Springe nei ynhâld

Joachim Wenthin

Ut Wikipedy

Joachim Wenthin (10 desimber 1778 yn Emden; † 1857) wie in Dútske oargelbouwer.

Syn heit wie de yn East-Fryslân tige bekende oargelbouwer Johann Friedrich Wenthin. Joachim Wenthin naam yn 1805 mei súkses de oargelmakkerij fan syn heit oer. Hy wie de folgjende tsien jier benammen dwaande mei it ûnderhâld fan East-Fryske oargels. Doe't er yn 1816 frege waard om in nij oargel foar de Nije Tsjerke fan Emden te bouwen, moast er fanwegen de grutte drokte dy opdracht ôfwize.

Wenthin ferhûze it bedriuw nei it Iemslân en nei Tecklenburg en wenne dêr fanôf 1820 ek. Sûnt 1840 wurke er tegearre mei W. Meese.

Tsjerken mei in oargel fan Joachim Wenthin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier plak tsjerke byld manualen registers opmerkingen
1805–1806 Emden Katolike tsjerke I/P 10 Tegearre mei syn heit boud. Alder materjaal fan de foargonger brûkt fan Johann Friedrich Constabel (1754). Yn 1936 troch nijbou fan Franz Breil ferfongen, dy't it âlde materjaal wer tapaste. Yn 1944 ferneatige.
1807 Lotte (Westfalen)
1816 Niehove Tsjerke fan Niehove
I/P 11 Troch Wenthin yn 1816 boud foar de katolike staasje yn Uithuizen. Wenthin brûkte dêrby piipmaterjaal fan in oargel út Uithuizermeeden út 1557. Sûnt 1908 stiet it oargel yn Niehove. It oargel bleau foar it grutste part bewarre.
1817 Halverde (Westfalen) Sint-Petrus- en Paulustsjerke I/P 8 Yn 1870 fergrutte nei II/P/18
1830 Thuine (Iemslân) Sint-Joristsjerke I/P 12 Bewarre bleaun
1840 Holte-Lastrup (Iemslân)
Bewarre bleaun
1845 Bokeloh (Meppen) Sint-Vitustsjerke Bewarre bleaun

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Joachim Wenthin