Stins Bunderhee

Ut Wikipedy
Stins Bunderhee
Steinhaus Bunderhee
bouwurk
Súdkant fan de Stins Bunderhee
Súdkant fan de Stins Bunderhee
lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Bunde
plak Bunderhee
adres Steinhausstraße 64
koördinaten 53° 11′ 57,1″ NB, 7° 16′ 59,3″ EL
bysûnderheden
type bouwurk Stins
boujier 14e iuw
boustyl barok
Noardkant fan de stins

De Stins Bunderhee (Dútsk: Steinhaus Bunderhee) is de âldste noch besteande stins yn East-Fryslân. De toerboarch waard boud yn de fjirtjinde iuw en wie de sit fan ferskate haadlingsfamyljes. Yn 1735 waard der oan de westkant in part yn barokke styl by oanboud. De stins leit yn de lânkring Lier, 2 km noardlik fan Bunde yn it Reiderlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toer út it súdeasten wei sjoen
Letgoatyske skoarstienmantel op de twadde ferdjipping yn de toer

De stins leit op de uterste noardlike râne fan in fiif meter hege geastrêch, dy't nei Bunde ta rint, dêr't de stins eartiids ûnder foel.

Neffens mûnlinge oerleverings waard mei de bou fan de stins úteinset yn de njoggende en tsiende iuw. Tsjûge dêrfan is it wurk fan de haadlingen Gala Nommcka (Okkel Noneka) yn Bunde yn 1361 en Luwert Saninga yn 1448 en 1463. In keppeling dêrfan mei de stins is lykwols net wis.

Neffens ûndersyk stammet de toer fan de stins út de fjirtjinde iuw. De toer mei trije ferdjippings waard ynearsten as in ferdiginings- en opslachplak boud en net as wenromte. Neffens de Brookmerbrief, in trettjinde iuwske noch jildende Fryske wetboek foar it Brokmerlân, waard de bou fan hege stinzen ferbean. Foar guon moasten der útsûnderings west hawwe, sa as de pleatslike haadlingen, want in boete dy't der ornaris yn kêst 150 foar oer stie waard net útskreaun.

Nei alle gedachten wie der op de flierferdjipping in welle. De âlde yngong ta de earste ferdjipping wie trije meter heech oan de eastkant en koe allinnich mar mei in ledder berikt wurde. De oarspronklike lytse ruten yn de toer ferwize nei de ferdigeningsfunksje fan it gebou.

Argeologysk ûndersyk fan 1977 en 1999 hawwe befêstige dat noardlik fan de stins der in wetterferbining tusken de stinsgrêft en de Doalert west hat. Der wie al earder in drûge grêft fan 5,5 meter breed en 1,2 meter djip westlik, noardlik en eastlik om de stins hinne. Troch it trochbrekken fan de Doalert oant de geastrêch fan Bunde ta, yn de iere fjirtjinde iuw, koe in ferbining mei it wetter makke wurde. Skippen koene dus yn Bunderhee oanlizze. Ubbo Emmius tekene op syn kaarten fan East-Fryslân noardwestlik fan Bunde op de hichte fan Hochee (Bunderhee) it lytse eilân Jarde(n), dêr't minsken yn gefal fan heech wetter hinne flechtsje koene. By it ynpolderjen fan it ynslike lân yn 1707 rekke dy tagong nei it wetter ferlern. De hjoeddeistige fiver mei heuvel oan de noardkant is lykwols gjin oerbliuwsel fan dy grêft, sa't lang tocht waard, mar wie part fan it oanlizzen fan in tún oan de ein fan de njoggentjinde iuw.

Doe't yn de sechtjinde iuw rêstigere tiden oanbrutsen, waard de stins omboud ta wenhûs. Om 1500 hinne waard op de earste ferdjipping it finster oan de eastkant fergrutte en in iepen letgoatyske skoarstien mei skoarstienmantel oanbrocht. Oan de ein fan de sechtjinde iuw waard op de twadde ferdjipping in iepen skoarstien yn renêssânse-styl boud. Ek waarden der treppen fan de earste nei de twadde ferdjipping boud, dêr't tagong earder allinnich moglik wie mei ledders.

Petrus Ficinus († 1623) út Gelre wie fan 1595 ôf de eigener fan de stins, en stie yn tsjinst fan de greven fan Eastfryslân. Yn 1599 ferliende greve Enno II de stins aadlike frijheid. Yn 1600 waarden de gebouwen ferpachte. Ferskate spoaren ferwize nei dat de yngong oan de westkant yn de santjinde iuw yn in lytse oanboude ferlinging wie.

Bou-ynskripsje yn de westmuorre

Nei't der gjin tagong oer it wetter mear mooglik wie, sette Johannes van Heteren yn 1712 útein mei it bouwen fan in wenromte mei ien ferdjipping yn barokke styl oan de westkant fan de toer. De eardere oanboude westlike yngong ta de toer, waard fuorthelle foar de nijbou. Yn 1735 wie de bou ree. In bouynskripsje oan de westmuorre tsjûget fan it begjin fan de bou:

„Dit Hius is gebauwt von Johannes von Heteren als men Schref na De Heilsame geborte unses Heeren Jesu Christy het Jahr 1712 ende is hyr vonaldo op den 28 April De Eerste Steen gelecht“.
It Stokhus

De toer waard it efterhûs, en tsjinne tenei benammen as opslachplak, en bleau fan feroarings besparre. De famylje Van Heteren bewenne de stins oant de ein fan de njoggentjinde iuw en bewurke it oanswettende lân. Ut dy tiid stammet ek it frijsteande Stokhus, in lytse opslachplak foar lânbou-ark, dat eastlik fan de toer boud waard. Nei de famylje Van Heteren waard de stins eigendom fan de famylje Elias.

