Springe nei ynhâld

Reginatsjerke

Ut Wikipedy
Reginatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Sweins
adres Haadwei
koördinaten 53° 11' N 5° 36' E
Arsjitektuer
boujier 1782-1783
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 09813
Webside
PKN Ried-Skingen
Kaart
Reginatsjerke (Fryslân)
Reginatsjerke

De Reginatsjerke oan de Haadwei yn Sweins is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. It tsjerkhôf is fan de protestanske gemeente Ried-Skingen.

De oan twa siden trijesidich sletten sealtsjerke stamt út de jierren 1782-1783. De op in gruttendiels ôfgroeven terp steande tsjerke ferfong in âlde midsiuwske tsjerke mei sealtektoer. Yn plak fan in toer krige de tsjerke in dakruter, dêr't de klok út 1471 yn kaam te hingjen. It is net bekend oan hokker hillige de midsiuwske tsjerke fan Sweins eartiids wijd wie,[1], mar de herfoarme tsjerke krige de namme Regina, ien fan de titels fan Marije.

By in restauraasje yn 1980 binne der fragminten fûn mei byldhouwurk fan in 15e-iuwsk doopfont út de midsiuwske tsjerke. Ek is doe in yn 1828 sletten geve grêfkelder út de 16e iuw fan de famylje Thoe Kingma wer iepene.[2][3]

It foar Fryslân bysûndere Wenthin-oargel

It meubilêr fan de tsjerke is goed bewarre en stamt noch folslein út de tiid fan de bou fan de tsjerke. De preekstoel mei doophek, de hearebanken foar de famyljes Lyclema a Nijeholt en Van Beijma thoe Kingma, de tekstbuorden en de banken foar de gemeenteleden binne allegear levere troch Hermanus Berkenbijl. Lofts fan de preekstoel hinget oan de noardeastlike muorre in sânstiennen epitaaf foar Jaeyke fan Vierssen, in bewenner fan Kingmastate dy't yn 1652 stoar. De tsjerke besit fiif 17e-iuwske roubuorden en in wapenboerd fan Idsinga.

De sark fan Claes fan Adelen († 1553) komt oarspronklik út de Seisbierrumer tsjerke. Fierder lizze der ferskate 16e- en 17e-iuwske sarken fan de bewenners fan Hearemastate en Kingmastate.

De klok yn de dakruter hat in diameter fan 82 sintimeter en waard yn 1471 getten troch Steven Butendiic.

It oargel fan de Reginatsjerke waard yn 1785 troch Johann Friedrich Wenthin út Emden boud. It is it ienige ynstrumint yn Fryslân fan de oargelbouwer. Ek unyk foar Fryslân is de rokoko-front fan it oargel. De firma Van Dam út Ljouwert feroare yn 1877 mei it besteande piipwurk fan Wenthin de disposysje en ferfong de wynlade, de mechanyk, de wynfoarsjenning en de klaviatuer. Bakker & Timmenga restaurearre it doe net mear te bespyljen ynstumint yn 2004, mei as útgongspunt de steat fan 1877.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: