East-Fryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastfryske skiereilân)
East-Fryslân

East-Fryslân (Eastfrysk: Ōstfräisland, Sealterfrysk: Aastfräislound ) is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen; it gebiet tusken de Iems en de Jade. Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan de sân seelannen. Yn de regionale media wurdt neist it begryp East-Fryslân ek Eastfryske Skiereilân brûkt.

Gebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Satellytfoto fan East-Fryslân

De neikommende gebieten wurde rekkene ta East-Fryslân. Dizze gebieten binne kultureel fertsjintwurdige troch de Fryske Rie 'Seksje East'.

De neikommende eilannen hearre by East-Fryslân: Boarkum, Kachelotplaat, Memmert, Júst, Nordeneach, Baltrum, Langereach, Spikereach, en Wangereach.

Eastfryslân en East-Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastfryslân en East-Fryslân.

Der bestiet bûten East-Fryslân lykwols wat betizing oer wat by Eastfryslân en East-Fryslân heart. Eastfryslân beslacht likernôch it gebiet fan it eardere Greefskip Eastfryslân en omfiemet de lânkringen Lier, Auwerk en Wittmund en de kringfrije stêd Emden. Eastfryslân wie oant 1978 in bestjoerlike ienheid. Hjoed-de-dei is Eastfryslân noch hieltyd it wurkgebiet fan it Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft), in semy-politike organisaasje, as opfolger fan de âlde stannegearkomste fan Eastfryslân dy't warber is op it mêd fan kultuer, sosjale saken, ûndersyk en ûnderrjocht.

It gebiet East-Fryslân, ek gauris it Eastfryske Skiereilân neamd, beslacht it gebiet fan Eastfryslân en de lânkring Fryslân (Lankreis Friesland) (it Jeverlân en de Fryske Wede) en de kringfrije stêd Wilhelmshaven. Dy lêste twa ûnderdielen hearden ta it Hartochdom Aldenburch, en net ta it Greefskip Eastfryslân, en dy foarmen dan it Fryske part fan Aldenburch, fandêr de namme "Fryslân". Dat makket it dat Fryslân eastlik fan Eastfryslân leit, itjinge betiizjend is foar minsken om utens. Dat gebiet falt lykwols net ûnder it wurkgebiet fan it Eastfryske Lânskip, mar ûnder it Aldenburchske Lânskip.

Ek wurde wol ta East-Fryslân "yn brede sin" rekkene de gebieten fan it Sealterlân, Bûtjadingen en it Lân Woersten, dus it gânse Fryske gebiet yn de Dútske dielsteat Leechsaksen.

Wangereach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân Wangereach is it iennige fan de Eastfryske eilannen dy't net ta Eastfryslân heart. Fanâlds hearde it by it Jeverlân en kaam yn 1818 oan Aldenburch. Dêrmei waard er it iennige Aldenburchske eilân. Hjoed-de-dei falt it eilân ûnder de lânkring Fryslân. Op Wangereach waard it Wangereager Frysk sprutsen oant de 1950-er jierren doe't de lêste sprekker ferstoar en dêrmei de taal útstoar.

Sealterlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sealterlân wurdt op histoarysk en kultureel mêd ta East-Fryslân rekkene. It Sealterlân is noch it iennige plak dêr't in foarm fan it oarspronklike Eastfrysk, it Sealterfrysk, sprutsen wurdt. Dochs troch syn isolearre lizzing rekke it fan de rest fan Eastfryslân ôfskaat en kaam ûnder ynfloed fan it Bisdom Múnster, wylst it Eastfryske gebiet ûnder it Bisdom Bremen foel. Dy skieding sûnt de lette midsiuwen hat hjoed-de-dei noch hieltyd syn foetdruk, want it Sealterlân falt ûnder de lânkring Kloppenburch en is fan oarsprong noch hieltyd katolyk, wylst de rest fan East-Fryslân protestantsk is. Troch dy isolearre lizzing koe it Sealterfrysk him hanthavenje.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strân op Júst
Dunen op Langereach
Uterdyks lân by Dornum

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

East-Fryslân hat in foar Dútslân ôfwikend, mar foar Westerlauwerske Friezen weromkennend lânskip mei flakke greidlannen. De folgjende lânskipstypen wurde ûnderskaat:

Fierders binne der noch boskgebieten fierder it lân yn.

