Springe nei ynhâld

Jan Vroom sr.

Ut Wikipedy
Plan fan Jan Vroom sr. foar it oanlizzen fan in tún op de Demalihoeve yn Oostwold

Jan Vroom sr. (Sappemeer, 31 desimber 1855 - Haren, 27 jannewaris 1923 wie in Grinslânsk tún- en lânskipsarsjitekt. Jan Vroom kaam út in famylje fan túnarsjitekten, syn heit Melle Vroom (1829-1913) en pake Geert Kornelis Vroom (1801-1876) wiene ek tige warber op dat mêd. De famylje waard benammen ferneamd troch it oanlizzen fan slingertunen yn Grinslân.

Vroom hat in soad tunen ûntwurpen foar (rintenierjende) grutboeren yn ûnder oaren Blijham, Loppersum, Nieuwolda, Piterbuorren en yn it Eastfryske Bunderhee. Dêrnjonken fersoarge er bygelyks it oanlizzen fan de Suderbegraafplak yn Assen (1892) en it Van Heutzpark yn Coevorden (1900). Om't er syn gesichtsfermogen stadichoan kwytrekke, moast er syn saak lang om let yn 1911 oan syn soan Jan Vroom jr. oerdrage.

Vroom syn pakesizzer en nammegenoat Jan Vroom wie yn de Twadde Wrâldkriich warber by it ferset en waard terjochtsteld by Woeste Hoeve.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: