mar seit net planút) dat er wit wa't sy is troch foar har in glês molke te bestellen. No't gearwurking mei de nazys foar de filmpremiêre har opkrongen is, begjint Shosanna, yn 'e mande mei har negroïde minner en projeksjonist Marcel, te risselwearjen om Goebbels en de oare hege nazy-pommeranten op 'e premiêre te deadzjen troch de filmseal ôf te sluten en brân te stiftsjen.

Underwilens rekrutearret de Britske generaal Fenech yn oanwêzigens fan premier Winston Churchill luitenant Archie Hicox, in eardere filmkritikus, foar in geheime misje yn beset Frankryk. Hy moat mei de Basterds in wraam dwaan op 'e premiêre fan Stolz der Nation om 'e oanwêzige nazy-pommeranten dêre te deadzjen. Hicox wurdt dropt yn Frankryk en oppikt troch de Basterds. Dêrnei moat de groep kontakt lizze mei de Dútske filmstjer Bridget von Hammersmark, dy't as geheim aginte foar de Alliëarden wurket. As moetingsplak is in Frânsk kafee útkeazen yn it sûterrên fan in gebou yn in doarp net fier fan Parys.

Troch stomme pech sit dy jûns yn it kafee in groepke Dútske soldaten, dat ûnferwachts ferlof krigen hat om't ien fan harren, sersjant Wilhelm, dy deis heit wurden is. Hammersmark set op fersyk fan Wilhelm har hantekening foar him op in servet. De dronken Wilhelm en syn maten fersteure allegeduerigen de moeting fan 'e as Dútske ofsieren ferklaaide Hicox, Stiglitz en Wicki mei Hammersmark. As Hicox op 't langelêst syn geduld mei Wilhelm ferliest, lûkt er dêrmei de oandacht fan majoar Dieter Hellström fan 'e Gestapo, dy't tafallich ek yn it kafee oanwêzich is. Nei in lange, senuwslopende konfrontaasje ferriedt Hicox himsels sûnder erch as Ingelsman troch in ûnbelangryk hângebeart. In sjitpartij brekt los, wêrby't Hellström, alle maten fan Wilhelm, Eric de weard en servearster Mathilda de dea fine, krekt as Hicox, Stiglitz en Wicki. Inkeld Wilhelm en Hammersmark oerlibje it fjoergefjocht, mar Hammersmark rint in skotwûne yn har ûnderskonk op.

Neitiid besiket Raine mei Wilhelm te ûnderhanneljen oer it libben fan Hammersmark, mar as Wilhelm úteinlings syn mitrailleur delleit, hellet Hammersmark sels in pistoal foar it ljocht en sjit him dea. Hja wurdt troch Raine en de oare Basterds nei in dokter brocht, dêr't Raine, dy't har fan dûbelspul fertinkt, har martelet foar't se medyske help kriget. Hammersmark wit him der lykwols fan te oertsjûgjen dat sy te goeder trou is. Letter wurdt it kafee dêr't de sjitpartij wie, besocht troch kolonel Landa, dy't der middenmank de ravaazje in elegante frouljusskoech (Hammersmark harres) en it servet mei de hantekening fan Hammersmark fynt.

Hammersmark bringt oan Raine út dat net inkeld Goebbels by de premiêre fan Stolz der Nation oanwêzich wêze sil, mar de Dútske diktator Adolf Hitler sels ek. Raine beslút om it plan foar de moardoanslach troch te setten, mei himsels, Donowitz en Omar Ulmer yn 'e rol fan ynfiltranten dy't eins foar Hicox, Stiglitz en Wicki weilein wiene. It probleem is dat Raine, Donowitz en Ulmer gjin Dútsk sprekke, mar Raine en Donowitz binne wol wat Italjaansk machtich. Hammersmark, dy't sels omreden fan har status as filmstjer foar de premiêre útnûge is, beslút harren te yntrodusearjen as Italjaanske freonen fan harres. Hoe't se mei har skotwûne rinne kin, wurdt oplost troch Raine, dy't har skonk yn it gips sette lit as hat se dy brutsen by it berchbeklimmen ("dat ommers alle Dútsers graach dogge").