Histoaryske lânskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

East-Fryslân bestie oarspronklik út de folgjende lânskippen (goaen):

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan de Germaanske stammen om 50 n.Kr. hinne

East-Fryslân wurdt foar it earst neamd yn Romeinske boarnen. De berjochtjouwing fan Plinius, Tacitus en Stabon binne bewiis fan bewenning yn East-Fryslân oan it begjin fan de kristlike jiertelling. Plinius skriuwt oer de Sjauken, dy't primityf yn it Elbegebiet wisten te oerlibjen. De Sjaukyske folksgroep is wierskynlik opgien yn de Fryske en Saksyske stamferbannen. Sûnt de twadde iuw wurde de Sjauken net mear neamd.

De Wezer wie de eastgrins fan it Fryske ryk. Under kening Redbad wie it Fryske Ryk op syn grutst. Under syn opfolger Poppo ferlearen de Friezen de slach oan de Boarn, sadat it Fryske gebiet bewesten de Lauwers Frankysk waard. Karel de Grutte ferovere it oerbliuwsel fan it Fryske Ryk beëasten de Lauwers yn 785. De Saksenkriich wie it lêste ferset fan de Friezen en de Saksen tsjin de gebietsútwreiding fan de Franken.

Mei de komst fan de Franken begûn ek de kerstening fan de Friezen mei ûnder oaren de kristlike missionarissen Bonifatius, Liudger en Willibrord. It iene part fan East-Fryslân foel ûnder it Bisdom Bremen, en it oar ûnder it Bisdom Munster.

Fryske frijheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Upstalbeam troch C.B. Meyer (1790)
Fryslân tusken Fly en Weser om 1300 hinne
East-Fryslân yn de tiid fan de haadlingen
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Fryske frijheid.

Mei it ferfal fan it Frankyske ryk koe East-Fryslân him frij ûntwikkelje. Der koenen saneamde „Redjeven“ (rjochtsprekkers, doarpsâldsten) jierliks keazen wurden, dy't rjochtsprekke koenen en de yndieling en organisaasje fan it gebiet op har namen.

Yn de tolfde iuw begûnen de gearkomsten by de Upstalbeam. Dêrby kamen de Friezen út de sân frije Fryske seelannen alle jierren krekt bûten Auwerk gear om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. Yn de fjirtjinde iuw waarden foar 't lêst gearkomsten by de Upstalbeam holden. Dat hie ûnder oaren te krijen mei de pest en stoarmfloeden. Mei it weiwurden fan de Upstalbeam ferdwûn ek it feodale systeem yn East-Fryslân. Ferskate haadlingen ("hovedlinge") krigen de sizzenskip oer lytse gebieten. Tenei hienen de haadlingen de macht yn East-Fryslân.

Oan 'e ein fan de fjirtjinde iuw boaze de striid tusken de ferskillende haadlingelagen oan. Nei de Slach op de Wylde Ikers yn it jier 1427 begûn de hearskippij fan haadling Fokko Ukena oer Eastfryslân. Troch ûnderdrukking fan it folk en hieltyd hegere belestings groeide it ferset fan de Eastfryske befolking tsjin Ukena. Yn 1430 waard it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen ûnder lieding fan de haadlingefamylje Sirksena út Grutsyl opset. Op 14 novimber sluten de Eastfryske kriten en haadlingen har oan by it Frijheidsbûn. Tenei stie Eastfryslân ûnder de hearskippij fan de haadlingefamylje Sirksena. Yn 1465 waard Ulrik Sirksena troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk ferheft ta ryksgreve fan it Greefskip Eastfryslân. Yn de oarkonde fan de keizer waarden ek rjochten en frijheden út de tiid fan de Fryske frijheid ferwissige. Dy oarkonde is dêrmei de oarsprong foar de lettere Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft), dy't de trije stannen yn Eastfryslân fertsjintwurdige. De haadling Sibet Attena, omkesizzer en helper fan Ulrik krige de hearlikheden Esens, Stedesdorf en Wittmund, dy't mei-inoar it Harlingerlân foarmen, mar foel wol ûnder it gesach fan de Sirksena's. Jever en Friedeburg (it Jeverlân) bleaune ûnôfhinklik, wylst Bûtjadingen yn 1514 oan it Greefskip (letter Hartochdom) Aldenburch foel.

