Menso Alting

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Menso Alting

Menso Alting (Eelde, 9 novimber 1541 - Emden, 7 oktober 1612) wie in Nederlânsk predikant en tsjerkeherfoarmer.

Menso Altins waard berne yn Eelde. Nei inkele skoallen yn Nederlân en Dútslân hat er teology studearre yn Keulen. Yn 1564 waard er beneamd ta fikaris fan Haren. Inkele moannen letter waard er beneamd ta pastor fan Sleen. Wierskynlik hat Menso Alting yn dy perioade nea yn Sleen west en brûkte er dy funksjes, dy’t er te tankjen hie oan ynfloedrike famyljeleden, allinnich as ynkomsteboarne foar syn stúdzje.

Noch tidens syn stúdzje gie er by de protestantske beweging. Hy sette syn stúdzje troch yn Heidelberg. Dêr waard syn soan Basilius Alting (1572-1637) berne dy't letter in wichtich bestjoerder yn Emden wurde soe. Neidat er klear wie mei de stúdzje gie hy werom nei Helpen en Sleen om de ynwenners ta it Kalvinisme te bekearjen.

Yn july 1567, nei de byldestoarm gie er nei Dútslân. Yn Nederlân wie hy syn libben net seker. Yn 1575 belâne er yn East-Fryslân, yn de stêd Emden. Om dy tiid bestie hast de helte fan de befolking fan dy stêd út flechtelingen út De Nederlannen. Nei skatting binne yn de twadde helte fan de 16e iuw sa'n 6000 Nederlanners nei Emden ta gien.

Yn oktober 1575 is hy beneamd ta predikant fan de grutte tsjerke yn Emden en as polityk lieder. Hy soarge foar in trochbraak fan it Kalvinisme yn Emden. Koart neidat hy predikant wurden wie ferstoar grevinne Anna fan Aldenboarch. Menso Alting late de Kalvinistyske tsjinst.

Greve Willem Loadewyk, steedhâlder fan Fryslân, helle Menso Alting yn 1594 werom nei Drinte. Oan dy perioade dankt Menso Altins syn bynamme 'de tsjerkeherfoarmer fan Drinte'. Hy brûkte faak hunebêden as kânsel foar syn hagepreken. It hunebêd D49 by Schoonoord, hjit noch altyd de Papeleaze tsjerke.

Yn maart 1595 spile Menso Alting in grutte rol by in opstân fan de Kalvinistyske befolking fan Emden tsjin de Luterske greve fan East-Fryslân, Edzard II. Alting tocht dat Emden him ek oanslute soe by de opstannige Nederlannen. Net folle letter ferklearre de sted him ûnôfhinklik fan East-Fryslân. By it ferdrach fan Delfsyl krige Emden in semy-autonome status, dy’t er oant 1744 hâlde soe.

Menso Altins ferstoar yn'e âldens fan 70 jier yn Emden.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Klaas-Dieter Voß, Wolfgang Jahn (Hrsg.): Menso Alting und seine Zeit. Glaubensstreit - Freiheit - Bürgerstolz. (Veröffentlichungen des Ostfriesischen Landesmuseums Emden, Heft 35), Oldenburg 2012, ISBN 978-3-89995-918-5. (Begleitband zur gleichnamigen Ausstellung im Ostfriesischen Landesmuseum Emden und der Johannes a Lasco Bibliothek Emden: 07.10.2012 - 31.03.2013)
  • Ubbo Emmius, Menso Altings Leben. Aus dem Lateinischen übersetzt von Erich von Reeken. Emden (1982).
  • Hermann Klugkist Hesse, Menso Alting. Eine Gestalt aus der Kampfzeit der calvinischen Kirche. Berlyn (1928).