Op 'e premiêre ynfiltrearje Raine, Donowitz en Ulmer ûnder begelieding fan in mankepoatsjende Hammersmark it selskip fan nazy-pommeranten mei tiidbommen oan harren skonken bûn. Landa lit Donowitz en Ulmer gewurde, mar freget Hammersmark oft er har ûnder fjouwer eagen te wurd kin. As se allinnich binne, docht er har de skoech út en hellet er de skoech foar 't ljocht dy't er yn it kafee oantroffen hat, dy't er har, as wie se Jiskepûster, oanprebearje lit. It ding blykt har te passen as wied er foar har makke (wat ek sa is). Nei dat ûnnedige teäterstikje grypt Landa Hammersmark ûnferhoeds by de kiel en smoart er har oant se dea is. Dêrnei lit er Raine en de bûten wachtsjende Smithson Utivich, in oar lid fan 'e Basterds, oppakke. Ynstee dat er besiket om Hitler en de nazy-top te rêden, iepenet Landa ûnderhannelings oer syn eigen lot nei de oarloch. Hy lit Raine tillefoanysk kontakt lizze mei syn superieur by it OSS, wêrnei't er dy generaal oanbiedt om 'e oanslach op Hitler-en-dy troch Donowitz en Ulmer trochgean te litten yn ruil foar frije trochtocht troch de Alliëarde linys, amnesty foar al syn oarlochsmisdieden, de Amerikaanske nasjonaliteit en in lângoed op it eilân Nantucket yn Massachusetts. De dea fan Hitler is de Alliëarden hiel wat wurdich, dat Landa kriget syn sin en set mei Raine en Utivich ôf rjochting it front yn Normanje.

Yn 'e bioskoop glûpt Zoller ûnderwilens ta de filmseal út om him by Shosanna yn 'e projektorromte te jaan, mei as doel om seksuele omgong mei har te hawwen. Syn oanwêzigens hat hja ferlet fan as pinemûle, mar de sympatyk lykjende Zoller lit no syn wiere aard blike troch dúdlik te meitsjen dat er gjin nee fan har akseptearje sil. Shosanna beart dat se tajout en freget him de doar te beskoatteljen, mar se hellet út har hântaske in derringer foar 't ljocht en sjit him yn 'e rêch. Dom genôch kontrolearret se net oft er wol dea is, wat Zoller by steat stelt om sels in pistoal te lûken en Shosanna del te sjitten. Allebeide beswike se neitiid oan harren wûnen. Net folle letter krije de nazys yn 'e filmseal ynienen bylden fan Shosanna te sjen, dy't se sels yn Stolz der Nation ynfoege hat. Se seit har kjel wurden publyk oan dat se op it punt steane om fermoarde te wurden troch in Joadinne. Dêrop stekt Marcel efter it filmskerm in mânske bulte tige flambere nitraatfilm oan, mei as gefolch dat de filmseal al rillegau yn ljochte lôge stiet. Op frijwol datselde stuit falle Donowitz en Ulmer de lôzje fan Hitler binnen, dy't se, yn 'e mande mei û.o. Goebbels, trochsingelje mei kûgels. De nazys yn 'e seal besykje fuort te kommen, mar de doarren fan 'e seal binne troch Marcel hermetysk ôfsletten. De nazys sitte as rotten yn 'e fâle en komme úteinlings allegearre om as de tiidbommen ôfgeane dy't Donowitz en Ulmer yn 'e seal efterlitten hawwe.

Landa berikt de Alliëarde linys, dêr't er Raine en Utivich frijlit en himsels formeel oan harren oerjout. Raine jout lykwols neat om 'e oerienkomst dy't Landa mei syn oerhearrigen berikt hat, en nimt de tiid om earst in heakkekrús yn 'e foarholle fan 'e SS-er te kervjen.