Greefskip Eastfryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Greve Edzard I de Grutte (1520/30) troch Jacob Cornelisz. van Oostsanen
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Greefskip Eastfryslân.

Under Edzard de Grutte fûn de grutste útwreiding fan it greefskip plak. Under syn bewâld begûn de Reformaasje yn East-Fryslân en it Eastfryske Lânrjocht waard ûnder syn hearskippij skreaun. De gebietsútwreiding fan Edzard de Grutte einige yn it tiidrek 1514-1517 mei it Saksyske Skeel. Yn dat skeel waard Edzard ferslein troch fjouwerentweintich Dútske hartoggen en prinsen mei harren legers.

Emden waard yn de sechtjinde iuw in wichtich sintrum fan de reformaasje. Yn it tiidrek 1530-1560 kamen in protte religieuze flechtlingen út de Nederlannen nei Emden ta. Ien fan dy flechtlingen wie Menno Simons mei syn folgelingen, de Mennoniten. Yn dy tiid libbe ek Ubbo Emmius (1547–1625), de ferneamde Eastfryske humanist en historikus. Hy wie de stifter fan de Universiteit fan Grins en hold him dwaande mei it skriuwen fan de skiednis fan Fryslân (Rerum Frisicarum Historia).

Yn de tiid fan de Tachtichjierrige oarloch krige it Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft) hieltyd mear betsjutting. Op syn hichtepunt wie it Eastfryske Lânskip ferantwurdlik foar de wetjouwing, belestingen en rjochtspraak. Yn 1654 krigen de greven fan Eastfryslân, fêstige yn Auwerk, de status fan prinsen (ryksfoarst).

Yn 26 maaie 1744 kaam de lêste Sirksena te ferstjerren. Troch in ferdrach (Konvinsje fan Emden) tusken Prusen en de magistraat fan Emden hearde Eastfryslân tenei by Prusen as de Provinsje Eastfryslân. Sebastian Anton Homfeld waard de nije kânselier.

Nei de ûnôfhinklikens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feankanaal yn Ihlowerfehn. It feandoarp ûntstie yn 1780

Yn 1744 ferlear Eastfryslân syn selsstannigens en hearde tenei by Prusen as de Provinsje Eastfryslân. Yn 1806 waard East-Fryslân anneksearre troch it Napoleonske Nederlân, en waard letter ynlive by it Frânske Keizerryk. East-Fryslân krige de namme Département Ems-Oriental, en it Reiderlân wie in part wurden fan it Département Ems-Occidental. Nei de Napoleonske Oarloggen waard East-Fryslân earst oermastere troch Prúske en Russyske soldaten yn 1813, en fannijs anneksearre troch Prusen. Nei it Kongres fan Wenen kaam Eastfryslân ûnder it Keninkryk Hannover, wylst it Jeverlân yn 1818 by it Hartochdom Aldenburch kaam. Yn 1866 kaam Eastfryslân wer by Prusen en sûnt 1946 is Eastfryslân in ûnderdiel fan de dielsteat Leechsaksen. Troch it opheffen fan de Provinsje Auwerk yn 1978 komt der in ein oan de lange skiednis fan Eastfryslân as bestjoerlike ienheid. It gebiet fan it eardere greefskip hat nei 1978 noch wol syn Ostfriesische Landschaft, in kultuerparlemint foar Eastfryslân.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

East-Fryslân hat net in soad yndustry en protte wurkleazens. De ekonomy driuwt benammen op 'e agraryske sektor en toerisme. Yn it ferline wikselen tiidrekken mei woltierigens ôf mei tiidrekken fan grutte ekonomyske problemen. Yn it kustgebiet bestie in maatskippij út in lytse boppelaach en in grutte earme befolking, dat gauris ta sosjale spannings late, te ferlykjen mei dy yn Grinslân.

