Springe nei ynhâld

Histoaryske tún Tammen

Ut Wikipedy
It park mei it hearehûs

De histoaryske tún Tammen yn Bunderhee is in park yn de Eastfryske gemeente Bunde yn it Reiderlân. It park leit deun tsjin it mêd fan de Stins Bunderhee oan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Eastfryske Reiderlân brocht yn de njoggentjinde iuw troch syn fruchtbere grûn de boeren hege gewaaksprizen en dus on soad woltierigens. Dêroan tsjûgje de steatlike Eastfryske pleatsen mei harren parkeftige tunen fan dy grutboeren of "polderfoarsten". Nijsgjirrich wiene de slingertunen dy't yn Ingelske lânskipsstyl oanlein waarden.

De tún fan Tammen waard om 1900 hinne troch de Grinslânske arsjitekt Jan Vroom sr. om de pleats fan de famylje Hesse ûntwurpen. De bûgjende paden nûgje út ta in kuiertocht. In keunstmjittige fiver wjerspegelt de foargevel fan de pleats. Fierdere stylskaaimerken fande Grinslânske arsjitekt binne: healrûne blombêden, in wite brêge, bysûndere beammen, grien gersfjildsje en in heuveltsje mei in sitbank as útsjochpunt. In part fan de tún tsjinne eartiids as in grientetún.

Yn 1934 boaske de hôfeignerske Wilhelmina Hesse boer Ihno Ihnen Tammen. Dêrtroch feroare de namme fan it hôf ta Tammen. Nei de Twadde Wrâldkriich ferwyldere it hôf. Yn 2019 waard it park fannijs opmakke neffens hoe't it eartiids wie en waard op 2 july 2020 offisjeel iepene.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]