Brad Pitt.
Christoph Waltz.
Mélanie Laurent.
Diane Kruger.
Daniel Brühl.
Michael Fassbender.
haadrollen
personaazje             akteur/aktrise
luitenant Aldo Raine Brad Pitt
kolonel Hans Landa Christoph Waltz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Shosanna Dreyfus / Emmanuelle Mimieux Mélanie Laurent
Bridget von Hammersmark Diane Kruger
Fredrick Zoller Daniel Brühl
luitenant Archie Hicox Michael Fassbender
sersjant Donny Donowitz Eli Roth
sersjant Hugo Stiglitz Til Schweiger
Joseph Goebbels Sylvester Groth
Adolf Hitler Martin Wuttke
Francesca Mondino Julie Dreyfus
majoar Dieter Hellström August Diehl
sersjant Wilhelm Alexander Fehling
Smithson Utivich B.J. Novak
korporaal Wilhelm Wicki Gedeon Burkhard
Marcel Jacky Ido
soldaat Omar Ulmer Omar Doom
soldaat Hirschberg Samm Levine
Perrie LaPadite Denis Ménochet
generaal Ed Fenech Mike Myers (cameo)
sersjant Rachtmann Richard Sammel
kafee-eigner Eric Christian Berkel
servearster Mathilda Anne-Sophie Franck
Winston Churchill Rod Taylor (cameo)
soldaat Butz Sönke Möhring
soldaat Andy Kagan Paul Rust
soldaat Michael Zimmerman Michael Bacall
soldaat Simon Sakowitz Carlos Fidel
de "Mata Hari"-soldaat Ken Duken
de "Edgar Wallace"-soldaat Volker Zack Michalowski
Charlotte LaPadite Léa Seydoux
Julie LaPadite Tina Rodríguez
Suzanne LaPadite Lena Friedrich
Babette Jana Pallaske
generaal Schönherr Rainer Bock
generaal Frank Michael Scheel
Gaspar Buddy Joe Hookere
Kliest Christian Brückner
Emil Jannings Hilmar Eichhorn
Jakob Dreyfus Patrick Elias
Miriam Dreyfus Eva Löbau
Bob Dreyfus Salvadore Brandt
Amos Dreyfus Jasper Linnewedel
OSS-generaal oan tillefoan Harvey Keitel (stimcameo)
ferteller Samuel L. Jackson (stimcameo)
skalpearre nazy Quentin Tarantino (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inglourious Basterds wie it geastesbern fan 'e Amerikaanske filmmakker Quentin Tarantino. Dyselde spandearre mear as tsien jier oan it skriuwen fan it senario foar de film om't, sa't er it yn in fraachpetear neamde, "de bledsiden him te dierber" waarden. Dêrmei bedoelde er dat it ferhaal fierstente lang waard om te ferfilmjen en dat it him oandearde om deryn te skrassen. It skript gie troch in stikmannich frij sterk útinoar rinnende ynkarnaasjes ear't it syn úteinlike foarm berikte. As produsint wie Lawrence Bender by it projekt belutsen foar de filmstudio's A Band Apart, Studio Babelsberg en Visiona Romantica. Inglourious Basterds wie sadwaande in Amerikaansk-Dútske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $70 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson, en de filmmuzyk waard troch Tarantino sels gearstald út besteande muzykstikken.

Regisseur Quentin Tarantino.

Quentin Tarantino en akteur Brad Pitt woene al in skoft gearwurkje, en yn luitenant Aldo Raine fûn Tarantino einlings yn ien fan syn films in gaadlike rol foar Pitt, dy't daliks tasei doe't er frege waard. Foar de krúsjale rol fan SS-kolonel Hans Landa tocht Tarantino earst oan Leonardo DiCaprio, mar hy besleat dat er ferlet hie fan in akteur dy't it Dútsk as memmetaal hie. Krekt doe't er begûn te freezjen dat de rol fan Landa ûnspylber wie, fûn er de akteur dy't er socht yn 'e persoan fan 'e Eastenriker Christoph Waltz.

Foar de rol fan Bridget von Hammersmark hie Tarantino filmstjer Nastassja Kinski yn gedachten, en hy reizge sels nei Dútslân ta om har te moetsjen, mar it slagge net om mei har in oerienkomst te berikken. Ynstee waard Diane Kruger doe cast as Hammersmark. Foar de rol fan Shosana Dreyfus hie Tarantino ferlet fan in Frânsktalige aktrise. Hy mette Mélanie Laurent trije kear ear't er foar har keas. Daniel Brühl waard Tarantino foar de rol fan Fredrick Zoller oanrikkemandearre troch filmmakker Tom Tykwer, dy't dielen fan 'e dialooch yn it Dútsk oersette.

Studio Babelsberg yn Potsdam, dêr't Inglourious Basterds foar it meastepart filme waard.