Yn 1928 waarden der feiligensmaatregels nommen, yn 1972 waard it tek fernijd. Yn 1976 bemachtige it Ostfriesische Landschaft de stins fan de widdo Klasine Elias en liet yn 1976-1978 renovaasjewurk útfiere.

Fan 1978 oant 2002 wie de stins de sit fan de Noarddútske Oargelakademy ûnder lieding fan Harald Vogel. Dêr kamen professors út de gânse wrâld byinoar foar de histoaryske oargels fan it Oargellânskip East-Fryslân. Ek joech Vogel ynternasjonale simmerkursussen yn de stins. Dêrtroch befette de stins in weardefolle samling histoaryske snaarynstruminten en ferskate replika's. Yn 2002 waarden dy ynstruminten nei it Organeum yn Weener oerbrocht.

Tusken 2002 en 2008 tsjinne de stins as atelier fan de Eastfryske keunstneresse Elisabeth Tatenberg en de Nederlânske arsjitekt Jan Timmer ûnder de namme Kunsthaus Steinhaus en as wente.

It Ostfriesische Landschaft bemachtige yn 2007 mei help fan de Ostftrieslandstiftung it oanbuorjende histoaryske tún Tammen.

Nei't tastân fan it gebou minder waard en de atelier yn 2008 nei Weener ferhuze, bleau de stins ûnbewenne. Nei't der € 400.000 opgarre waard, waard de stins fan april 2010 oant maart 2011 folslein renovearre.

Nei't de stins fannijs iepene waard, herberget it gebou in útstalling oer de skiednis fan de Eastfryske haadlingen en de stins sels. By argeologyske opgravings yn 2017 waard oan de súdkant in tsien meter lange in stiennen paad út de santjinde iuw mei midsiuwske dakpannen ûntdutsen, dy't de stelling oer de haven ûnderstreket.

Boubeskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kelderferwulft ûnder de toer

De toer is 15,2 meter heech en 11,40 by 7,60 meter breed. De muorren binne op ûnderoan 1,60 meter en boppe 0,90 meter tsjok. De bakstiennen binne kleastermoppen mei it formaat 29 by 14 by 9 sm. De oanbou is 20,1 by 11,4 meter.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rolf Bärenfänger: Ostfriesische Verteidigung. Steinhäuser und Burgen. In: Matthias Utermann (Hrsg.): Archäologie mittelalterlicher Burgen. Deutsche Gesellschaft für Archäologie des Mittelalters und der Neuzeit e. V., Paderborn 2008, ISSN 1619-1439 (Print), ISSN 1619-148X (Internet), S. 69–76 (Mitteilungen der Deutschen Gesellschaft für Archäologie des Mittelalters und der Neuzeit. Nr. 20) (online) (PDF-Datei; 3,55 MB).
  • Jan Pieter Kok: De Stins. Bastion van de Vrijstaat Terschelling. Koninklijke Van Gorcum, Assen 2007, ISBN 978-90-232-4345-8 (online).
  • Hajo van Lengen: Das Steinhaus von Bunderhee und die Unkenburg in Leer. In: Rolf Bärenfänger (Hrsg.): Ostfriesland. Theiss, Stuttgart 1999, ISBN 3-8062-1415-8, S. 206–210 (Führer zu archäologischen Denkmälern in Deutschland. Bd. 35).
  • Hajo van Lengen: Zur Baugeschichte des Steinhauses in Bunderhee. In: Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr. Nr. 2, 1978, S. 8–14.
  • Eva Requardt-Schohaus: Steinhaus im Spannungsfeld. Nahe dem historischen Steinhaus in Bunderhee soll ein Windpark errichtet werden. In: Ostfriesland Magazin. Nr. 1, 2003, S. 48–53.
  • Wolfgang Rüther: Hausbau zwischen Landes- und Wirtschaftsgeschichte. Die Bauernhäuser der Krummhörn vom 16. bis zum 20. Jahrhundert. Diss. Münster 1999 (online).
  • Alger Schmidt: Das Steinhaus in Bunderhee. Baubeschreibung nach der Restaurierung 1976-1978. In: Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr. Nr. 2, 1978, S. 1–8.
  • Wolfgang Schwarz: Ausgrabung am Steinhaus zu Bunderhee. In: Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr. Nr. 2, 1978, S. 14–18.
  • Johannes-Vienne Smidt, Erica Smidt-Oberdieck: Das Steinhaus zu Bunderhee. Seine Wechselbeziehungen zu Ukeborg, Drakemund und Fürstenjagdhaus. Ostfriesische Landschaft, Aurich 1970. (Ostfriesische Familienkunde. Bd. 3).
  • Harm Wiemann; Samtgemeinde Bunde (Hrsg.): Aus vergangenen Tagen. Chronik der Samtgemeinde Bunde. Selbstverlag, Bunde 1983, S. 39–43.