Friesisches Forum
It Friesisches Forum (Fryske Foarum) is in platfoarm (sûnt 1998 in feriening) yn East-Fryslân. It Friesisches Forum hâldt him dwaande mei ekonomyske en sosjaal-politike ûnderwerpen. It platfoarm set him ek yn foar de East-Fryske identiteit en kultuer yn in globalisearjende wrâld. Dêrneist komt it Friesisches Forum op foar it Eastfryske-plat en set him yn foar it Sealterfrysk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn jannewaris 1997 kaam it platfoarm byinoar. Yn febrewaris 1998 gong it platfoarm fierder as feriening.[1]
Yn de tiid fan de Fryske frijheid wienen de frije Friezen fan de Sân seelannen ferienige yn it Upstalsbeambûn en holden op de tiisdei nei Pinkster har jierlikse gearkomste by de Upstalsbeam. Yn 2004 hat it Friesisches Forum foar de earste kear in gearkomste by de Upstalbeam organisearre.[2] De Ynterfryske Rie kaam earder ek al ynsidinteel gear by de Upstalsbeam, mar it Friesisches Forum organisearret struktureel alle jierren sûnt 2004 de Ynterfryske gearkomste op de tiisdei nei Pinkster, lykas de frije Friezen yn de midsiuwen.
Yn 2005 en 2006 kaam it Friesisches Forum yn East-Fryslân mei inisjativen om in diskusje oer in politike partij yn East-Fryslân fan 'e grûn te krijen.[3] Dêrút is letter Die Friesen ûntstien. Die Friesen die yn jannewaris 2008 foar it earst mei oan de lândeiferkiezings yn Nedersaksen.
It Friesisches Forum is sûnt it begjin as feriening al tige warber foar it Sealterfrysk. Ynsidinteel organisearret it Friesisches Forum mei it Sealtersk Bûn in kursus Sealterfrysk. Op 19 febrewaris 2010 wie der in gearkomste yn Ostrhauderfehn oer it oanbieden fan kursussen Sealterfrysk op Edufrysk, in projekt fan de Afûk.[4][5]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|