Springe nei ynhâld

Wetsens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 jan 2024 om 17.05 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Skoalle: [[]])
Wetsens
Sint-Fitustsjerke
Sint-Fitustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 50 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,65 km², wêrfan:
- lân: 2,58 km²
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 21 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 01' E
Offisjele webside
Side Nijewier-Wetsens
Kaart
Wetsens (Fryslân)
Wetsens

Wetsens is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Wetsens leit noardeastlik fan Dokkum, eastlik fan Ealsum, súdwestlik fan Mitselwier en besuden Nijewier. Wetsens hat 50 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit oan de Jaerlawei, de alde ringwei fan de terp fan Wetsens.

De buorskipe Lytse Wier (diel) heart ek by Wetsens.

Skiednis

Wetsens op de Schotanuskaart

Wetsens hat nea in grut doarp west. It hie mar 9 stimmen, mar wie dochs it fjirde yn rang yn East-Dongeradiel. Mei troch't it wat oan de kant fan de wegen lei is Wetsens in frij geef doarp bleaun. De namme Wetsens kin 'wiet lân' betsjutte. Oaren tinke oan de mienskip fan Wetse en syn famylje.

De terp is sa'n 4 meter heech, mar is yn it lêst fan 'e 19e iuw foar in grut part ôfgroeven. Allinnich it part om de tsjerke hinne is oerbleaun, dat dy leit no iensum op in hichte lykas dy yn Ealsum.

Sûnt 2019 leit Wetsens yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

De tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Wetsens).
De tsjerke yn 1723 neffens Stellingwerf

De tsjerke wie foar de reformaasje oan Sint-Fitus wijd. Dat soe der op wize kinne dat de norbertinen dêr ynfloed hienen. De 12e-iuwske tsjerke is fan dowestien boud. Der binne noch oansetten fan kapellen. Yn de 16e iuw is de tsjerke ferhege mei bakstien. Yn 1842 stoarte de sealtektoer yn en der kaam in trijehoekich westlike ôfsluting. De klok waard ophongen yn in klokkestoel oan de foarkant.

De tsjerke wurdt sneins net mear brûkt. De wurde allinnich noch trou- en routsjinsten holden. Yn 2016 waard it behear fan de tsjerke oernaam troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

De Fryske dichter A.M. Wijbenga en de skriuwer Rink van der Velde lizze dêr op it hôf.

De Jaarla's

Yn Wetsens spilen de Jaerla's in grutte rol, dy't op Grut- en Lyts Jaerlastate wennen. Yn 1498 hiene oare eallju fan Eastdongeradiel har by de Saksyske partij oansletten, wylst Auke Jaerla oan it lêst ta foar de Gelderske kant keas. Hja holden rjochtdei en Auke Jaerla moast him oerjaan. Der waard besletten dat Auke Jaerla yn Rinsumageast berjochte wurde moast, mar hy kaam dêr net libben oan want hy waard ûnderweis deaslein. Under it Saksyske bewâld binne de eigendommen fan syn soannen oan Hessel en Doeke fan Martena jûn. Nei 1580 binne de Jaarla's wer rehabilitearre en in pakesizzer fan Auke Jaarla waard sels grytman fan Eastdongeradiel.

Yn 1640 wie Jaerlastate al in hierpleats, dat de âlde state sil flak foar dy tiid ôfbrutsen wêze. Yn 1700 is Wilco fan Holdinga, baron fan Schwartzenbergh de grutte man yn Wetsens.

It Jellegat

It Jellegat (ek wol Jeltegat, Jaarlagat, Jaarlasleat) joech Wetsens in goede oansluting mei de Peazens. De ferbining mei de Suderie kaam letter om de ôfwettering fan West-Dongeradiel te ferbetterjen. Troch it tichtslykjen fan de mûning fan de Peazens yn de 15e iuw soarge dy iepen ferbining mei de Suderie gauris foar wetteroerlêst yn East-Dongeradiel, itjinge gauris ta striid late tusken de beide Dongeradielen. It lân om Wetsens hinne leit leech en ek dêr strûpte it lân der gauris ûnder.

Yn 'e rin fan de tiid waard om Wetsens hinne in protte leechfean ôfgroeven. Dat gie net allinne om der turf fan te meitsjen, mar ek om út it fean sâlt te winnen (moarnearje). It sil laat hawwe ta it ûntstean fan in grutte poel súdeastlik fan it doarp, de Wetsemer Mar. Fan dy ek hjoed-de-dei noch wiete stikken lân, mei in lege opbringst, gie oan it begjin fan de 21e iuw 0,7 hektare oer nei Natuermonuminten[3].

Mienskip

Jaerlawei

It doarp hat mei Nijewier in mienskiplike feriening foar Doarpsbelang. Yn Nijewier stiet ek it doarpshûs 'Nij Sion' fan de twa doarpen. De doarpen dogge in soad tegearre. Foar it ferieningslibben is Wetsens ek op de doarpen Easternijtsjerk en Mitselwier rjochte.

Tsjerke

De Terp mei de Fitustsjerke

Skoalle

Wetsens hat gjin eigen skoalle. De bern gyngen oant 2018 nei de kristlike basis 'By de Boarne' yn Nijewier. Tsjintwurdich binne de bern foar basisûnderwiis op de skoalle yn Easternijtsjerk oanwiisd.

Ferienings [4]

Befolkingsferrin

Jier 2013 2014 2015 2016 2017 2018 2019 2021
Ynwenners 63 53 55 55 55 55 55 55

Strjitten

Dokkumerwei, Fellingswei, Grytmanswei, It Heech, Jaarlawei, Kowereed, Opslach, Pypsterwei.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Wetterskip Fryslân, Ontwerp watergebiedsplan Dongeradeel, Wetzens; s. 32. Oktober 2012
  4. Side Nijewier-Wetsens

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje