Springe nei ynhâld

Laurintius- en Finsintiustsjerke (Backemoor)

Ut Wikipedy
Laurintius- en Finsintiustsjerke
Kirche St. Laurentius und St. Vincentius
Lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Backemoor
adres Groot Karkweg
koördinaten 53°11' N 7°31' E
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
toer 15e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status kultuermonumint
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Laurintius- en Finsintiustsjerke (East-Fryslân)
Laurintius- en Finsintiustsjerke

De Laurintius- en Finsintiustsjerke (Dútsk: Kirche St. Laurentius und St. Vincentius) is in tsjerkegebou yn it Eastfryske Backemoor yn 'e gemeente Rhauderfehn. De tsjerke giet werom op in romaanske bakstientsjerke út de earste helte fan 'e 13e iuw. De tsjerke tanket de stifting nei alle gedachten oan 'e omstannichheid dat Backemoor yn 'e tiid fan 'e Fryske frijheid in plak wie, dêr't de rjochters fan it hiele Overledingerland by gearkamen.

Ynterieur.

De tsjerke is in sealtsjerke mei oanslutende apsis út de earste helte fan 'e 13e iuw. De rjochters út Overledingerland brûkten de tsjerke foar harren gearkomsten. Yn 'e 15e iuw waard de westlike toer oan 'e tsjerke boud. Foar dat doel moasten it skip wat koarter makke wurde en de âlde portalen (twa yn it suden en ien yn it noarden) tichmitsele wurde. De tsjokke muorren, de sjitgatten en in skoarstien oan 'e westlike toer ferwize nei it gebrûk as wartoer.

Op 1 juny 2012 waarden de gemeenten fan Backemoor en Breinermoor gearfoege ta ien gemeente, dy't by de tsjerkekring Rhauderfehn fan 'e Protestantsk-lutherske Lânstsjerke Hannover heart. Njonken de tsjerketsjinsten wurde der ek konserten holden, troch koaren fan 'e gemeente mar ek troch klassike konserten fan 'e kultuerkring Rhauderfehn.

De muorren fan it skip rêste op in fûnemint fan graniten stiennen. Oarspronklik wie it skip nei it wêst ta langer. It hie lytse finsters, dêr't allinne it middelste finster yn 'e apsis fan oerbleaun is. Alle oare finsters binne yn 'e rin fan 'e tiid feroare. De hagioskoop is fan binnen noch yntakt, mar bûten tichtmitsele en dêr allinne werom te kennen troch de nijere bakstien en in ljochtere foech.

De swiere toer hat in sealtek mei gevels dy't mei klimmende bline spitsbôgen fersierd binne.

Preekstoel.

Ut de roomske tiid datearje de muorreskilderings oan 'e apsisbôge en de wijingskrusen yn it skip. De fresko's fan palmetten, libbensbeammen en fabelbisten waarden yn de jierren 1970 bleatlein. It fleugelalter mei foarstellings út it Nije Testamint, de iken preekstoel en in kroanluchter waarden troch tsjerkeleden skonken en datearje út de jierren 1701-1702.

De beskildering fan it alter giet werom op it foarbyld fan 'e nei alle gedachten fan it yn 1663 troch Tönnies Mahler út Lier makke alter foar de tsjerke fan Rhaude. Ta de ynvintaris fan 'e tsjerke heart ek in beker mei in opskrift fan 'e skinker: Behrend Harms Buchmeyer Hausmann zu Schatteburg vermachte in seinem Testament diesen Kelch zu Backemoor 1841.

Oargel.

It oargel waard yn 1783 troch Johann Friedrich Wenthin út Emden boud. It hat tolve registers op ien manuaal en in oanhongen pedaal. It ynstrumint is foar it measte oarspronklik bleaun en besit noch it iennige orizjinele Gamberegister út de 18e iuw fan Eastfryslân.

Johann Diepenbrock fierde yn 1887 reparaasjes út en makke it ynstrumint skjin. It oargel krige ek in nije klaviatuer en it balgewurk waard fernijd. De firma P. Furtwängler & Hammer ferfong yn 1934 de tongregisters. Yn it ramt fan 'e renovaasje fan 'e tsjerke waard it oargel yn 1972 útboud. Dêrnei folge de opbou en in earste restauraasjefaze. Sûnt 1978 fierde Alfred Führer in grutte restauraasje út, dy't yn 1982 mei de rekonstruksje fan 'e tongregisters ôfsletten waard. By de restauraasje wie it útgongspunt de sitewaasje fan 1783. Ek de moarmering fan 'e oargelkas en de galerij waard by de restauraasje wer foar it ljocht helle.

Yn 2008 folgen nei in behanneling fan it hout mei in houtbeskermingsmiddel yn 2004 in needsaaklike reparaasje en mear restauraasjewurk troch de Grinslânske firma Mense Ruiter. Dêrby waard de Trompete 8' bysteld en de Vox humana rekonstruearre. De wyndruk waard neffens nije ynsichten ferhege en it piipwurk oerienkomstich yntonearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.