Johann Friedrich Wenthin

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Johann Friedrich Wenthin (Otterstedt by Bremen, 10 augustus 1746 - Emden, 27 maaie 1805) wie in Dútske oargelbouwer. Yn Fryslân stiet yn de tsjerke fan Sweins in oargel fan Wenthin.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johann Friedrich Wenthin wurke nei alle gedachten by Heinrich Wilhelm Eckmann en wie ien fan de grutste konkurrinten fan Hinrich Just Müller (1740-1811) yn East-Fryslân. Hy troude yn 1775 yn Emden mei Catharina Gertrud Wenthin út Neustadtgödens en krige by har fjouwer bern. Syn soan Joachim Wenthin folge him op en naam syn oargelbedriuw letter oer, mar dy wurke skraach yn East-Fryslân.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste prestaasje fan Wenthin wie de nijbou fan it oargel foar de Grutte Tsjerke fan Emden. Dêrmei krige Wenthin namme as oargelbouwer, sadat er ek opdrachten út it oanbuorjende Nederlân krige. Dat ynstrumint waard yn 1779 foltôge, mar gyng by de ferneatiging fan de tsjerke yn 1943 spitigernôch ferlern. It hie 40 registers en wie de iennige nijbou fan Wenthin mei in selsstannich pedaal. Al syn lettere oargels hiene in oanhongen pedaal en minder dan 20 stimmen. By twamanualige oargels waard oan it haadwurk in boppewurk tafoege.

Syn oargels hiene in elegante en sêfte klank as skaaimerk, mei in grutter oandiel fan fluit- en strykregisters. Ek paste er moderne registers, lykas de traversfluit en de labiaalklarinet, ta. Wenthin's moderne wize fan wurkjen is ek te sjen oan de foarmjouwing fan de oargelfronten. Dy binne yn 'e regel yn de rococo-styl, mar de lêste fronten ferriede ynfloeden fan it klassisisme, troch bygelyks de tafoeging fan fazen op it front.

List[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de folgjende oargels is it bekend dat se troch Wenthin boud binne. De kursive beskriuwing jout oan dat it oargel net of allinne it front fan it oarspronklike oargel bewarre bleaun is. De grutte fan it ynstrumint wurdt yn de fyfte kolommenrige troch it tal manualen en yn de sechde troch it tal registers oanjûn. In grutte "P" stiet foar in selsstannich pedaal, in lytse "p" foar in oanhongen pedaal.

Jier Plak Tsjerke Ofbyld Manualen Registers Oanmerkings
1779 Emden Grutte Tsjerke II/P 40 Nijbou; by it bombardemint op de stêd yn 1943 ferlern gien.
1776–1781 Hinte Tsjerke fan Hinte 4720927 Hinte Orgel.jpg I/p 8 Nijbou; front bewarre bleaun.
1779–1782 Weener Sint-Joristsjerke Weener Ref Orgel.jpg III/P 37 Oargel fan Arp Schnitger, yn 1779 oant 1782 ferhûze troch Wenthin nei in nije galerij foar it koer. It ynstrumint waard reparearre en grutter makke mei boarstwurk en pedaaltuorren; allinne it front fan de pedaaltuorren bleaune bewarre (hjoeddedei II/P/29).
1785 Riepe Tsjerke fan Riepe 4722626 Riepe Orgel.jpg I/p 10 Nijbou; ferfongen, front mei pipen bewarre bleaun.
1783 Backemoor Tsjerke fan Backemoor Backemoor Orgel.jpg I/p 12 Nijbou; foar in grut part bewarre bleaun.
1785 Sweins Reginatsjerke
Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 1787 - Zweins - 20356833 - RCE.jpg
I/p 13 Nijbou; letter ferboud.
1787 Nieuwolda Tsjerke fan Nieuwwolda
4795233 Nieuwolda Orgel.jpg
II/p 21 Nijbou; foar in grut part bewarre bleaun.
1788–1789 Reepsholt Sint-Mauritiustsjerke Kirchenorgel Reepsholtmsu6.jpg II/p 17 Nijbou, foar in grut part bewarre bleaun.
1790–1793 Wolthusen Tsjerke fan Wolthusen I/p 8 Nijbou; 4 registers bewarre bleaun.
1793 Hesel Liudgertsjerke 4721197 Hesel Orgel.jpg I/p 13 Nijbou; allinne wat fykwurk fan it front bewarre bleaun.
1793 Westerende Sint-Martinustsjerke
Westerende Orgel.JPG
I/p 13 Nijbou; 1885 ferbouwing en fergrutting troch Johann Diepenbrock (hjoeddedei I/P/15); foar in grut part bewarre bleaun.
1796 Oldersum Tsjerke fan Oldersum II/p 12 Nijbou, net bewarre bleaun.
1797–1798 Bad Bentheim Herfoarme tsjerke I/p 12 Nijbou, net bewarre bleaun.
1798–1801 Groothusen Sint-Petruskerk Groothusen Orgel.jpg II/p 19 Nijbou; mear dan de helte fan de registers bewarre bleaun.
1802 Blersum Tsjerke fan Blersum I/p Yn 1850 krige de gemeente in hûsoargel fan Wenthin; yn 1890 troch Johann Martin Schmid ferfongen.
1804 Groß Midlum Tsjerke fan Groß Midlum Groß Midlum Orgel (1).jpg I/p 13 1956 pipen ferfongen, oargelfront en wynlade bewarre bleaun.

Dêroerhinne komme ek noch ferskate ferbouwings, fergruttings en reparaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Johann Friedrich Wenthin