Springe nei ynhâld

Grutte Tsjerke (Emden)

Ut Wikipedy
Grutte Tsjerke
Große Kirche
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
plak Emden
adres Kirchstraße
koördinaten 53°21' N 7°12' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Kosmas en Damianus
Arsjitektuer
arsjitekt Otto Bartning
boujier 15e iuw - 20e iuw
boustyl gotyk, moderne arsjitektuer
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Grutte Tsjerke (East-Fryslân)
Grutte Tsjerke

De Grutte Tsjerke (Dútsk: Große Kirche) yn Emden is in wichtich gebou yn 'e East-Fryske skiednis. De tsjerke is de memmetsjerke fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke yn Noard-Dútslân en Nederlân. Sûnt de ferneatiging fan 'e tsjerke yn 'e Twadde Wrâldkriich wurde der gjin tsjinsten mear holden. Foar de tsjerklike gemeente waard njonken de Grutte Tsjerke de saneamde Switserske Tsjerke boud. Yn 'e restaurearre Grutte Tsjerke is hjoeddedei de teologyske Jehannes a Lasco-bibleteek ûnderbrocht.

De bou fan 'e oarspronklike tsjerke stiet yn gearhing mei de 9e-iuwske stifting fan in Fryske hannelsdelsetting op in oant seis meter hege terp. De delsetting ûntstie op 'e rjochter kant fan 'e Iems, tichteby de mûning fan in wetterke. Ut dy delsetting groeide it lettere Emden. Sûnt it begjin fan 'e stifting fan 'e delsetting stie der op in aparte terp in houten tsjerke mei in begraafplak. Mei it tanimmen fan it ynwennertal waard om likernôch it jier 966 in nije houten tsjerke boud.

De tsjerke op in kaart fan 1575.

Om 1200 hinne setten de ynwenners útein mei de bou fan in oan Kosmas en Damianus wijde romaanske sealtsjerke. De tsjerke waard yn de 13e en 14e iuw ferboud en noch foar de slimme floed op 15 novimber 1403 wie in begjin makke oan 'e fergrutting fan 'e tsjerke ta in trijeskippige halletsjerke. Oant 1453 moast der wurke wurde om de skea fan 'e floed te reparearjen. De westlike toer waard yn dy tiid ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer oan 'e noardlike kant. Ek waarden it eastlike koer mei twa traveeën langer makke en de sydkapellen fergrutte. Oan it begjin fan 'e 16e iuw waard der wurke oan 'e útwreiding fan it koer ta in nachtmielskoer en waard in sakristy boud. De sydkapellen waarden yn 'e jierren 1516-1517 mei dekoratyf maaswurk fan sânstien fan it koer skieden.

Grevinne Anna fan Oldenburg ornearre de Grutte Tsjerke yn 1558 as grêftsjerke foar it grevenhûs fan East-Fryslân. Tusken 1560 en 1570 waard de tsjerke oanpast foar de fiering fan 'e protestantske earetsjinst. Yn it ramt dêrfan waard de toer mei it skip ferbûn. De brekfallige toer waard yn 1861 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.

De Grutte Tsjerke waard op 11 desimber 1943 by in swier bombardemint op 'e stêd ferneatige. Op in diel fan 'e fûneminten waard mei help fan protestantske tsjerken út Switserlân fan 1948 oant 1949 in nije tsjerke boud. Dat gebou wurdt dêrom yn 'e folksmûle Schweizer Kirche neamd. De toer waard yn 'e jierren 1965-1966 op 'e nij boud en krige in nije klokkestoel mei in hegere, smellere spits. It grutste diel fan 'e tsjerke bleau as ruïne stean. It duorre oant de jierren 1980 dat de ruïne in provisoarysk dak krige. Sûnt 1992 waard útein set mei de bou fan 'e Jehannes a Lasco-bibleteek. Meiïnoar kostte de bou en de restauraasje, dy't op 22 novimber 1995 ôfsletten waard, hast 8 miljoen euro.

De tsjerke yn de East-Fryske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e reformaasje spile de Grutte Tsjerke in wichtige rol. Yn dy tiid stie Emden bekend om syn religieuze ferdraachsumens en de Grutte Tsjerke wie faak it toaniel fan wichtige evenminten yn 'e East-Fryske skiednis.

Greve Edzard helle yn 1520 de teolooch Georg Aportanus út Wildeshausen nei Emden en beneamde him ta fikaris fan 'e Grutte Tsjerke om syn beide soannen Enno en Jehan te foarmjen. Aportanus wie yn Swol foarme by de Bruorren fan it Miene Libben en rekke yn Emden ûnder ynfloed fan it fjoer fan Maarten Luther, dêr't er sûnt 1524 iepenlik oer preke. Hy fersette him tsjin de praktyk yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en rôp dêrmei it ferset fan 'e geastliken fan 'e âlde lear op. Aportanus hie de stipe fan 'e greve, mar de geastliken soargen der foar dat er net mear preke mocht yn harren tsjerken. De teolooch wie dêrmei net it swijen oplein want hy ferhûze nei de stedspoarten fan Emden en preke dêr fierder. De ynwenners fan Emden wisten it mei súkses foar inoar te krijen dat Aportanus wer op 'e kânsel fan 'e Grutte Tsjerke stean koe.

De Grutte Tsjerke fan Emden om 1845 hinne.

Yn 1530 lei Melchior Hofmann mei it doopjen fan 300 folwoeksenen yn in portaal fan 'e Grutte Tsjerke de basis foar de werdopers yn it noardwesten fan Dútslân en Nederlân.

