Kosmas en Damianus
Kosmas en Damianus | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
berteplak | Silysje | |
stjerdatum | 287 | |
stjerplak | Aegeae | |
wurkpaad | ||
berop | arts | |
hillichferklearring | ||
hjeldei | 26 septimber (RK) 1 july, 1 novimber (OT) |
Kosmas en Damianus (Gryksk: Κοσμάς και Δαμιανός; ferstoarn yn Aegeae (no: Yumurtalık, Turkije) yn 287 of 303) wiene in Syryske twilling út de 3e iuw, dy't as hilligen fereare wurde. Neffens de oerlevering wiene hja beide arts, dy't foar harren tsjinsten oan earmen gjin jild fregen. Dêrom wurde hja yn 'e Eastersk-otterdoksy ek Agioi Anárgyroi neamd, itjinge safolle as 'hillige jildloazen' betsjut. Mei harren libbenswize wisten hja in soad minsken ta it kristendom te bekearen.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in Arabyske oerlevering út de ein fan 'e 4e/begjin 5e iuw wiene Kosmas en Damianus de soannen fan in kristlike mem mei de namme Teodota. Lykas har twilling soene ek noch har trije oare soannen Antimus, Leontius en Euprepius as martler stjerre.
Kosmas en Damianus soene as artsen yn Aigeai yn Silysje yn it suden fan Turkije wurke ha, fral yn it hospitaal fan Pheremma by Cyrrhus. Njonken it fergees oanbieden fan harren tsjinsten blonken hja út yn betûftens: hja soene der sels yn slagge wêze om de ferrotte foet fan in blanke man te amputearjen en dy te ferfangen troch in foet fan in ferstoarne swarte man. Mei dy transplantaasje waard dúdlik makke dat mei Gods Help sels it ûnfoarstelbere mooglik is.
De prefekt Lysias besocht de bruorren yn it ramt fan 'e kristenferfolging ûnder Diokletianus ferskillende kearen te deadzjen. Sa liet er har yn 'e see smite om se te ferdrinken, mar se oerlibben. Ek besocht er har te ferbaarnen en nei't dat ek net slagge liet er har oan krusen fêstbine en joech er minsken út de stêd opdracht om har mei pylken en stiennen om te bringen, mar de pylken en stiennen feroaren fan rjochting en ferwûnen dyjingen dy't se smiten hiene. Lang om let liet Lysius se tagelyk mei harren trije bruorren ûnthâlzje.
Der binne ferskillende regionale farianten oer harren libben oerlevere, dy't letter nei foarren kommen binne en minder oannimlik binne. Neffens in Romeinske tradysje waarden Kosmas en Damianus as gefolch fan in yntrige fan in konkurrint troch stienniging om it libben brocht. Yn midsiuwske Europeeske manuskripten wie de mem fan Kosmas en Damianus de útfynster fan 'e apostelsalve (unguentum apostolicum), dy't doe in soad brûkt waard. Ek soene Damianus en letter ek Kosmas oan in natuerlike dea stoarn wêze. Neffens in Syryske fariant soe de twilling keizer Karinus bekeard ha en soene hja ek net as martler stoarn wêze.
It earste plak fan ferearing wiene harren grêven yn Pheremma by Cyrrhus yn Syrje. Fan dêr út fersprate de ferearing him nei Palestina, Egypte en Konstantinopel en letter nei Rome, Sisylje en de gebieten oer de Alpen.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hilligen binne patroanhillige fan artsen en aptekers, fan siken, kappers en sûkerbakkers. Kosmas en Damianus binne fierder patroanhilligen fan 'e stêden Florâns, Goslar en Essen. In soad medyske fakulteiten drage de nammen fan 'e twilling. Haj wurde by need op see, swolderij, de pest, by transplantaasjes en hynstesyktes oanroppen.
Hja wiene ek de patroanhilligen fan it Florantynske aristokratyske skaai De' Medici en dy famylje kaam de namme Cosimo in soad foar.
De skedels fan Kosmas en Damianus wurde sûnt 1581 yn it Monasterio de las Descalzas Reales fan Madrid fereare, dy't troch de dochter fan keizer Karel V skonken binne. Se wiene earder yn 'e 10e iuw fan Rome nei Bremen brocht en fan dêre nei Bamberg.
Yn Dútslân binne sels op twa plakken skedels fan 'e twilling. It wie Peaske 1334 doe't de prinsbiskop fan Bremen yn it koer fan 'e domtsjerke op in fergetten plak de ynmitsele reliken fan Kosmas en Damianus ûntduts, dy't aartsbiskop Adaldag fan Hamburch yn it jier 965 út Rome mei nei Bremen brocht hie. Tusken 1400 en 1420 waard in skryn foar de reliken makke. Yn 1649 ferkocht it yntusken Lutherske kapittel fan Bremen de skryn mei de reliken oan foarsbiskop Franz Wilhelm von Wartenberg, dy't de skryn oan Maksimiliaan I fan Beieren oerdroech. De twa skedels bleaune yn Bremen want de karfoarst hie al twa skedels fan Kosmas en Damaian út de domskat fan Bamberg. De skryn fan Kosmas en Damianus waard nei de jezuïtetsjerke fan München brocht, dêr't er noch jimmeroan stiet. De efterlitten skedels yn Bremen kamen yn it besit fan 'e katolike mienskip en waarden yn 1934 nochris yn 'e Fransiskaner- of Jehannestsjerke útstald. Yn 1968 waarden de skedels troch proast August Sandtel as nei alle gedachten ûnecht ferwidere, dy't se ûnder de flier fan in nij groeven krypt begroef.
Ek de stêd Wenen mient yn 'e Stefanuskatedraal sûnt 1413 twa skedels fan 'e hilligen te besitten. Oare reliken fan 'e hilligen wurde yn 'e Feneesjaanske tsjerke San Giorgio Maggiore bewarre.
It swurd wêrmei't de twilling neffens de tradysje ûnthalze waard wurdt hjoed-de-dei yn in gouden skjidde bewarre yn 'e skatkeamer fan it Dútske Essen. Dat swurd waard yn 'e Ottoanske tiid troch Otto III oan it Stift Essen skonken.
Attributen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De attributen fan Kosmas en Damianus binne faak medyske ynstruminten en medikaasjedoaskes. Faak hâldt Kosmas in urinepotsje (matula) en Damianus in blikje mei salve mei in spatel beet. Somtiden, mar minder faak, wurde de bruorren ek ôfbylde mei in swurd of palmtûke. Yn 'e regel drage se de klean fan midsiuwske artsen.
Feestdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kosmas en Damianus wurde yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op 26 septimber betocht. Dy datum ûnstie mooglik yn gearhing mei de yn Rome oan 'e beide hilligen wijde tsjerke. Yn 'e Eastersk-Otterdoksy falt de datum op 1 july en 1 novimber.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kosmas und Damian
|