Basilius Alting
Basilius Alting (Heidelberch, 17 novimber 1572 - Emden, 5 novimber 1637) wie in soan fan teolooch Menso Alting, apteker en in tige wichtich gemeentebestjoerder út de skiednis fan Emden.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er 17 jier wie begûn er syn oplieding farmasy by J. Langelerius, in freon fan syn heit, yn La Rochelle, Frankryk, om him yngeand ta te rieden op syn berop. Nei syn oplieding gie er werom nei Emden en iepene yn 1598 in apteek yn de súdfleugel fan it stedhûs, dy't oant 1780 as "Adler-Apotheke" bestie.
Alting syn fertsjinsten yn de gemeentepolityk fan Emden wiene grut. Yn 1610 waard er lid fan it Kolleezje fan Fjirtich (Vierzigerkollegium) en fan 1619 oant 1621 wie er dêr foarsitter fan. Dat jier waard hy ta lid fan de ried keazen. Sûnt 1616 wie er presbyter (Kirchenältesten) fan de parochy, sûnt 1628 meardere kearen lid fan it nedergerjocht, yn 1629 Ratsrentmeister en sûnt 1615 kaptein fan de Boargerkompanjy.
Hy wie in begoedich man en hie oandielen yn in rederij.
Op 20 maaie 1604 boaske er oan Anna Fijtken en op 16 novimber 1606 waard harren soan berne, Gerhardus Alting († Emden, 1693).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wolfgang-Hagen Hein, Holm-Dietmar Schwarz: Deutsche Apotheker-Biographie Band I.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|