De Poalske teolooch-reformator Jehannes a Lasco wurke fan 1542 oant 1549 as superintendint yn 'e Grutte Tsjerke. Hy die mei oan 'e debatten mei muontsen en werdopers en focht foar de ferwidering fan 'e bylden út de tsjerken. In folgeling fan Lasco wie de Nederlanner Albertus Risaeus, dy't de earste dûmny fan 'e Grutte Tsjerke waard. Hy skreau in tal teologyske skriften en bleau oant syn dea yn 'e Grutte Tsjerke foargean, dêr't er ek begroeven waard. Syn opfolger wie de yn Eelde berne Menso Alting. Under syn lieding waard it kalvinisme de iennige lear yn Emden. As wapen tsjin de kontrareformaasje woe Alting in protestantske uny. Dat brocht him yn konflikt mei de absolutistyske en lutherkse greven Edzard II en Enno III. It liede lang om let ta opskuor yn Emden en brocht de stêd Emden in spesjale status.

Mei hast 3.000 plakken waard de tsjerke ien fan 'e grutste yn East-Fryslân. De tsjerke stiet oan it súdwestlike ein fan it histoaryske sintrum en is mei de 65 meter hege toer in belangryk gebou foar it oansjen fan 'e stêd. De haadyngong wie eartiids oan 'e eastlike kant, mar is tsjintwurdich ferfongen troch in sydyngong.

De yn 'e jierren 1992-1995 troch Jochen Bunse ûntwurpen nijbou foar de Jehannes a Lasco-bibleteek stiet statysk los fan 'e ruïne. Allinne is dak ferbynt de âlde bou mei de nijbou. It noch besteande trijeskippige koer fan 'e eardere Grutte Tsjerke wurdt oan 'e westlike kant troch in nij dwersskip ôfsletten.

De bibleteek ûntstie út it argyf en de sûnt 1559 troch de tsjerke opboude samling fan teologyske boeken. Letter waard de bibleteek mei nije samlings oanfolle. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de bibleteek op 'e tiid yn feiligens brocht en sûnt 1974 is de bibleteek wer tagongklik makke foar publyk. Mei de nijbou oan 'e tsjerke krige de bibleteek mei likernôch 100.000 wurken wer in plak yn 'e Grutte Tsjerke. It is ien fan 'e grutste teologyske bibleteken fan it lân.

Schepken Christy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Skipke fan Kristus.

Yn 'e tiid fan 'e reformaasje joech de stêd ûnderdak oan in soad flechtlings út de Nederlannen. Neiteam fan dy flechtlings skonken yn 1660 út tankberens in reliëf foar it eastlike portaal, dat it "Schepken Christy" ôfbyldet en it ynskrift "Godts kerck, vervolgt, verdreven, heft Godt hyr trost gegeven" draacht. It portaal oerlibbe de ferneatiging yn 1943 en it sylskip mei it ynskrift tsjinnet hjoeddedei as logo fan de protestantsk-grifformearde tsjerke fan Emden.

Grêfmonumint Enno II

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grêfmonumint greve Enno.

Rjochts fan 'e yngong stiet it monumintale renêssânse grêfmonnumint fan Enno II (1505-1540). Syn widdofrou grevinne Anna joech opdracht om it yn 'e jierren 1540-1548 te bouwen. Nei't yn 1561 de residinsje nei Auwerk ferhûze, waard it omskot fan 'e greve meinommen en byset yn 'e Lambertustsjerke dêre. It monumint waard yn 1943 net slim skeind, mar neitiid wol bleatsteld oan it waar. Mei de bou fan 'e tsjerke waard ek it monumint restaurearre. De oantinkens fan 'e bommen en it waar binne mei opsetsin sichtber holden.

Sûnt 1480 hie de tsjerke in oargel. Oant de bou fan it fjirde en lêste oargel hie de tsjerke in ynstrumint fan Johann Friedrich Wenthin út 1779. It yn 1927 troch Friedrich Klassmeier boude oargel wie mei 51 registers noch grutter as it oargel fan 'e Ludgerustsjerke fan Norden. Dat oargel waard mei it bombardemint op 'e stêd yn 1943 ferneatige. Sûnt 1997 hat der noch in jier of wat in oargelposityf fan Bartelt Immer yn 'e bibleteek stien. Dat oargel hie fjouwer registers en stiet tsjintwurdich yn Tokio.

De trije kroanluchters fan 'e tsjerke binne yn 1779 troch Gottlieb Franke makke. Yn dat jier briek de klokkestoel en de resten fan 'e delstoarte klokken binne doe ferkocht. Mei it jild fan 'e ferkeap koene de kroanluchters oanskaft wurde. Nei de kriich hongen de kroanluchters yn oare tsjerken, mar nei de foltôging fan 'e bibleteek waarden de kroanluchters wer op it âlde plak ophongen.

Switserske Tsjerke.

Switserske Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protestantsk-grifformearde gemeenten yn Switserlân sammelen nei de ferneatiging fan 'e Grutte Tsjerke jild yn foar de bou fan in needtsjerke neffens ûntwerp fan 'e arsjitekt Otto Bartning. De yn eleminten boude tsjerke fûn plak op in diel fan 'e fûneminten fan 'e Grutte Tsjerke en dêrtroch wie in folsleine werbou ûnmooglik woarn. Op 24 maaie 1949 waarden de foltôge boudielen yn fiif treinwagons brocht. De âlde stiennen fan 'e ruïne waarden bewurke en foar de nijbou op 'e nij brûkt. Op 16 oktober 1949 waard de tsjerke ynwijd.

Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Ahrend & Brunzema, dy't yn 1962 mei twa manualen boud waard en yn 1985 troch Jürgen Ahrend mei in selsstannich pedaal útwreide waard. It barokke ynstrumint besit 14 registers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.