Michael Fassbender

Ut Wikipedy
Michael Fassbender
akteur
Fassbender yn 2015
Fassbender yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Fassbender
nasjonaliteit Dútsk
Iersk
berne 2 april 1977
berteplak Heidelberch
jierren aktyf 2001–no

Michael Fassbender (berne op 2 april 1977 yn Heidelberch) is in Dútsk-Ierske akteur en filmprodusint

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fassbender waard as soan fan in Dútske heit en in Ierske mem berne yn Heidelberch. Hy waard sûnt syn twadde jier yn Killarney yn it súdwêst fan Ierlân grutbrocht. Syn memmetaal is Ingelsk en hy praat ek Dútsk, mar mei in swier Ingelsk aksint. Dêrom wurdt er yn Dútsktalige films neisyngronisearre.

Yn 2017 troude Fassbender mei de Sweedske aktrise Alicia Vikander, mei wa't er yn "The Light Between Oceans" spile en yn 2021 in bern mei krige. Fassbender wennet yn Portugal.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn earste grutte rol hie Fassbender yn 2001 yn de searje "Band of Brothers". Dêrnei spile Fassbender yn ferskillende Ingelske tillefyzjeproduksjes, werûnder ferskate kearen in gastrol yn "Murphy’s Law".

Yn 2008 krige Fassbender in earste haadrol yn Steve McQueen's drama "Hunger", dy't him op ferskillende festivals prizen oplevere. Rollen yn "Jonah Hex" (2010), "Jane Eyre" (2011) en "X-Men: First Class" (2011) folgen. Foar syn rol yn Steve McQueen's "Shame" as hyperseksuële man krige er yn 2011 ek meardere ûnderskiedings.

Fassbender waard foar syn titelrol yn de filmbiografy fan de stifter fan Apple Steve Jobs nominearre foar in Oskar yn de kategory bêste akteur.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel (Alternative titel) Rol
2006 300 Stelios
2007 Angel Esmé
2008 Hunger Bobby Sands
2008 Eden Lake Steve
2009 Blood Creek Richard Wirth
2009 Fish Tank Conor
2009 Inglourious Basterds Lt. Archie Hicox
2010 Centurion Quintus Dias
2011 Jane Eyre Rochester
2011 X-Men: First Class Magneto
2011 Haywire Paul
2011 Shame Brandon
2012 A Dangerous Method Carl Jung
2012 Prometheus David
2013 12 Years a Slave Edwin Epps
2013 The Counselor Counselor
2014 Frank Frank
2014 X-Men: Days of Future Past Magneto
2015 Slow West Silas Selleck
2015 Macbeth Macbeth
2015 Steve Jobs Steve Jobs
2016 X-Men: Apocalypse Magneto
2016 The Light Between Oceans Tom Sherbourne
2016 Assassin's Creed Callum Lynch / Aguilar de Nerha
2017 Song to Song Cook
2017 Alien: Covenant David / Walter
2017 The Snowman Harry Hole
2019 X-Men: Dark Phoenix Magneto
2023 The Killer moardner
2023 Next Goal Wins Thomas Rongen

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Rol Tal ôfleverings
2001 Hearts and Bones Hermann trije ôfleverings
2001 Band of Brothers Sgt. Burton 'Pat' Christenson sân ôfleverings
2004-2005 Hex Azazeal tretjin ôfleverings
2005 Murphy's Law Caz Miller fiif ôfleverings
2008 The Devil's Whore Thomas Rainsborough trije ôfleverings

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]