Tema:East-Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
< Haadside < Oersjoch temasiden < Fryslân < Tema:East-Fryslân

East-Fryslân

Geografy

Lütje Hörn 2010-07-10.jpg

East-Fryslân is it gebiet tusken Iems en Wezer, mei it Lân Wûrsten eastlik fan de Wezer ynbegrepen. By de regio hearre de East-Fryske eilannen dy't foar de East-Fryske kust lizze en troch de Waadsee skieden wurde fan de fêstewâl. Krekt as yn de oare Fryslannen wurdt it lân tsjin de see beskerme troch seediken. De sompen, geasten en fean bepale it lânskip op it fêstelân, op de eilannen de dunen.

Gebieten
Eastfryslân - Sealterlân - Jeverlân - Fryske Wede - Bûtjadingen (it eardere Rustringen) - Lân Wûrsten - East-Fryske eilannen

Eilannen en sânplaten
Boarkum - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langerëach - Spikereach - Wangereach - Lütje Hörn - Kachelotplate - Memmert - Minsener-Oldoog - Alte Mellum

Stêden
Lear - Emden - Auerk - Wilhelmshaven - Wittmund - Noarden - Esens - Jever - Brake (Underwezer) - Varel

Wetter
Dollard - Jade - Jadeboezem - Noardsee - Waadsee - Iems - Wezer

Skiednis

Upstallsbohm2008msu.jpg

Weromkommende tema's yn de skiednis fan East-Fryslân binne de striid tsjin it wetter en de Fryske frijheid. Nei de 16e iuw bliuwe de ferskate lantsjes op harsels en wurde beynfloede troch de eigen hearskers of frjemde machten dy't it bewâld fiere oer de ferskillende gebieten tusken de Iems en de Wezer.

Skiednis fan Fryslân - Greefskip Eastfryslân - Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen - Fryske frijheid - Brookmerbrief - Departemint East-Fryslân - Sirksena - tom Brok - Upstalbeam - Likedielers - Fiktaaljebruorren - Sibetsburch - East-Fryske befrijingskrigen - Slach by Jemmingen - Tiidline fan de Fryske skiednis - Fryske Ryk

Moin en tige wolkom!

Ost-Friesland.svg

East-Fryslân is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen; it gebiet tusken de Iems en de Jade. Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan de sân seelannen. Yn de regionale media wurdt neist it begryp East-Fryslân ek Eastfryske Skiereilân brûkt.

Oare temasiden

Siden dêr't ferlet fan is

Brake (Underwezer)


bewurkje