Likedielers

Likedielers wienen seerôvers út de Midsiuwen en opfolgers fan de Fiktaaljebruorren. Earst holpen se de Hânze tsjin Denemark. Doe't der yn 1395 frede sluten wie waarden se út de Eastsee ferjage. Se fûnen lykwols in skûlplak by Eastfryske haadlingen as Edo Wiemken yn Jever en by Widzel tom Brok yn Mariënhafe.
De politike tastân yn Fryslân wie yn dy snuorje gaadlik foar dy piraten of hierlingen. Yn Fryslân wie dêr gjin kening of hear en bestie út ferskate frije boererepubliken. Haadlingen befochten inoar yn feten en wiene gauris yn konflikt mei de greven fan Hollân en Aldenburch. It meidwaan fan de Likedielers yn de pleatslike tsierderijen makken de skelen dêr't Fryslân yn tangele wie allinnich mar slimmer. Ek skansearre de piraterij de hannel fan 'e Hânze dy't ek oer de Noardsee rûn. Benammen Bremen en Hamburch waarden yn harren ekonomy slim troffen.
Yn 1400 brochten de stêden Hamburch en Lübeck in grutte float byinoar en twongen by Emden alle haadlingen om net langer in feilige haven oan de Likedielers. De oerbliwende Likedielers flechten nei Hollân en dêrnei nei Noarwegen, wêrûnder harren lieder Klaus Störtebeker. Oan 'e ein dat jers fêstige Störtebeker him op it eilân Helgolân. De Hânzefloat, dy't yn 'e Elbe lei, fear út nei Helgolân en fersloech Störtebeker. Hy waard finzennommen en yn Hamburch yn 1401 ûnthalzge. De oare lieder Godeke Michels, kaam dat jiers werom fan Noarwegen en kearde nei de Fryske kust werom. Syn float waard dy de rivier de Weser oermastere en ek hy waard terjochtsteld.
Yn de striid tsjin Albrecht fan Saksen wikselen de Likedielers mear as ien kear fan partij. Tusken 1402-1408 waarden se oanfallen troch de Hânzeaten ûnder lieding fan Hamburch dy't se foar in diel fersloech. Der leinen ek Likedielers as bûnsmaten fan Jan fan Beieren yn Dokkum en Iezumasyl (1422). Letter ferjage de Hânze mei help fan Fokko Ukena harren dêrwei en waarden se ek yn East-Fryslân bestriden (1433).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|