De Iersk-Dútske akteur Michael Fassbender waard cast yn 'e rol fan luitenant Archie Hicox. Foar de rol fan Donny Donowitz hie Tarantino Adam Sandler op it each, mar dy wie net beskikber om't er him foar de opnameperioade al fêstlein hie foar Funny People. Rod Taylor, dy't effektyf mei pinsjoen wie en net mear aktearre, waard troch Tarantino bepraat om yn in koarte sêne yn Inglourious Basterds as Winston Churchill te ferskinen. Mike Myers, bekend fan 'e satiryske filmrige Austin Powers, wie in fan fan 'e films fan Tarantino en angelfiske sels nei in roltsje; hy hat yn 'e film in cameo as generaal Fenech.

De opnamen foar Inglourious Basterds setten op 13 oktober 2008 útein. Inglourious Basterds wie in meartalige film, wêryn't likefolle Dútsk en Frânsk sprutsen wurdt as Ingelsk (en ek in bytsje Italjaansk), wat de opnamen der net ienfâldiger op makken troch it bestean fan in taalkleau mei de regisseur. De measte sênes waarden opnommen yn it studiokompleks fan Studio Babelsberg yn Potsdam. Der waard ek op lokaasje filme, benammen yn Parys en yn Bad Schandau, in kueroarde yn Dútslân, deunby de Tsjechyske grins.

Neffens akteur Eli Roth ferbaarnden hy, syn kollega-akteurs en de filmcrew hast libben by de opname fan 'e brân yn 'e bioskoop. Der wie yn 't foar berekkene dat it fjoer in temperatuer fan 400 °C berikke soe, mar it bliek in temperatuer fan 1.200 °C te berikken. It grutte heakkekrús dat yn dy sêne delploft, hie eins hingjen bliuwe moatten, mei't it mei stielene keabels fêstset wie, mar troch de ûnferwachte hjittens fan it fjoer, waard it stiel sêft en briek it.

De distribúsje fan Inglourious Basterds waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch The Weinstein Company fan filmprodusinten Harvey en Bob Weinstein, en om utens troch Universal Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 20 maaie 2009 as ûnderdiel fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dêr't er meitong om 'e Gouden Palm. Fan it publyk krige de film dêre in steande ovaasje fan acht minuten. Regisseur Quentin Tarantino sei dat er de film nei dat filmfestival op 'e nij montearje soe, mei't de ferzje dy't yn Cannes te sjen wie halje-trawalje yninoar flânze wie om op 'e tiid klear te wêzen.

F.l.n.rj. akteurs Eli Roth en Mélanie Laurent en filmprodusint Lawrence Bender by de premiêre fan Inglourious Basterds yn augustus 2009.

Inglourious Basterds kaam op 19 augustus 2009 yn Frankryk en it Feriene Keninkryk yn 'e bioskopen, yn Dútslân op 20 augustus en yn 'e Feriene Steaten op 21 augustus. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 augustus by platemaatskippijen Maverik Records en Warner Bros. Records. Inglourious Basterds waard op 15 desimber 2009 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Inglourious Basterds oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy omskreau Inglourious Basterds as "in grutte, moedige, riskante oarlochsfilm dy't guon yrritearje sil, oaren kjel meitsje en op 'e nij demonstrearje dat [Tarantino] echt is wat er liket te wêzen: in regisseur fan Don Quichot-eftige útskroevenens." De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli parte de film ek 4 fan 4 stjerren ta. Neffens him wie Inglourious Basterds de bêste film dy't Tarantino makke hie sûnt Pulp Fiction (1994) en wie it "in ferrekt fermaaklik ritsje".

Oare resinsinten dy't de film tige by tige priizgen, wiene û.o. Richard Roeper yn syn bloch, Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle, Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly, Frank Scheck fan The Hollywood Reporter en Claudia Puig fan USA Today. Yn it tydskrift Variety hie Anne Thompson ek lof foar de film, mar hja fûn it gjin masterwurk. Se skreau: "[It] is hiel leuk om te sjen, mar de film is net alhiel meislepend. […] Je springe net yn 'e wrâld fan 'e film yn 'e dielnimmende sin; je besjogge it fan in distânsje, mei wurdearring foar de ferwizings en de masterlike toanielskikking."

Bad Schandau, in Dútske kueroarde by de Tsjechyske grins, tsjinne as filmlokaasje foar Inglourious Basterds.

