Propagandafilm

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Why We Fight-rige toant de propaganda fan de nazys om Amerikanen oer te heljen yn tsjinst te gean

In propagandafilm is in film dy’t bedoeld is om de sjogger te oertsjûgjen fan in beskaat stânpunt of oan te setten ta in beskate miening. De film kin sawol in dokumintêre-eftige opset ha as in betocht ferhaal befetsje, mar it doel bliuwt itselde. De films litte meast misliedende bylden en senario’s sjen.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldst bekende propagandafilm waard makke yn de Spaansk-Amerikaanske oarloch yn 1898, troch Vitagraph Studios. Dy studio produsearre doe in rige koarte, stomme filmkes. Ien fan de earste propagandafilms mei in betocht senario wie The Birth of a Nation, mar dy film wie yn earste oanlis net foar propagandadoeleinen makke. Yn 1918 makke Charlie Chaplin op eigen kosten The Bond, in komyske propagandafilm foar de Earste Wrâldkriich.

Yn de jierren nei de Oktoberrevolúsje fan 1917, sponsere de Russyske oerheid de produksje fan propagandafilms. De ûntjouwing fan de Russyske sinema yn de tweintiger jierren fan de 20e iuw, benammen troch filmmakkers as Dziga Vertov en Sergei Eisenstein, soarge foar in fikse taname fan film as propagandamiddel.

De tritiger en fjirtiger jierren fan de 20e iuw gouwen as it gouden tiidrek fan de propagandafilms. De opkomst fan totalitêre steaten en it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich droegen dêr sterk oan by. Sawol de alliearden as de as-steaten brûkten films om it eigen folk fan it nut fan in oarloch te oertsjûgjen, en om har oan te setten de striid te stypjen. Yn dy perioade makke Leni Riefenstahl, in filmmakker dy’t yn nazy-Dútslân wurke, Triumph des Willens. Dy film, makke yn opdracht fan Hitler, lit de skiednis fan de opkomst fan de nazypartij sjen. De film wurdt sjoen as ien fan de grutste propagandafilms ea en jildt, nettsjinsteande it kontroversjele ûnderwerp, noch altyd as ien fan de films dy’t sterk bydroegen hat oan de ûntjouwing fan it brûken fan muzyk en sinematografy yn films.

Yn de Feriene Steaten waard yn de Twadde Wrâldkriich benammen Frank Capra bekend as makker fan propagandafilms, wêrûnder syn rige fan sân films Why We Fight. Ek dy films jilde as ien fan de hichtepunten yn de skiednis fan de propagandafilms. Guon propagandafilms binne sa populêr wurden, dat se ek nei de oarloch yn tel bleaune by it publyk en ûnderwilens as ophimselssteande fims sjoen wurde kinne dy’t gjin bannen mear hawwe mei de propaganda dêr’t se oarspronklik foar makke waarden. Foarbylden dêrfan binne Thirty Seconds Over Tokyo en Casablanca.[2]

Yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich naam it tal propagandafilms ôf, mar troch de Kâlde Oarloch ferdwûn it fenomeen net hielendal. Sa makke de Amerikaanske oerheid yn de sechstiger jierren in tal propagandafilms dêr’t lju yn oanpoend waarden harren hûs om te bouwen ta skûlkelder foar as der in kearnoarloch útbrekke soe.

Eksterne links[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Een punt voor typografie
  • Boek. Over het maken van boeken, H. van Krimpen, Van Loghum Slaterus / Gaade, 1966 / 1986
  • Tekstwijzer, K.F. Treebus, SDU Uitgeverij, 1990, ISBN 90-12-06634-4
  • The Elements of Typographic Style v. 3.0, Robert Bringhurst, Hartley & Marks, ISBN 0-88179-206-3
  • Counter-punch, making type in the sixtenth century designing typefaces now, Fred Smeijers, Hyphen Press, Londen, 1996
  1. Bennett, Todd. "The celluloid war: state and studio in Anglo-American propaganda film-making, 1939-1941." The International History Review 24.1 (Maart 2002): 64(34).
  2. http://www.digitalhistory.uh.edu/learning_history/casablanca/bmp_report_casablanca.cfm