Der binne eartiids in soad minsken weitôge nei de Feriene Steaten of earne oars fanwegen de earmoede. Hjoed de dei hat East-Fryslân in tekoart oan heger opliede jongerein, dy't bygelyks yn súd-Dútslân better wurk krije kinne. In soad mienskippen hawwe te krijen mei in hieltyd heger tal âlderein dy't in boarne wêze kinne soe foar strukturele problemen yn 'e takomst.

Yndustry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loftfoto fan de Volkswagenfabryk yn Emden

De wichtichste yndustry kearnen binne Emden en Wilhelmshaven. It grutste yndustriële kompleks is it Volkswagen fabryk yn Emden. Leer is nei Hamburch de measte wichtigste lokaasje foar transport bedriuwen yn Dútslân. Enercon, de grutste Dútske makker fan wynmûnen, hat syn haadkantoar yn Auwerk en biedt oan mear as 3.000 persoanen wurk.

Ek binne der grutte wynparken yn East-Fryslân, dêr't it flakke gea tige gaadlik foar is.

De Meyer Werft yn Papenburch, fuortendaliks oer de grins fan Eastfryslân mei it Iemslân biedt wurk foar in soad Eastfriezen.

Lânbou en fiskerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In typysk Eastfrysk hûs yn de lânkring Auwerk

De lânbou en de fiskerij hawwe yn de gânse skiednis in wichtige rol spile yn de ekonomy fan East-Fryslân. Ek hjoed-de-dei binne dy noch hieltyd wichtich. Troch in grutte hoemannichte greidlân foarmet de melkfeehâlderij de wichtichste tûke fan de lânbou. Yn de kustgebieten en rivierouwers, benammen op dykhellings, komt der hieltyd mear skieppetylt foar. De feehâlderij hat gyuon typyske (East)fryske bisterassen fuortbrocht, sa as it Eastfrysk hynder, it Eastfryske molkskiep, it hinneras de Eastfryske Mok en it oarspronklike Fryske swartbûntfee, dat hjoed-de-dei hast útstoarn is om't er fuortkonkurearre waard troch it yn de Feriene Steaten ûntwikkele swartbûntras Holstein-Friesian dy't dêrút fuortkaam.

De ikkerbou is benammen oanwêch yn it Reiderlân, omreden de fruchtbere polders mei seeklaaigrûn, dêr't in soad nôt en koalsied ferboud wurdt. Fiskerij fynt plak út de feskate havenplakken oan de kust wei. It fangen fan fisk en garnalen binne fan grut belang.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It toerisme oan de kust en op de eilannen spilet ek in wichtige rol yn de ekonomy fan East-Fryslân. In soad Dútsers bringe harren fakânsje troch op ien fan de Eastfryske Waadeilannen. Ek yn it binnenlân nimt it toersime de lêste tsientallen jierren ta. Benammen it kûlisselânskip en de feangebieten mei syn kanalen binne populêr. Dêr binne in grutte tal fyts- kuier en kanorûten opset.

Probleemgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de reedlike woltierigens heart East-Fryslân ta ien fan de ekonomyske swakste gebieten fan Dútslân. De wurkleazens is heech en in soad jongeren lûke nei oare plakken, ûnder oaren omreden de beheinde ûnderrjochtsoanbod. De tichtst bywêzende universiteiten binne yn Aldenburch en Grins. Guon plattelânsgebieten hawwe mei fergrizing te krijen. Nettsjinsteande dat is it bertesifer ien fan de heechste yn Dútslân en bliuwt de befolking op peil. Der fynt sels in bytse immigraasje plak fan rinteniers út oare parten fan Dútslân. Yn de lêste jierren is it grinsgebiet yn de lânkring Lier in fêstingsgebiet fan Nederlanners omreden legere grûn- en huzeprizen, en de rêst en romte yn East-Fryslân. Troch guon nijkommers ûntsteane der lykwols hjir en dêr yntegraasjeproblemen.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twatalich plaknammeboerd
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Eastfrysk (Nederdútsk).

De oarspronklike taal fan East-Fryslân wie it Eastfrysk. Hjoed de dei is allinnich yn it Sealterlân it Sealterfrysk oerbleaun. Nei de midsiuwen krige it Plat hieltyd mear betsjutting yn East-Fryslân. Om 1700 hinne is der yn it Harlingerlân noch Frysk praat. It Frysk fan Wangereach, it Wangereagersk, is yn 1950 foarfêst útstoarn.