De liedende Frânske krante Le Monde liet Inglourious Basterds lykwols ôfrinne mei de wurden "Tarantino ferdwaalt yn in fiktive Twadde Wrâldoarloch". De Joadske filmkritikus Daniel Mendelsohn fan Newsweek fûn de portrettearring fan Joadsk-Amerikaanske soldaten dy't de oarlochsmisdieden neibeare dêr't de nazys de Jeropeeske Joaden oan ûnderwurpen steurend. Hy stelde dat Tarantino dêrmei "Joaden yn nazys feroaret". In oare Joadske resinsint, Liel Liebowitz fan Tablet, hie krityk op 'e morele djipgong fan 'e hiele film. Neffens him tsjinne Inglourious Basterds as "alternatyf foar de wurklikheid, in magyske […] wrâld dêr't we net hoege yn te sitten oer de kompleksiteiten fan moraliteit, dêr't geweld alles oplost en dêr't it Trêde Ryk altyd in nitraatfilm en in lúsjefers ferwidere is fan in cartooneske nederlaach."

Noch minder oer de film te sprekken wie Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian. Hy skreau dat er troffen wie troch it besef "hoe alderferskuorrendste ôfgryslik en troch- en trochteloarstellend it is". David Denby fan The New Yorker hie lof foar de aktearprestaasje fan Christoph Waltz, mar hy fûn de film as gehiel "te ûnnoazel om fan te genietsjen, sels as in grap […]. Tarantino is immen wurden om jin foar te skamjen: syn firtuositeit as makker fan bylden is oerweldige troch syn sinleazens as idiot de la cinémathèque." Sjoernalist Christopher Hitchens walge fan Inglourious Basterds; hy ferliek de sjochûnderfining mei "yn it tsjuster te sitten en in grutte pôt mei lauwe pis hiel stadich oer jins holle útgetten te krijen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Inglourious Basterds in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 332 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "As in klassike sjenrefermingde achtbaanrit fan Tarantino is Inglourious Basterds gewelddiedich, ûnbedimme en hiel fermaaklik." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Inglourious Basterds in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 36 resinsjes.

Inglourious Basterds brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $120,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $200,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $321,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $70 miljoen betsjut dat in winst fan $251,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Inglourious Basterds wie dêrmei de meast opbringende film fan Quentin Tarantino oant er datoangeande ynhelle waard troch Django Unchained yn 2012 en Once Upon a Time in Hollywood yn 2019. Mei de ferkeap fan dvd's en blu-rays yn 'e Feriene Steaten hie Inglourious Basterds al op 20 desimber 2009 nochris $28,5 miljoen yn 't laadsje brocht.

De cast en crew fan Inglourious Basterds (mei oanhing) op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn 2009.

Yn 2010 waard Inglourious Basterds by de Oscars nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing. De film wûn de Oscar foar bêste byrol fan in akteur (Christoph Waltz as kolonel Landa). By de Golden Globes waard Inglourious Basterds nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste senario. De film wûn de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur (Waltz).

Inglourious Basterds waard fierders nominearre foar 3 Screen Actors Guild Awards, wêrûnder de priis foar bêste byrol fan in aktrise (Diane Kruger as Bridget von Hammersmark). De film wûn de Screen Actors Guild Awards foar bêste cast en bêste byrol fan in akteur (Waltz). Inglourious Basterds waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrackalbum foar fisuele media.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Inglourious Basterds nominearre yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste orizjinele senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de BAFTA foar bêste byrol fan in akteur (Waltz). Om utens wie Inglourious Basterds ek nominearre foar de Gouden Palm fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Waltz wûn yn Cannes de priis foar bêste akteur. Inglourious Basterds wûn ek de David di Donatello, de wichtichste Italjaanske filmpriis, yn 'e kategory bêste bûtenlânske film.

By de Saturn Awards waard Inglourious Basterds nominearre foar prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste aktrise (Mélanie Laurent), bêste byrol fan in akteur (Christoph Waltz), bêste byrol fan in aktrise (Diane Kruger), bêste senario en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de Saturn Award foar bêste aksje-, aventoere- of skrillerfilm. By de Satellite Awards waard Inglourious Basterds nominearre foar twa prizen, wêrûnder bêste kamerarezjy. Christoph Waltz wûn de Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur. Hy wûn ek de priis foar bêste akteur op it Filmfestival fan Hollywood en de Empire Award foar bêste akteur, en waard nominearre foar de MTV Movie Award foar bêste filmsmjunt. Inglourious Basterds wûn fierders noch de People's Choice Award foar bêste ûnôfhinklike film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.