Kniperke
Kniperkes of izerkoekjes binne swiete, tinne hurde waffels dy't tradisjoneel om de jierwikseling hinne bakt wurde. Se wurde iten yn Drinte, Oerisel, Grinslân (Feankoloanjes en Westerwâlde) en Gelderlân (de Achterhoek).
Kniperkes wurde bakt yn spesjale waffelizers. Eartiids wienen dit knypizers fan getten izer dy't boppe it hurdfjoer hâlden waarden. Tsjintwurdich wurde elektryske wafelizers brûkt.
Kniperkes hawwe noch it meast fan oubliehoarns sa't dy brûkt waarden foar skepiis, mar it resept is oars: swieter en mei kaniel.
Presintaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Nedersaksyske kultuer hearre de wafeltsjes yn desimber plat, as kniperke, presintearre te wurden en fan Nijjiersdei ôf as nijjiersrôltsje. De gedachte hjirefter is dat yn desimber it âlde jier sa hielendal útteard is. Op nijjiersdei symbolisearret it rôltsje it ûnbekende nije jier. De platte ferzje wurdt benammen yn Drinte en Oerisel iten, de oprôle ferzje, de rullekes, mear yn Grinslân en de Achterhoek.
Yn Koevorden waarden eartiids de izerkoekjes útdield oan de earmen. Yn 1770 waard besocht om dit gebrûk te ferbieden, sûnder súkses.