Hjoed de dei kinne alle Eastfriezen it Heechdútsk prate en skriuwe. Neist it Heechdútsk kin wierskynlik in treddepart fan befolking Eastfrysk Plat prate. Lykwols ferliest it dialekt hieltyd mear sprekkers.

Ek it Nederlânsk hat in rol spile yn benammen it westen fan Eastfryslân as skoal- en tsjerketaal. Yn de Tachtichjierrige Kriich flechten in soad flechtelingen út de Nederlannen wei nei Eastfryslân. Yn de rin fan de njoggentjinde en begjin tweintichste iuw waard it Nederlânsk stadichoan ferfongen troch it Heechdútsk.

Leauwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skeve tsjerketoer fan Suurhusen

East-Fryslân is foar it grutste part protestantsk. Nisgjirrich is lykwols dat der in grut ferskaat oan protestantske tsjerkemienskippen bestiet.

Yn it Reiderlân, en yn de doarpen oan de eastkant fan de Iems en yn Krummhörn, rûchwei it gânse gebiet westlik fan de line Papenburch-Lier-Norden is foar it grutste part kalvinistysk, sa as yn Nederlân. De doarpstsjerken hearre hast allegear ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke, de sustertsjerke fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. De oare parten fan East-Fryslân binne benammen luthersk, sa as de measte protestanten yn Dútslân. Der binne lykwols ek, oer de regio hinne ferspraat, evangelyske frije tsjerken (Freikirchen) dy't protestantske tsjerkemienskippen binne dy't net oansletten binne by in troch de steat erkende organisaasje. Yn East-Fryslân binne dat benammen de minnisten en baptisten. Dêrnjonken binne der noch lytsere tsjerkemienskippen fan metodisten, evangelysk-âldgrifformearden, sande deisadvintisten en evangelyske fernijingsbewegings.

Roomsk-katoliken binne der hast allinnich yn de stêden te finen dêr't de measten harren komôf fan de Dútske flechtelingen út East-Jeropa fan nei de Twadde Wrâldkriich. In útsûndering is it feangebiet yn it uterste suden fan it Oerledingerlân, dêr't út it oanswettende Iemslân, dat tradisjoneel katolyk is, wei katolike mienskippen fêstige hawwe.

Neffens gegevens fan de lutherske tsjerkeprovinsje (Sprengel Ostfriesland) binne 266.000 Eastfriezen (57,2%) luthersk, 80.000 (17,2%) grifformeard en 36.000 (7,7%) katolyk. De frije tsjerken komme der noch by, dêr't in totaal fan hast 85% fan de Eastfriezen oansletten by in tsjerke is.

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kastiel Lütetsburg

East-Fryslân is ryk oan histoaryske bouwurken. Net allinnich yn de stêden, mar ek yn de doarpen steane in soad âlde tsjerkjes boud yn romaanske en goatyske styl. De grutste tsjerken yn East-Fryslân binne de Sint-Liudgertsjerke yn Norden en de Grutte Tsjerke en Nije Tsjerke yn Emden.

Ek binne der in stikmannich boargen en kastielen yn East-Fryslân. De âldste is de Stins Bunderhee by Bunde. Fierder binne der de Harderwykerburg yn Lier, it Kastiel Auwerk, de Boarch Berum, it Kastiel Lütetsburg en boargen yn Hinte, Pewsum, Stickhausen en Dornum.

Op it Eastfryske plattelân binne der noch in soad Eastfryske pleatsen (Gulfhaus), dy't in soad hawwe fan de Aldamtster pleats.

Oargellânskip Eastfryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de Rysumer tsjerke fan 1485
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Oargellânskip Eastfryslân.

Eastfryslân hat in ryk oargellânskip. Yn de likernôch 170 tsjerken binne der sa'n 100 antike oargels út in tiidrek fan sân iuwen. Ien fan de âldste oargels dy't noch hieltyd spile wurdt, is it oargel fan de tsjerke fan Rysum fan 1457. Oare folslein ûnderholden oargels út de santjinde iuw mei oargelpipen út de sechtjinde iuw binne dy fan Osteel (1619), Westerhusen (1642-1643 en Uttum (om 1660 hinne). Ek hat de ferneamde oargelbouwer Arp Schnitger syn spoaren yn Eastfryslân efterlitten, sa as yn Norden en Weener. Doe't de Eastfryske oargelbou tusken 1850 en 1950 op in djiptepunt rekke, hiene in soad gemeenten gjin jild mear en dus moasten de âlde oargels ûnderholden wurde. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden in soad oargels restaurearre troch ferneamde oargelbouwer Jürgen Ahrend fan Loga (Lier). Hjoed-de-dei is it Organeum yn Weener in wichtich oargelsintrum foar it ûndersyk en it fuortsterkjen fan de regionale oargelkultuer en biedt njonken konserten en oargelekskursjes en jout de moooglikheid ta wittenskiplik organologysk ûndersyk.

Iten en drinken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kopke Eastfryske tee

Nijsgjirrich is de Eastfryske teekultuer. De trochsneed Eastfries drinkt 2,5 kg tee it jier, tsien kear sa heech as de trochsneed Dútser en goed trijeris sa heech as de trochsneed Nederlanner. Om't Eastfryske hannelers tee yn de santjinde iuw út Nederlân en Ingelân wei nei de regio brochten, ûntstie in hannel yn dy nije drank, ynearsten as medisyn. Yn de achttjinde iuw fersprate de tee him oer gâns Eastfryslân en waard it de nasjonale drank. Bier waard doe minder dronken om't dat gâns djoerder wie. Kofje wurdt hast net dronken en gasten krije ornaris tee oanbean as begroetingsdrank. Tradisjoneel wurdt der trochsneed fjouwer kear trije kopkes tee de dei dronken, nei de ferneamde útspraak Dree is Ostfreesenrecht (Trije is Eastfriezerjocht). Dat wurdt dien by it moarnsiten; by de typyske Eastfryske teeskoft moarns, it saneamde Elführtje; middeis om in oere as trije; en jûns. Ornaris wurdt tee betsjinne mei in spesjaal servys, besteande út in Teebüs (teebus), teepot om tee yn te lûken, en Koppen of Kopkes. Earst wurdt der in Kluntje (klûntsje sûker) yn it kopke dien, dêrnei wurdt de tee yngetten en dêrnei wurdt der mei in Roomleppel (teeleppel) in Wulkje Room (wolkje rjemme) tafoege. Der wurdt net yn de tee rierd. Der wurdt ferwachte dat der op syn minst trije kopkes tee dronken wurdt. As immen net mear hoecht, docht er ornaris it leppeltsje yn it kopke.

De tee dy't yn East-Fryslân dronken wurdt, is in Eastfryske griemmank fan swarte teesoarten, ôfkomstich út Sry Lanka en Yndoneezje. Dy wurdt troch ien fan de trije grutte teeprodusinten út East-Fryslân makke: Bünting yn Lier, Thiele & Freese yn Emden en de Onno Behrends yn Norden.

Oare dranken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferneamd is it Jever Bier, dy't sûnt 1848 broud wurdt yn it Friesische Brauhaus yn Jever.

Der binne ek in stikmannich regionale likeuren, lykas Kruiden, in krûdebitter mei 32%, Doornkaat. Fierders wurde der noch Eastfryske schnaps produsearre troch Folts & Speulda yn Lier en Heiko Blume yn Friedeburg.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boerekoal mei metwoarst en jirpels

It iten yn East-Fryslân liket in soad op dy yn Westerlauwersk Fryslân. Populêr is boerekoal mingd mei sipels, hjouwergroaten en spek. Jirpels wurde der los by betsjinne, mank mei Pinkel (metwoarst). Oare gerjochten binne Mehlpütt/Puffert (daaibaltsjes), witekoal- en koalraapstampot, Sniertjebraa (mei briedfleis) en ferskate soppen (beannesop, prommesop, jirpelsop).

Gerjochten dy't by âld-en-nij iten wurde, binne Rullekes (oprôle nijjierskoeke) en Speckendicken (spek- en woarstpankoek). Dy wurde ek yn Grinslân makke en iten, sjoch: Kniperke.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferneamde Eastfryske sporten binne Boßeln, kloatsjitten en slingerbalspul, dy't alle trije gearfette wurde as Friezesport (Friesensport).

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]